De Deade See (Arabysk: بحر ميت; Hebrieusk: ים המלח) is in mar op de grins tusken Israel yn it westen en Jordaanje yn it easten. De mar leit 422 meter ûnder it seenivo en it lân oan de iggen om de mar hinne formje it leechste punt fan de ierde. De mar sels is 378 meter djip. De mar is foaral bekend wurden om de 34% sâlt yn it wetter, dêrtroch is it de meast sâlte mar op ierde.