Alderheljenkatedraal (Derby)

Alderheljenkatedraal
lokaasje
lân 20px Ingelân
County 20px Derbyshire
plak Derby
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 16e iuw, 17e iuw, 20e iuw
boustyl Gotyk, Neoklassisisme
oare ynformaasje
hichte 65 meter (toer)
webside Side katedraal

De Katedraal fan Derby of Alderheljenkatedraal (Ingelsk: Derby Cathedral; Cathedral of All Saints) is in monumintale Anglikaanske tsjerke yn de Ingelske stêd Derby. Yn 1927 waard de eardere parochytsjerke in katedraal yn it ramt fan de oprjochting fan it bisdom Derby. De oarspronklike Alderheljentsjerke waard stifte yn it midden fan de 10e iuw as in keninklike kollegiale tsjerke. Tsjintwurdich stamt de toer noch út de 16e iuw, wylst it skip foltôge waard yn 1725 en it koer yn de 20e iuw tafoege is.

Skiednis

De oarspronklike tsjerke waard nei alle gedachten om it jier 943 hinne boud troch de Angelsaksyske kening Edmund I as in keninklike kollegiale tsjerke. Fan dy bou binne gjin resten bewarre bleaun. Nei de Normandyske ferovering fan 1066 en neffens it Domesday Book fan 1086 wie de tsjerke eigendom fan de kening en bestjoerde in kolleezje fan sân preesters it gebou.

It gebou waard yn de 14e iuw wer opboud nei't de tsjerke earder sloopt wurde moast fanwegen brekfalligens. Ut de boutekeningen kin opmakke wurde dat dy tsjerke likernôch like grut wie as de hjoeddeiske tsjerke. Yn de jierren 1510–1532 waard yn de styl fan de Ingelske gotyk de tjintwurdige, 65 meter hege toer boud. De sânstien dêr't de toer fan boud is kaam út de tichteby lizzende ôfgraverij Duffield Bank.

Yn de tiid fan de ferfolging fan protestanten doe't Marije I fan Ingelân it lân bestjoerde (1553–1558) waard de bline frou Joan Waste (1534–1 augustus 1556) yn de tsjerke feroardiele ta de brânsteapel, om't hja wegere har protestantske leauwe op te jaan. Ynterieur Healwei de 17e iuw rekke it gebou jimmeroan brekfalliger en yn 1700 wie it net mear as in boufal. Yn febrewaris 1723 naam de dûmny fan de tsjerke op eigen manneboet it beslút om de âlde tsjerke te slopen. Foar dat doel hierde er in tal mannen yn om it gebou yn de nacht ôf te brekken. De ôfbraak wie no in feit en no moast der wol útein set wurde mei it ynsammeljen fan jild foar nijbou. De dûmny die in soad war om it nedige jild byinoar te krijen; ek levere er in grutte persoanlike finansjele bydrage. Syn krewearjen waard fêstlein op in plakkette yn it súdlike skip. De dûmny ûnderfûn by de útfiering in soad tûkelteammen en naam lang om let yn 1728 ûnstlach; hy ferstoar in oardeljier letter en liet in soad iepensteande skulden achter.

Wylst de âlde toer bewarre bleau, waard de rest fan de tsjerke boud neffens in neoklassisistysk ûntwerp fan de arsjitekt James Gibbs. Yn syn arsjitektuerboek skreau Gibbs oer de Alderheljentsjerke dat it moaier wie gjin galerijen oan te bringen, dy't neffens him krekt as banken de tsjerke ferpeste en dat de ienfâld fan it gebou it goedkeaper en better passend by de âlde toer makke. As kompinsaasje foar it sobere ynterieur liet Gibbs troch de lokale smit Robert Bakewell in smei-izeren koerhek meitsje oer de hiele breedte fan de tsjerke. De nijbou fan de tsjerke waard op 25 novimber 1725 yn gebrûk nommen.

Op 1 july 1927 waard de Alderheljentsjerke in katedraal. Letter, tusken 1967 en 1972, waard it gebou neffens in ûntwerp fan Sebastian Comper, de tsjerke nei it easten ta ferlingd mei in retrokoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:Derby Cathedral

Kategory:Katedraal yn Ingelân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Bouwurk út de 20e iuw


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Julie Christie
8 April 2012
A wonderful place to worship the Lord. Beautiful music is provided by Peter Gould & his choir & there is an approachable & friendly clergy. Services are inspiring & interesting.
Visit Derby
30 May 2012
Visit Derby and explore our brilliant Cathedral. Situated in the centre of Derby, England's tallest Cathedral tour is home to some historic tours as well as some rare nesting Peregrine Falcons!
Lee Nixon
16 February 2013
(Province of Canterbury, the Cathedral Church of All Saints, consecrated 1927) Home to a pair of nesting Peregrine Falcons that can be viewed from the installed webcam.
Carl Griffin
1 December 2015
Look out for the Perigrine Falcons that nest on the tower.
Susan Humphries
19 April 2013
A very different Cathedral plainer than mist but with a fabulous iron screen
Ben Ling
22 January 2012
Wide range of services including evensong, Russian Orthodox and alternative worship services.
Load more comments
foursquare.com
7.5/10
19,272 people have been here
Mon-Wed-Fri 8:00 AM–6:00 PM
Thu 8:00 AM–7:30 PM
Sat 9:00 AM–6:00 PM
Sun 7:30 AM–7:30 PM

Derby Cathedral on Foursquare

Alderheljenkatedraal (Derby) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Station Lodge - City Living, Close to the Station

starting $0

Holiday Inn Derby Riverlights

starting $182

Luxe Serviced Apartments

starting $294

SACO Derby - The Mill House

starting $160

Best Western The Stuart Hotel

starting $116

Days Hotel Derby

starting $56

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Derby Museum and Art Gallery

Derby Museum and Art Gallery was established in 1879, along with Derby

Add to wishlist
I've been here
Visited
Darley Abbey

Darley Abbey is a historic mill village, now a suburb of the city of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kedleston Hall

Kedleston Hall (·) is an English country house in Kedleston,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Breadsall Priory

Breadsall Priory is a former priory in Derbyshire. A house of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Elvaston Castle

Elvaston Castle (full name Elvaston Castle Country Park) is a country

Add to wishlist
I've been here
Visited
Horston Castle

Horston Castle (sometimes spelt Horeston) is situated about 1 mile to

Add to wishlist
I've been here
Visited
Swarkestone Hall Pavilion

Swarkestone Hall Pavilion also known as Swarkestone Stand and The

Add to wishlist
I've been here
Visited
Derwent Valley Mills

Derwent Valley Mills is a World Heritage Site along the River Derwent

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan St Albans

Sint-Albanuskatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral (Londen)

Pauluskatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
York Minster

Katedraal fan York

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Coventry

Katedraal fan Coventry

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral, Melbourne

St Paul's Cathedral, Melbourne, is the metropolitical and cathedral

See all similar places