Grutte Marren

De fiif Grutte Marren út de romte wei sjoen. De Grutte Marren (Ingelsk: Great Lakes) binne de fiif grutte binnenwetters yn eastlik Noard-Amearika, dy't op of fuortby de grins lizze tusken de Feriene Steaten en Kanada. De Grutte Marren binne: de Boppemar (Lake Superior), de Hueronmar (Lake Huron), de Michiganmar (Lake Michigan), de Earymar (Lake Erie) en de Ontariomar (Lake Ontario). De Michiganmar leit as iennichste fan 'e fiif folslein op it grûngebiet fan 'e Feriene Steaten, wylst de oare fjouwer op 'e grins lizze. De term Grutte Marren wurdt ek wol brûkt as oantsjutting foar de Grutte Marrekrite yn eastlik Afrika. It oerflak fan 'e Grutte Marren. De djipte fan 'e Grutte Marren.

It lân om 'e Grutte Marren hinne is ryk oan dylchstoffen as izererts, nikkel, koper, lead, sink, goud, sulver en asbest. Foar it transport dêrfan en ek foar it ferfier fan stienkoal binne de marren fan grut ekonomysk belang.

Slûzen

De slûzen by Sault Ste. Marie, de saneamde Sault Locks (útsprutsen as [su: lɔks], en ek wol min ofte mear fonetysk skreaun as Soo Locks), meitsje it foar de skipfeart mooglik om fan 'e Boppemar (183 m boppe de seespegel) nei de Michiganmar en de Hueronmar (beide 177 m boppe seenivo) te farren. Hjirmei wurdt de rivier de St. Marys mijd. Dizze slûzen binne de droksten fan 'e wrâld. Jiers wurde der 12.000 skippen skutten en dat nettsjinsteande it feit dat de slûzen tusken jannewaris en maart sluten binne fanwegen iisfoarming yn 'e marren. De Grutte Marren.

De slûzen by Buffalo, yn it Wellandkanaal, meitsje skipfeart tusken de Earymar en de Ontariomar mooglik. Dat kanaal waard yn 1833 groeven om 'e Niagarawetterfallen te omsilen, mar wie troch grutte konstruksjeflaters net botte súksesfol. De folgjende twa kanalen wiene dat likemin. It hjoeddeiske, fjirde, kanaal waard groeven tusken 1913 en 1932 en is 43,5 km lang en 9 m djip. Yn it kanaal lizze acht slûzen dy't de skippen fan 175 m boppe seenivo sakje litte nei 75 m boppe seenivo.

Sint-Lawrenceseewei

De Sint-Lawrenceseewei is de skipfeartrûte fanôf de Grutte Marren nei de rivier de Sint-Lawrence en de Atlantyske Oseaan. Dy rûte bestiet út njoggen slûzen tusken de Ontariomar en de rivier. Skippen gean dêrmei omleech fan 75 m nei 6 m boppe seenivo. Troch de seerûte kinne skippen út Duluth, Thunder Bay, Chicago, Cleveland en Buffalo de oseaan berikke.

Illinois- en Michigankanaal

Yn 1848 is it Illinois- and Michigankanaal iepensteld, wêrmei't de Grutte Marren yn ferbining kamen mei it streamgebiet fan 'e rivier de Mississippy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Kategory:Mar yn de Feriene Steaten Kategory:Mar yn Kanada Kategory:Geografy fan Illinois Kategory:Geografy fan Indiana Kategory:Geografy fan Michigan Kategory:Geografy fan Minnesota Kategory:Geografy fan New York Kategory:Geografy fan Ohio Kategory:Geografy fan Ontario Kategory:Geografy fan Pennsylvania Kategory:Geografy fan Wiskonsin


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Grutte Marren yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)

Hotels nearby

See all hotels See all
Best Western of Alpena

starting $94

Ramada by Wyndham Alpena

starting $53

Holiday Inn Express & Suites Alpena - Downtown

starting $143

Days Inn by Wyndham Alpena

starting $57

Baymont by Wyndham Gaylord

starting $133

Americas Best Value Inn - Gaylord, MI

starting $60

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Dinosaur Gardens Prehistorical Zoo

Dinosaur Gardens Prehistorical Zoo is an offbeat tourist attraction

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lumberman's Monument

Lumberman's Monument is a monument dedicated to the workers of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Hueronmar

Hueronmar

Add to wishlist
I've been here
Visited
Manitoulin (eilân)

Manitoulin (rôze) yn 'e provinsje Ontario.

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cove Island Light

The Cove Island Light, located in Fathom Five National Marine Park, on

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bridal Veil Falls (Manitoulin Island)

Bridal Veil Falls is a waterfall near the town of Kagawong on

Add to wishlist
I've been here
Visited
Historic Mill Creek State Park

Historic Mill Creek State Park is a state park, nature preserve, and

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lake Manitou

Lake Manitou is the largest lake on Manitoulin Island in Canada. It is

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Jökulsárlón

Jökulsárlón is the best known and the largest of a number of gl

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lake Pukaki

Lake Pukaki is the largest of three roughly parallel alpine lakes

Add to wishlist
I've been here
Visited
Minnewater

Minnewater or Love Lake is a lake in the center of Bruges, Belgium

Add to wishlist
I've been here
Visited
Meiktila Lake

Lake Meiktila (Burmese: မိတ္ထီလာကန် ]) is a lake located near Meiktila

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dique do Tororó

O Dique do Tororó é o único manancial natural da cidade de Sa

See all similar places