Kastiel fan Kildrummy

De ruïnes fan it Kastiel fan Kildrummy. It Kastiel fan Kildrummy (Ingelsk: Kildrummy Castle) is âlde fêsting yn it greefskip Aberdeenshire, yn it noardeasten fan Skotlân. Yn dy kontrei is it ien fan 'e bêst bewarre bleaune trettjinde-iuwske kastielen, nettsjinsteande dat it in ruïne is. Foarhinne wie it de sit fan 'e greven fan Mar. Tsjintwurdich is it eigendom fan Historic Scotland, de Skotske rykstsjinst foar it behear fan monuminten, en kin it besichtige wurde troch it publyk. De Wardens Tower.

Skiednis

It Kastiel fan Kildrummy waard mids trettjinde iuw boud yn opdracht fan Gilbert fan Moray, de letter hillich ferklearre biskop fan Caithness. It tinken is dat it fêstingwurk op dit plak set is, om in rûte troch it Grampian-berchtme te behearskjen.

Om it Kastiel fan Kildrummy is yn 'e skiednis ferskate kearen fochten. Sa waard it yn 1306, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, belegere troch de Ingelsen, doe't de famylje fan 'e Skotske kening Robert I der beskûl socht hie. By dy gelegenheid waard it Skotske garnizoen oanfierd troch Robert syn jongere broer Neil fan Bruce, dy't him úteinlik oerjaan moast, wêrnei't er yn opdracht fan 'e Ingelske kening Edwert I terjochtsteld waard yn Berwick-upon-Tweed. Yn 1335, ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, waard it Kastiel fan Kildrummy fannijs belegere, diskear troch de troepen fan David III fan Strathbogie, in Skotske ealman dy't it mei de Ingelsen hold. It kastiel waard doe ferdigene troch Kristina fan Bruce, in suster fan Robert I, dy't it úthold oant har man Andréas fan Murray har ûntsette.

Yn 1374 waard de erfgenamte fan it Kastiel fan Kildrummy, Isabella Douglas, grevinne fan Mar, ûntfierd en ta trouwen twongen troch de ealman Aleksander Stewart, dy't him neitiid it kastiel en de titel 'greve fan Mar' ta-eigene. Yn 1435 kaam it kastiel yn 'e hannen fan kening Jakobus I fan Skotlân, wêrnei't it in keninklike residinsje waard oant it yn 1507 oan Alexander Elphinstone jûn waard. Neitiid wie it Kastiel fan Kildrummy yn it besit fan 'e Klan Elphinstone en letter fan 'e Klan Erskine, foar't it yn 1716 leech kaam te stean nei de Jakobityske Opstân fan 1715. Yn 1951 waard it kastiel oerdroegen oant Britske Ministearje fan Publike Wurken, wêrfan't it Skotske diel yn 1991 omfoarme waard ta Historic Scotland.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kildrummy


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Kastiel fan Kildrummy yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)
4.1/10
856 people have been here
Map
0.4km from A97, Alford AB33, UK Get directions

Kildrummy Castle on Foursquare

Kastiel fan Kildrummy on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Hilton Grand Vacations at Craigendarroch Suites

starting $183

The Auld Kirk

starting $111

Loch Kinord Hotel

starting $117

Allargue Arms Hotel

starting $82

Morven Lodge

starting $148

The Deeside Inn

starting $120

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
St Mary's Kirk, Auchindoir

St Mary's Kirk at Auchindoir, between Rhynie and Lumsden, in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Craigievar Castle

Craigievar Castle is a pinkish harled castle six miles (10 km) south

Add to wishlist
I've been here
Visited
Corse Castle

Corse Castle near Lumphanan in Aberdeenshire, now ruined, was a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Wormy Hillock Henge

Wormy hillock henge is a small henge in Aberdeenshire, Scotland. It is

Add to wishlist
I've been here
Visited
Forbes Castle

Forbes Castle (or Castle Forbes) is a 19th-century Scots Baronial

Add to wishlist
I've been here
Visited
Corgarff Castle

Corgarff Castle is located slightly west of the village of Corgarff,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Auchindoun Castle

Auchindoun Castle is a 15th-century L-Plan tower castle located in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Knock Castle (Aberdeenshire)

Knock Castle is a ruined tower house in Aberdeenshire, north-east

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Dunnottar Castle

Dunnottar Castle is a ruined medieval fortress located upon a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dunluce Castle

Dunluce Castle (Irish: Dún Lios, 'strong fort') is a now-ruined

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dirleton Castle

Dirleton Castle is a medieval fortress in the village of Dirleton,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Portchester Castle

Portchester Castle is a medieval castle and former Roman fort at

Add to wishlist
I've been here
Visited
Huntly Castle

Huntly Castle is a ruined castle in Huntly in Aberdeenshire, Scotland.

See all similar places