Castles in Hochosterwitz

Boarch Hochosterwitz

EnMork and 1,829 more people have been here
7.7/10

Hochosterwitz De Boarch Hochosterwitz is in kastiel út de lette midsiuwen yn de Eastenrykse gemeente Sankt Georgen am Längsee, likernôch 8 kilometer eastlik fan de stêd Sankt Veit an der Glan. It kastiel leit op in 175 meter hege dolomytrots.

Skiednis

De boarch yn 1860 De berch dêr't de boarch op stiet waard al yn de brûnstiid bewenne. Nei alle gedachten lei der doe al in fêsting op de berch. Osterwitz (Alpenslavysk: Astarwizza - Skerpe berch) waard foar it earst yn 860 neamd. Wannear't it earste fort boud waard is ûnbekend, mar yn 1200 wurdt der foar it earst tynge fan dien. Oant it midden fan de 12e iuw wie it yn besit fan it aartsbisdom Salzburg, doe't de aartsbiskop as geunst foar de stipe oan de machtsstriid tusken de Roomsk-Dútske keizer en de paus fan Rome it kastiel as lien oerdroech oan de schencken fan Osterwitz. Yn de 15e iuw waard Georg fan Osterwitz, troch de Turken finzen nommen. Hy ferstoar yn 1476 yn de finzenis sûnder neiteam. De lêste fan de famylje wie Hans Osterwitz, mar dy hie in grutte skuld útstean by de keizer en moast om dy ôf te beteljen it kastiel opjaan. Nei fjouwer iuwen gyng de boarch op 30 maaie 1478 oer yn hannen fan keizer Ferdinand I.

Yn de folgjende tritich jier rekke de boarch troch it grutte tal Turkske oanfallen slim skeind. Op 5 oktober 1509 droech keizer Maksimiliaan I it kompleks oer oan Matthäus Lang von Wellenburg, yn dy tiid noch biskop fan Gurk en tsien jier letter de prins-biskop fan Salzburg, dy't it kompleks renovearje liet. De boarch waard yn 1541 as pân oerdroegen oan Georg von Khevenhüller, dy't it yn 1571 kocht. Sûnt dy tiid bleau de boarch sûnder ûnderbrekkings yn it besit fan deselde famylje. Khevenhüller liet de boarch fan 1570 oant 1583 yn syn hjoeddeiske oansjen útbouwe.

Beskriuwing

De wei nei de boarch giet omheech mei ferskate bochten oer in rotseftige omjouwing troch fjirtjin grutte poarten, itjinge it tige dreech makke de boarch yn te nimmen. De wei giet oer ravinen en djippe kleauwen, út en troch by útbeitele stikken rots lâns oant de wei by it kastiel komt. In twadde tagong, de Narrensteig, giet oer de steile westlike helling en is foar in part yn de rots úthoud. Dy tagong waard ûnder mei in ferdigeningsmuorre en net mear besteande oanbouwsels ôfsletten. Alle twa tagongen bestienen neffens in 13e-iuwske kronyk al fan ôf it iere begjin.

Neffens in oarkonde út 1388 bestie de boarch doe út in rjochthoekige ferdigeningstoer mei dêr op oansletten it paleis, in kapel en muorren mei kantelen en sjitgatten yn in tiid doe't de krúsbôge noch it wichtichste wapen wie. De kearn fan dit kompleks is in selsstannich bouwurk mei âldere ferdigeningswurken. De arsjitektuer fan de fan ferskate stiensoarten boude poarten binne it neamen wurdich. De gebouwen fan de kearnboarch omfiemje in binnenhôf, dat troch in restauraasjebedriuw brûkt wurdt. Yn de gebouwen is it Burgmuseum ûnderbrocht mei skilderijen, dokuminten en oare saken oer de skiednis fan de famylje Khevenhüller. Yn de kelders is njonken in útstalling fan fotografy in kontroverjeel stânbyld fan Margareta fan Tirol te sjen.

De tagong fan de oan de hillige Nikolaas wijde boarchkapel is yn de binnenhôf. Boppe it rûnbôgige portaal is in skilderij in fan de patroanhillige oanbrocht. It barokke alter yn de tsjerke toant de Hillige Famylje.

Yn de smidterij oan de bûtenkant fan de boarch wurde histoaryske wapens en harsassen makke en restaurearre. Dêrnjonken leit in systerne foar de opfang fan reinwetter.

Boarchtsjerke

It paad nei de oan Jehannes Nepomuk wijde boarchtsjerke giet troch ien fan de poarten oer in smel paad. De tsjerke wurdt altiten al troch de befolking brûkt. It portaal waard yn Itaalje makke en is û.o. fersierd mei de bustes fan de Tolve Apostels en Kristus. It heechalter is barok en toant de patroanhillige fan de tsjerke.

Om't yn dy tiid de katolike parochy fan Villach de bysetting fan de protestantske frijhear fan Khevenhüller yn harren domtsjerke wegere, is de Jehannes Nepomyktsjerke sûnt 1607 de grêftsjerke fan de famylje,

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :de:Burg Hochosterwitz

Hochosterwitz Kategory:Bouwurk út de 11e iuw


Categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Jo R
27 June 2013
Go up by elevator. It is impressive. And down on foot. ;)
Anastasia P
28 February 2015
Breathtaking beauty!
Load more comments
foursquare.com
Location
Map
Address

Get directions
Open hours
Mon-Sun 10:00 AM–5:00 PM
References

Burg Hochosterwitz on Foursquare

Boarch Hochosterwitz on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Hotel Fuchspalast

starting $66

Hotel Aragia

starting $75

ARCOTEL Moser Verdino

starting $81

Hotel Palais Porcia

starting $87

Hotel Goldener Brunnen

starting $104

Biolandhaus Arche

starting $80

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Filialkirche St. Sebastian (Launsdorf)
Austria

Filialkirche St. Sebastian (Launsdorf) is a tourist attraction, one

Add to wishlist
I've been here
Visited
Saint George's Abbey, Längsee
Austria

Saint George's Abbey, Längsee (Deutsch: Stift St. Georgen) is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burg Mannsberg
Austria

Burg Mannsberg is a tourist attraction, one of the Castles in Boden,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burgruine Liebenfels
Austria

Burgruine Liebenfels is a tourist attraction, one of the Ruins in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burgruine Taggenbrunn
Austria

Burgruine Taggenbrunn (Deutsch: Burg Taggenbrunn) is a tourist

Add to wishlist
I've been here
Visited
Virunum
Austria

Virunum is a tourist attraction, one of the Archaeological sites in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burgruine Waisenberg
Austria

Burgruine Waisenberg is a tourist attraction, one of the Castles in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burgruine Hardegg
Austria

Burgruine Hardegg is a tourist attraction, one of the Ruins in

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Neuschwanstein Castle
Dútslân

Neuschwanstein Castle (Deutsch: Schloss Neuschwanstein) is a tourist

Add to wishlist
I've been here
Visited
Prague Castle
Tsjechje

Prague Castle (Čeština: Pražský hrad) is a tourist attraction, one of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Castel Sant'Angelo
Itaalje

Castel Sant'Angelo is a tourist attraction, one of the Castles in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Slot Frederiksborg
Denemark

Slot Frederiksborg

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lednice–Valtice Cultural Landscape
Tsjechje

Lednice–Valtice Cultural Landscape (Čeština: Lednicko-valtický areá

See all similar places