Gruttere Himelfearttsjerke (Moskou)

Gruttere Himelfearttsjerke

Большое Вознесение

lokaasje
lân 20px Ruslân
plak 20px Moskou
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1798-1816
boustyl Empire
oare ynformaasje
webside bolshoevoznesenie.ru

De Gruttere Himelfeartsjerke (Russysk: Большое Вознесение) is in otterdokske tsjerke yn Moskou. Om betizing mei in tichtebylizzende tsjerke mei deselde namme tefoarren te kommen is it wurd "gruttere" yn de namme opnommen. De parochy falt ûnder it sintrale dekanaat fan it bisdom Moskou.

Skiednis

De earste fermelding fan in tsjerke op dit plak datearret út 1619. Dat wie doe noch in houten tsjerke. Yn de jierren 1685-1689 waard op it plak in nije stiennen tsjerke boud. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1798 en 1816 boud. Nei de grutte brân fan Moskou yn 1812 baarnde de noch net foltôge tsjerke ôf. Utsein de klokketoer waard de tsjerke neffens nije tekeningen fan Afanasy Grigorjev en Fjodor Michailovitsj Sjestakova wer opboud. Aleksander Pûsjkin boaske yn 1831 yn de refter fan de tsjerke oan Natalia Gonsjarova. Yn 1830 foege Osip Ivanovitsj Bove de portiko's oan de noardlike en súdlike gevels ta en earst yn 1845 wie de tsjerke klear.

De âlde 17e-iuwske klokketoer yn 1882 (N.A.Naidenov) In soad parochianen fan de tsjerke kamen út de bettere fermiddens en wiene fertsjintwurdigers fan de yntelliginsia, de adel en hannelslju. Yn 1863 wie hjir de begraffenis fan de bekende Russyske toanielspiler Michail Semjonowitsj Sjtsjepkin en yn 1928 dy fan de aktrise Marija Nikolajevna Jermolova. Op 13 novimber 1917 waard de begraffenis holden fan de kadetten en ofsiers dy't ûnder de bolsjewistyske opskuor yn 1917 tidens de gefechten it libben lieten. Yn 1920 lies de operasjonger Fjodor Sjaljapin yn de tsjerke út it evangeelje tidens de brulloft fan syn dochter Irina.

De tsjerke ûnder it Sovjet-tiidrek

Nei de oktoberrevolúsje bleau de tsjerke noch iepen oant 1931. Ear't er ûnder fertochte omstannichheden ferstoar, fierde patriarch Tichon yn de Himelfearttsjerke foar it lêst yn syn libben in Godlike Liturgy. Nei't de tsjerke sletten waard yn 1931 waard de tsjerke oanpast oan in nije bestimming. De ikonostase waard ôfbrutsen en de ikoanen noch yn de tsjerke sels ferbaarnd, der waarden flierplaten lein, muorren oerskildere en oare muorren oplutsen. De âlde 17e iuwske klokketoer, it iennichste oerbliuwsel fan in eardere tsjerke op it plak, waard yn 1937 ôfbrutsen en ferfongen troch in stânbyld fan Aleksej Tolstoj (de "Reade Graaf"). Yn de jierren 1960 krige in enerzjy-organisaasje it gebou yn hannen en letter tsjinne it gebou as konserthal.

De weromjefte oan de Tsjerke

Yn 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-otterdokske Tsjerke en fan ôf 23 septimber fan dat jier waarden der wer tsjinsten fierd. Tagelyk waard der in begjin makke oan de restauraasje fan it ynterieur en yn de jierren 1993-1994 waarden de gevels ûnder hannen nommen.

Oan de westlike kant fan de tsjerke waard yn de jierren 2002-2004 in nije 61 meter hege klokketoer boud. It is gjin rekonstruksje fan de âlde 17e iuwske klokketoer, mar in ûntwerp op basis fan in net realisearre plan fan de 19e iuwske arsjitekt F.N. Sjestakov.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

Kategory:Bouwurk yn Moskou Kategory:Tsjerkegebou yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 1619 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1685 Kategory:Bouwurk út 1689 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1798 Kategory:Bouwurk út 1816


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Gruttere Himelfearttsjerke (Moskou) yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)
6.0/10
1,043 people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Hyatt Regency Moscow Petrovsky Park

starting $256

Hotel National a Luxury Collection Hotel Moscow

starting $293

The Ritz-Carlton, Moscow

starting $1950

Four Seasons Hotel Moscow

starting $755

Veliy Hotel Mokhovaya Moscow

starting $102

Landmark Hostel Arbat

starting $10

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Hôtel particulier Riabouchinski

Особняк С. П. Рябушинского (А. А. Рябушинской) —

Add to wishlist
I've been here
Visited
Никитские Ворота (площадь)

Пло́щадь Ники́тские Воро́та; Никитские ворота (назван

Add to wishlist
I've been here
Visited
У Никитских ворот

Московский Государственный Театр «У Ники́тских воро́т» под руководс

Add to wishlist
I've been here
Visited
Théâtre sur Malaïa Bronnaïa

Le Théâtre dramatique sur Malaïa Bronnaïa (en rus

Add to wishlist
I've been here
Visited
Музей Востока

Sharq muzeyi — jahondagi eng yirik muzeylardan biri. Moskvada 1918 y

Add to wishlist
I've been here
Visited
Gnessin State Musical College

The Gnessin State Musical College (Государственный музыкальный ко

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bolshaya Bronnaya Synagogue

The Bolshaya Bronnaya Synagogue (Russian: Московская Синагога

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mayakovsky Theatre

Mayakovsky Theater (Russian: Театр Маяковского; Московский акад

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Sagrada Familia

De Sagrada Familia (Hillige Famylje) is in tsjerke yn de Katalaanske

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sanctuary of Fátima

The Sanctuary of Fátima (Portuguese: Santuário de Fátima), also kn

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bom Jesus do Monte

Bom Jesus do Monte is a Portuguese sanctuary in the surroundings of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Crystal Cathedral

The Crystal Cathedral is a Protestant Christian megachurch in the city

Add to wishlist
I've been here
Visited
Ferlossertsjerke (Kopenhagen)

Tsjerke fan de Ferlosser

See all similar places