Hillich Krústsjerke
Церковь Святого Креста | ||
lokaasje | ||
lân | 20px Ruslân | |
oblast | 20px Rostov | |
plak | 20px Rostov oan de Don | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1786—1792 | |
boustyl | Klassisisme |
De Tsjerke fan it Hillich Krús (Russysk: Церковь Святого Креста; Armeensk: Սուրբ Խաչ Surb Chatsj) is in Armeensk-otterdokse tsjerke út de 18e iuw yn Rostov oan de Don, Ruslân. De tsjerke waard yn it doedestiidske Nor Nachitsjevan boud, letter in stedswyk fan Rostov oan de Don, foar de Armeenske kolonisten út de Krim. Oarspronklik wie de tsjerke it sintrum fan in kleaster, dat ta oantinken oan it Armeenske Hillig Krúskleaster op de Krim oprjochte wie. It is tsjintwurdich it âldste noch bewarre gebou fan Rostov oan de Don. De Hillig Krústsjerke waard boud yn klassistyske styl.
De tsjerke mei dêrom hinne in stiennen ôffreding wurdt omjûn troch in park en stiet op in hege lokaasje oan de rjochter kant fan in noardlike ôftakking fan de Temernik. Under de heuvel dêr't de tsjerke op stiet is oan de eastlike kant fan de stiennen trep in boarne. It wetter fan de boarne wurdt opfongen yn in bassin dêr't de Epifany fierd wurdt mei de ûnderdompeling yn it wetter.
De Armenen namen yn de 18e iuw fan it Hillig Krúskleaster op de Krim in 6e-iuwsk chatsjkar (in krússtien) mei nei Nor Nachitsjevan.
De tsjerke mei de doe noch besteande klokketoer op in foto fan 1900-1917) Mei de bou fan de tsjerke en it kleaster waard begûn yn de jierren 1780. Nei in boutiid fan seis jier koe de tsjerke ynwijd wurde. Yn 1862 waard de tsjerke fferboud en by de westlike gevel fan de tsjerke kaam in frijsteande klokketoer te stean, dy't net bewarre bleaun is en yn de 20e iuw ferlern gyng. Eastlik fan de tsjerke stie in twa ferdjippings tellend gebou foar de biskop dêr't ek in skoalle, in seminaarje, de earste drukkerij fan Súd-Ruslân en in biblioteek yn ûnderbrocht wie. Dit biskoplike gebou bleau likemin bewarre. Foar de Oktoberrevolúsje hearde by it kleaster ek noch ûngefear 50 hektare lân, dat foar boulân en kwekerijen ferhierd waard.
Nei de revolúsje waard it kleaster sletten en krigen de kleastergebouwen de funksje fan weeshûs. De tsjerke bleau noch iepen oant 1931. Nei de sluting fan de tsjerke waard it gebou oan in sovchoz tawiisd, dy't de tsjerke as nôtskuorre brûkte. Yn 1935 gyng de klokketoer ferlern en om deselde tiid hinne ek de kleastergebouwen.
Yn it midden fan de jierren 1960 wie de tsjerke sa fertutearze, dat der oan ôfbraak tocht waard. De skilder Martiros Sarian, dy't oarspronklik út Nor Nachitsjevan kaam en him letter nei wenjen setten hie yn de Armeenske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, loek him it lot fan de tsjerke oan en sa waard tefoarren kommen dat de ôfbraak troch gyng. Tusken 1968 en 1972 waard de tsjerke restaurearre en dêrnei waard der it Museum fan Russysk-Armeenske Freonskip iepene. It bleau sûnt in museum, mar yn maart 2007 naam de oerheid it beslút dat de tsjerke oerdroegen wurde moast oan de Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Op 8 septimber 2008 wijde Karekin II, de katolikos fan alle Armenen, de tsjerke wer yn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|
Kategory:Rostov oan de Don Kategory:Tsjerkegebou yn Ruslân Kategory:Armeenske minderheid yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 1792