De Baikal Mar of Bajkalmar (Russysk: Озеро Байкал, Ozero Baijkal; Boerjatysk: Байгал нуур, Baygal nuur) is in mar yn it suden fan Sibearje (Ruslân) ten suden fan it Baikalberchtme. Mei in maksimale djipte fan 1642 meter en de oerflakte fan 31.500 km² (ûngefear sa grut as Belgje) is de Baikalmar de djipste mar en it grutste swietwetterreservoir fan de wrâld. De etymology van de namme Baikal is ûnseker. Mooglik is der in ferbân mei it Turkske bai kul dat ryk mar betsjut of spesifiker it Jakoetske baigal dat mar, 'see' of bai-kyul dat ryk mar betsjut. It Jakoetsk is in Turkske taal.
De Baikalmar is de grutste swietwettermar fan Euraazje. Mjitten nei oerflak is de Boppemar (op de grins van de Feriene Steaten en Kanada) grutter. De ynhâld fan de Baikalmar is lykwols grutter as de ynhâld fan alle 'Grutte Marren' fan Amearika by elkoar. Berekend is dat de mar safolle swietfetter berget dat it yn it drinkwettterferlet fan de hiele wrâldbefolking foarsjen kinne koe foar in perioade fan 30 jier. It wurdt troch mear as 300 rivieren fiede, wêrfan de Selenga yn it suden de wichtichste is. De ienige ôffier is de Angara, wêrlâns de Bailkal Mar fia de Jenisej ôfwettert op de Noardlike Iissee.
De mar is ryk oan floara en fauna en herberget unike bistesoarten as de baikalrob (in swietwetterseehûn), de omoel, in houtingsoarte (salmeftige) en in hiele rige endemyske fliekreeftkes.
Sûnt 1996 stiet de Baikalmar op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.
Op 29 july 2008 berikte in Russyske ekspedysje yn in miny-ûnderseeër de boaiem fan de Baikalmar op in djipte fan 1580 meter.