Hannover is in stêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd leit oan rivier de Leine.
De CeBIT is de grutste kompjûterbeurs fan de wrâld en wurdt ienris yn it jier yn de Hannover Messe holden. Yn it jier 2000 wie de wrâldútstalling Expo 2000 yn Hannover.
Tusken 1814-1866 wie Hannover de haadstêd fan it Keninkryk Hannover.
Yn 2006 wie Hannover ien fan de stêden dêr't it WK fuotbal holden waard.