De bôge fan Galerius is in momumint yn de Noard-Grykse stêd Thessaloniky. It monumint is boud yn de 4e ieu ter eare fan de Romeinske keizer Galerius.
De bôge fan Galerius stiet yn de Dimitrios Gounari Strjitte, in strjitte dy't eartiids it sintrum wie fan Thessaloniky, om-ende-by 1.5 km east-noard-east fan it moderne sintrum fan de stêd. De bôge waard boud yn 305 AD, om de oerwinning te fieren dy't Galerius helle hie op de Perzen. Oarspronklik bestie de struktuer fan it gebou út fjouwer grutte pylders op alle siden en twa smelle pylders oan de foarkant dat oarspronklik de iepening wie fan in sintrale koepel
Yn distiid bestiet it monumint allinnich noch út trije pylders mei dêr boppe-op in part fan in bakstiennen mitselwurk. De oare parten binne fernield, nei alle gedachten troch ierdskoddinggen, dy't Thessaloniky troffen hawwe yn de rin fan de tiid. De twa wichtigste pylders binne bedekt mei platte stiennen skulpturen marbles, dy't in foarstelling jouwe fan de krigen fan Galerius. De sintrale iepening is 9.7 meter wiid en 12.5 meter heech en de twadde iepening is 4.8 meter breed en 6.5 meter heech.