Anglican cathedrals in Coventry

Katedraal fan Coventry

97,283 people have been here
9.3/10
Katedraal fan Coventry

St Michael’s Cathedral

lokaasje
lân 20px Ingelân
greefskip West Midlands
plak 20px Coventry
adres Priory St, Coventry CV1 5FB
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1956-1962
arsjitekt Basil Spence
boustyl Moderne arsjitektuer; goatyske ruïnes
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
webside Side katedraal

De Katedraal fan Coventry of Sint-Michaelkatedraal (Ingelsk: Coventry Cathedral; St Michael’s Cathedral) is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Coventry yn de Ingelske stêd Coventry.

De hjoeddeiske katedraal is de tredde katedraal fan de stêd. De earste katedraal wie de Marijekatedraal (St Mary’s), in kleastertsjerke dêr't allinne noch resten fan bewarre bleaun binne. De twadde katedraal wie de Sint-Michaelkatedraal, dy't yn novimber 1940 by in Dútske loftoanfal op de stêd ferneatige waard. Fan de twadde katedraal bleaune allinne de gruttte toer en de bûtenmuorren stean. De tredde katedraal is de nijbou, dy't folge nei de Twadde Wrâldkriich en fuort njonken de ruïnes fan de foargonger boud waard.

St Mary's

De St Mary's waard yn 1043 tagelyk mei in benediktynsk kleaster troch de earl fan Mersia stifte, Leofric, en syn frou Lady Godiva. Al gau dêrnei setten de earste ferbouwings útein. Tusken 1095 en 1102 liet biskop Robert de Limesey de biskopsit fan Lichfield nei Coventry ferhûzje. It ynearsten lytse kleaster groeide út ta in grut kleaster mei in katedraal fan likernôch 130 meter lang. Doe't Hindrik VIII briek mei Rome om't er fan syn frou Katarina fan Aragon ôf woe en Rome dat net tastie liet er alle katolike kleasters opheffe. Sa ferlear ek de katedraal syn status as kleastertsjerke. De Michaeltsjerke yn de 19e iuw

St Michael’s

De St Michael’s Church waard yn de lette 14e en iere 15e iuw boud. It wie de grutste parochytsjerke fan it lân, oant de tsjerke yn 1918 mei de stifting fan it bisdom Coventry de status krige fan katedraal.

Op 14 novimber 1940 waard de katedraal troch in bombardemint fan de Dútske Luftwaffe hast folslein ferneatige. Allinne de tsjerketoer en de bûtenmuorren bleaune stean. Ek hjoeddedei hawwe de ruïnes noch in funksje foar de earetsjinst.

De nije katedraal

Ynterieur Winston Churchill tusken de ruïnes fan de katedraal''

De nije katedraal waard njonken de resten fan de âlde katedraal neffens in ûntwerp fan Basil Spence boud. Spence trune der op oan om de resten fan de âlde katedraal as betinkingstún yntakt te litten en de nije katedraal sa oan te bouwen, dat de twa gebouwen tegearre in tsjerke foarmje. By it sykjen nei in goed ûnwerp waard sines út mear dan 100 ûntwerpen keazen.

Op 23 maart 1956 waard de earste stien fan de nijbou troch keninginne Elizabeth lein. Basil Spence waard troch de keninginne yn 1960 as wurdearring foar syn prestaasjes yn Coventry as Knight Bachelor ta ridder slein. De ynwijing fan de nije katedraal folge op 25 maaie 1962.

It moderne ûntwerp soarge lykwols foar in soad strideraasje. De ûngewoane spits waard mei in helikopter op it flakke dak fan de katedraal set. It ynterieur is bekend fanwegen in grut gobelin mei in ôfbyld fan Kristus fan Graham Sutherland en in troch John Piper ûntwurpen finster yn de doopkapel. It Ferkoalde Krús

It Ferkoalde Krús

By it opromjen fan it pún liet Richard Howard, de doedestiidske proast fan Coventry, út twa ferbaarnde dakbalken in ienfâldich houten krús meitsje. Dat krús, it "Ferskroeide Krús" (Charred Cross), is hjoeddedei yn de nije katedraal te sjen. In kopy derfan is yn de alterromte fan de ruïne fan de âlde katedraal oanbrocht.

It Spikerkrús

Fan trije spikers fan de âlde katedraal waard noch in krús makke, mar dan lytser, dat tsjintwurdich yn de nijbou hinget. Dat saneamde Spikerkrús fan Coventry (Cross of Nails) waard it symboal fan de oekumenyske Spikerkrúsbeweging (The Community of the Cross of Nails), dy't fanút Coventry oant mear dan 200 plakken oer de hiele wrâld útgroeide. As teken fan ferbûnens kriget elts plak dat by de beweging heart in spikerkrús, dat lykas it orizjineel út trije spikers bestiet. Yn Fryslân binne gjin plakken of tsjerken oansletten by dy beweging.

De Stalingradmadonna

Yn in kapel fan de katedraal hinget in kopy fan de saneamde Stalingradmadonna, in tekening dy't de Dútske lazaretarts Kurt Reuber yn de kryst fan 1942 by de Slach om Stalingrad makke. It orizjineel fan de Stalingradmadonna hinget yn de Kaiser-Wilhelm-Gedächtniskirche fan Berlyn.

Oargel

It oargel waard yn 1962 troch de oargelboufirma Harrison & Harrison boud. It ynstrumint stiet op twa ferskillende plakken noardlik en súdlik fan it koer mei de kant fan it front nei it skip ta. Op de noardlike kant steane it Swell- en Solo-Organ opsteld, wylst op de sudlike kant it Great Organ stiet. It oargel hat meiïnoar 72 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:Coventry Cathedral

Kategory:Coventry Coventry Kategory:Bouwurk út 1962


Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Coventry University
20 October 2011
Join in 'The Big Draw' competition on the 29th October 2011!
Carol x
7 February 2011
climb the tower
Load more comments
foursquare.com
Location
Map
Address

Get directions
Open hours
Thu 10:00 AM–5:00 PM
Fri-Sat 10:00 AM–8:00 PM
Sun 9:00 AM–7:00 PM
Mon 10:00 AM–5:00 PM
Tue 11:00 AM–6:00 PM
References

Coventry Cathedral on Foursquare

Katedraal fan Coventry on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Premier Inn Coventry City Centre - Belgrade Plaza

starting $67

Britannia Coventry Hotel City Centre

starting $226

Premier Inn Coventry City - Earlsdon Park

starting $67

Ibis Coventry Centre Hotel

starting $162

Ramada Hotel & Suites Coventry

starting $292

Days Hotel Coventry

starting $0

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Oxford Canal

The Oxford Canal is a 78 miles (126 km) long narrow canal in central E

Add to wishlist
I've been here
Visited
Coombe Abbey

Coombe Abbey is a hotel which has been developed from an historic

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kenilworth Castle

Kenilworth Castle is a castle located in Kenilworth, Warwickshire,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Warwick Castle

Warwick Castle (Шаблон:Pron-en Шаблон:Respell, like warren Шаблон:Audi

Add to wishlist
I've been here
Visited
Baddesley Clinton

The moated manor house of Baddesley Clinton (grid reference SP199714),

Add to wishlist
I've been here
Visited
Drayton Manor Theme Park

Drayton Manor Theme Park is a large theme park in the grounds of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Stratford Butterfly Farm

Stratford Butterfly Farm is a visitor attraction in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alvecote Priory

Alvecote Priory is a ruined Benedictine Priory in Alvecote,

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Durham

Katedraal fan Durham

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Liverpool

Katedraal fan Liverpool

Add to wishlist
I've been here
Visited
York Minster

Katedraal fan York

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Canterbury

Katedraal fan Canterbury

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sheffield Cathedral

Sheffield Cathedral (The Cathedral Church of St Peter and St Paul,

See all similar places