Modern art museums in New York

Guggenheim Museum (New York)

8.7/10

Bûtekant Museum Binnenside Ljochtkoepel Foar de Spegel ([[Edouard Manet)]] It Guggenheim Museum New York, offisjeel it Solomon R. Guggenheim Museum, op 5th Avenue yn New York City is ien fan de fiif Guggenheim museums oer de hiele wrâld neist Guggenheim Hermitage Museum yn Las Vegas, it Museo Guggenheim yn Bilbao, Deutsche Guggenheim yn Berlyn en Peggy Guggenheim Collection yn Feneetsje.

De musea meitsje allegear diel út fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.

It is in museum foar moderne keunst mei benammen skilderkeunst fan de 20e iuw en ien fan de wichtichste musea foar moderne keunst.

It oarspronklike gebou is in museumstik op himsels troch syn bysûndere foarmjouwing. De tentoanstellingsromte bestiet út in spiraalfoarm, dy't him ek bûten manifestearret. De keunstwurken wurde tentoansteld lâns in spiraalfoarmich ferrinnende helling dy't it hiele gebou trochgiet. It sintrale diel fan de romte, dy't oer alle ferdjippings, foar safier't der hjir fan ferdjippings sprutsen wurde kin, trochrint, is ôfdekt troch in grutte ljochtkoepel. It is ûntwurpen troch de Amerikaanse arsjitekt Frank Lloyd Wright yn gearwurking mei Hilla von Rebay fan de Solomon R. Guggenheim Foundation.

It Guggenheim Museum begûn as museum foar de priveekolleksje fan Solomon R. Guggenheim. Yn 1956 waard mei de bou begûn en op 21 oktober 1959 gie it museum yn New York iepen. Wright ferstoar in heal jier foar de iepening. Yn 1992 kaam ín útwreiding klear en waard de museumromte ferdûbele mei in tsjien ferdjippings hege toer, wat al troch Wright foarsjoen waard yn syn plannen. Arsjitekt fan de útwreiding wie Gwatthmey Siegel & Associates. Yn 2006 en 2007 waard it gebou oan de bûtenkant folslein restaurearre.

De keunstwurken dy't hjir tentoansteld wurde fariearje fan Moderne keunst, sawol Europeesk en Amerikaansk (pop-art) oant renomearre artysten as Picasso. De spiraalfoarmige galerij wurdt brûkt foar wikseltentoanstellings; yn it fjouwerkante diel fan it museum wurdt mar in diel fan de fêste kolleksje, wêrûnder de Thannhauser-kolleksje, toand. De permaninte kolleksje wurdt fierder toand yn de fiif oare Guggenheim-museums en jouwe in goed oersjoch fan de plastyske keunst yn de 20e iuw.

Inkele wurken binne:

  • Parys, út it finster wei sjoen - Marc Chagall
  • Giele Ko - Franz Marc
  • Neaken - Amedeo Modigliani
  • Blûne Frou - Picasso
  • Strikende Frou - Picasso
  • Foar de Spegel - Edouard Manet
  • Frou mei Faas - Fernand Léger
  • Zwarte Linen - Wassily Kandinsky
  • De Skriemende Krokkedil - Karel Appel

Keunststreamingen

Yn it Guggenheim Museum binne benammen keunstwurken fan de streamingen fan de Moderne Keunst en Hjoeddeiske keunst te sjen lykas:

  • Postympresjonisme
  • Modernisme
  • Ekspresjonisme
  • Dadaïsme
  • Neoplastisisme
  • Surrealisme
  • Abstrakt ekspressjonisme
  • Neokonseptualisme

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Kategory:Museum yn New York


Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Time Out New York
28 June 2013
Hidden behind the wall at the first bay near the rotunda is a ceramic tile mural done by Joan Miró. The work was commissioned by museum trustee Harry F. Guggenheim in 1963 to honor his late wife.
Solomon R. Guggenheim Museum
Frank Lloyd Wright originally intended for Guggenheim visitors to take the elevator up and stroll down the ramps. Today, exhibitions are viewed both ways. The choice is yours!
Load more comments
foursquare.com
Location
Map
Address

1071 5th Ave, New York, NY 10128, USA

Get directions
Open hours
Mon-Wed-Fri-Sun 10:00 AM–5:45 PM
Sat 10:00 AM–7:45 PM
References

Solomon R Guggenheim Museum on Foursquare

Guggenheim Museum (New York) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Andaz 5th Avenue-a concept by Hyatt

starting $606

Bryant Park Hotel

starting $445

Archer Hotel New York

starting $439

Courtyard New York Manhattan/Fifth Avenue

starting $359

Library Hotel

starting $503

The Cozy Studio

starting $187

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Neue Galerie
United States

Neue Galerie is a tourist attraction, one of the Museum in New York,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Metropolitan Museum of Art
United States

It Metropolitan Museum of Art is ien fan de grutste en wichtichste

Add to wishlist
I've been here
Visited
Central Park
United States

Central Park is a tourist attraction, one of the Urban public parks

Add to wishlist
I've been here
Visited
Belvedere Castle
United States

Belvedere Castle is a tourist attraction, one of the Folly buildings

Add to wishlist
I've been here
Visited
Fifth Avenue
United States

Fifth Avenue is a tourist attraction, one of the Famous streets in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Whitney Museum of American Art
United States

Whitney Museum of American Art is a tourist attraction, one of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Museum of the City of New York
United States

Museum of the City of New York is a tourist attraction, one of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Hayden Planetarium
United States

Hayden Planetarium is a tourist attraction, one of the Planetaria in

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Museum of Modern Art
United States

Museum of Modern Art is a tourist attraction, one of the Modern art

Add to wishlist
I've been here
Visited
San Francisco Museum of Modern Art
United States

San Francisco Museum of Modern Art is a tourist attraction, one of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Musée National d'Art Moderne
Frankryk

Musée National d'Art Moderne (Français: Musée national d'Art mo

Add to wishlist
I've been here
Visited
National Gallery of Canada
Canada

National Gallery of Canada is a tourist attraction, one of the Modern

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sursock Museum
Libanon

Sursock Museum (العربية: قصر سرسق) is a tourist attraction, o

See all similar places