Haritsjavank

Haritsjavank

Հառիճավանք

lokaasje
lân 20px Armeenje
Provinsje Sjirak
plak Haritsj
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 7e iuw-13e iuw; 19e iuw

Haritsjavank (Armeensk: Հառիճավանք) is in Armeensk kleaster út de 7e iuw. It kleaster stiet by it doarp Haritsj (Հառիճ) yn de provinsje Sjirak fan de Republyk Armeenje. It doarp leit 3 kilometer súdeastlik fan de stêd Artik.

Skiednis

Haritsjavank is ien fan de grutste en bêst bewarre kleasters fan Armeenje. Alhoewol't it jier fan oprjochting ûnbekend is, foel de stifting mooglik gear mei de bou fan de earste tsjerke yn de 7e iuw. Oan it ein fan de 12e iuw waard in nije tsjerke boud en krige it kompleks ferdigeningsmuorren en in tal nije tsjinstromtes.

De privileezjes fan de foarsten droegen by oan de ûntwikkeling fan it kleaster as in kultureel en fernijend sintrum fan it midsiuwske Armeenje. Oan it ein fan de 12e en begjin fan de 13e iuw waarden der twa monumintale narteksen boud fan grutte stiennen, guon mei in ôfmjitting fan 3,5 meter.

Yn de iuwen dêrnei fûnen der meardere rekonstruksjes plak en waarden der kapellen en oare gebouwen byboud. Foaral yn de twadde helte fan de 19e iuw ûndergyng it kleaster in grutte ferbouwing doe't it yn 1850 de simmerresidinsje waard fan de Katolikos fan Edzjmiatsin. Der fûn in noardlike útwreiding plak dy't ek in muorre mei tuorren krige. Nije gebouwen waarden tafoege lykas kantoaren, in refter mei in keuken en in bakkerij, in skoalle en ferbliuwen foar muontsen, in herberch, winkels en skuorren foar it fee. Ek krige it kleaster in plantekas. It kleaster hat oars as wênst gjin tsjerkhôf.

Tsjerken

Grûnplan fan de tsjerken en de narteks

It âldste gebou fan it kleasterkompleks is de 7e iuwske Gregoariustsjerke (Sûrb Grigor), dy't boud is ûnder de arsjitekturale ynfloed fan de Jehannes de Dopertsjerke fan Mastara. De Gregoariustsjerke is in sintraalbou mei oan eltse side in like grutte apsis dy't fan binnen healrûn en fan bûten fiifhoekich is. Tsjin it ein fan de 12de iuw waard súdlik fan de Gregoariustsjerke in gavit (in soarte fan narteks) tafoege, tsjintwurdich in ruïne. Noardlik waard in noch besteande yn 1224 gavit oanboud. De haadtsjerke is de Mem Gods-tsjerke (Sûrb Astvatsatsin), dy't yn 1201 boud waard.

Súdlik fan de Gergoariustsjerke leit de ruïne fan in oare, 7e iuwske narteks.

Súdwestlik fan it kleaster stiet op in steile rots in kapel. In ierdskodding hat de rots losskuord, sadat it gebou tsjintwurdich net sûnder klimtechnyk tagongklik is.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Kategory:Kleaster yn Armeenje Kategory:Bouwurk út de 7e iuw Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk út de 19e iuw


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Karen Rafayelyan
10 August 2013
Տաթևից շատ կսիրեմ..
Load more comments
foursquare.com
6.0/10
2,152 people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Caucasus Hotel

starting $41

Latar Hotel Complex

starting $155

Golden Palace Hotel Resort & Spa GL

starting $111

Tsaghkadzor Marriott Hotel

starting $99

Elegant Hotel & Resort

starting $70

North Star Hotel

starting $56

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Mount Aragats

Mount Aragats (Armenian: Արագած) is a large andesitic-to-dacitic strat

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lake Kari

Lake Kari (Հայերեն. Քարի լիճ) is a lake in Armenia located in th

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mother Armenia, Gyumri

Mother Armenia (Armenian: Մայր Հայաստան Mayr Hayastan) monumental

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sev Berd

Sev Berd or Black Fortress (Armenian: Սև բերդ; Russian: Чёрна

Add to wishlist
I've been here
Visited
Тигніс (фортеця)

Тигніс (вірм. Տիգնիս) — середньовічна вір

Add to wishlist
I've been here
Visited
Baghaberd

Baghaberd (Հայերեն. Բաղաբերդ; also David Bek's Castle) is a 4th to 12

Add to wishlist
I've been here
Visited
Vahramashen Church

The Vahramashen Church (Armenian:Վահրամաշէն եկեղեցի}}

Add to wishlist
I've been here
Visited
Amberd

Amberd (Հայերեն. Ամբերդ, also known as Anberd (Հայերեն. Ան

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Bellapais Abbey

Bellapais Abbey (also spelled Bellapaïs) is the ruin of a monastery

Add to wishlist
I've been here
Visited
聖露西亞聖殿

聖露西亞聖殿(葡萄牙語:-{Santuário de Santa Luzia}-)位於葡萄牙維亞納堡,供奉耶穌聖心

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mission Santa Barbara

Mission Santa Barbara, also known as Santa Barbara Mission, is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Abdij fan Westminster

Abdij fan Westminster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Monastery of Serra do Pilar

The Monastery of Serra do Pilar is a former monastery located in Vila

See all similar places