Katedraal fan Manchester

Katedraal fan Manchester

Cathedral and Collegiate Church of St Mary, St Denys and St George

lokaasje
lân 20px Ingelân
plak 20px Manchester
adres Victoria St, Manchester M3 1SX
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1421-1882
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
hichte 46,1 meter (toer)
webside Side katedraal

De Katedraal fan Manchester (Ingelsk: Manchester Cathedral), formeel de Katedraal en Kollegiale Tsjerke fan Sint-Marije, Sint-Dionysius en Sint-Joris (Cathedral and Collegiate Church of St Mary, St Denys and St George), yn Manchester, Ingelân, is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom fan Manchester en in parochytsjerke oan de Victoria Street.

Skiednis

Fan de earste tsjerken fan Manchester is neat bekend. Yn de muorre fan it súdlike portaal waard by de 19e-iuwske renovaasje in stien ûntdutsen mei in ingel en de tekst In manus Tuas Domine commendo spiritum (oersetting: Heare, yn jo hannen betrou ik myn geast; Lukas 23:46). De stien wurdt datearre op likernôch it jier 700 en leveret it bewiis dat der in ier-Saksyske tsjerke west hawwe moat. Mooglik dat de stien eartiids yn de tsjerke oer in grêf lei of by in alter heard hat. Wetterspijer De hjoeddeiske tsjerke ûnstie fan 1421 oant 1506 as in kollegiale tsjerke fan in preesterkolleezje. De parochytsjerke waard wijd oan de hillig Jongfaam Marije en tafoege oan it patronaat ek de hilligen Sint-Joris, de beskermhillige fan Ingelân, en Dionysius, de beskermhillige fan Frankryk. Dy lêste hillige soe te meitsjen hawwe kinne mei de Frânske komôf fan de stifter fan de kollegiale tsjerke, Thomas de la Warre, mar it soe ek te meitsjen hawwe kinne mei de oanspraken fan de doedestiidske kening Hindrik V op de Frânske troan.

Tusken 1465 en 1481 waard it haadskip fan de tsjerke yn de perpendicular styl boud. Mei de ynfiering fan de reformaasje waard de tsjerke de Anglikaanske parochytsjerke fan Manchester.

Troch de yndustriële revolúsje yn de 19e iuw naam it tal ynwenners fan de stêd hurd ta. De tsjerke waard yn 1847 de katedraal fan it nije Anglikaanske bisdom Manchester. Utsein restauraasjes hawwe der sûnt dy tiid gjin grutte ferbouwings en feroarings mear plakfûn. By de restauraasje yn de 19e iuw hearde ek de rekonstruksje fan de fanwegen brekfalligens yn 1864 ôfbrutsen fieringstoer, dy't krekt wat heger is as syn foargonger.

Yn desimber 1940 ferneatige in Dútsk bombardemint op de stêd de midsiuwske Marijekapel en de kapel foar James Stanley. De weropbou folge yn de jierren 1941-1960. De katedraal rekke op 'e nij skeind by de bomoanslach fan de IRA yn juny 1996.

Gebou

De katedraal waard bou fan twa stiensoarten. It boumaterjaal fan de katedraal kaam út de omkriten fan de stêd. Foar de muorren is donkerbrûne sânstien brûkt, wylst de flierren fan kalkstien binne en fossile seeleeljes sjen litte.

Restauraasje

Yn de earste helte fan de 19e iuw wie it muorrewurk yn minne steat. Dat kaam troch waarsynfloeden mar ek troch in oanbrochte semintlaach om it ynterieur ljochter te meitsjen. Tusken 1850 en 1870 waarden de oantaaste stiennen fan it eksterieur en yn de tsjerke fan it skip en de arkades ferfongen. Tagelyk mei de weropbou fan de westlike toer yn 1868 waard dy ek ferhege. Yn 1898 waarden de sakristyportalen tafoege.

Ynterieur

Koerbanken It houten ferwulft wurdt troch sân dwersbalken mei musisearjende ingels droegen.

De katedraal hat tritich misericordes yn in selde styl as dy fan de katedraal fan Ripon en de munster fan Beverley. Alhoewol't dy fan Manchester fan lettere datum binne, binne se nei alle gedachten makke troch deselde skoalle as dy fan Ripon. Ien fan de meast opfallende is dy fan de achtste sit oan de noardlike kant, dy't ien fan de earste foarstellings fan it spultsje backgammon útbyldet.

It doksaal is 14e-iuwsk.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden by it Dútske bombardemint yn 1940 alle Fiktoriaanske glês-yn-lead ruten ferneatige. Oant de jierren 1960 wiene noch mar twa ruten yn eare hersteld. De deken en it kapittel joegen oan Tony Hollaway de opdracht om in ûntwerp te meitsjen foar nije ruten. It earst wiene de westlike oan bar: Sint-Joris (1973), Sint-Dionysius (1976), Sint-Marije (1980), De Skepping (1991) en De Apocalyps (1995). Ta betinking fan de restauraasje fan de katedraal nei de bomoanslach fan de IRA yn 1996 waard yn 2004 in rút fan Linda Walton ynbrocht.

De tsien klokken yn de toer binne yn 1925 getten troch Gillett & Johnston yn Croydon. De grutste klok waacht 1.3 ton. Ynterieur mei it nije oargel

Oargel

It âlde oargel fan de katedraal rekke by it bombardemint yn 1940 slim skeind. It oargel waard provisoarysk troch Harrison & Harrison reparearre mei behâld fan âld piipwurk en die dêrnei noch 75 jier tsjinst. Yn 2010 naam de biskop fan Manchester de foarstap om jild yn te sammeljen foar in nij oargel. De lokaasje fan de foargonger wie yn de romten fan de sydskippen, mar it nije oargel hat in plak krige op it doksaal dêr't de oargels foar de kriich ek op stiene.

It 4800 pipen tellende ynstrumint waard yn 2016-2017 boud troch Kenneth Tickell & Company Ltd. Nei it skip ta hat it oargel metaalkleurige pipen en nei it koar ta fergulde pipen. De bou waard mooglik makke troch de filantroop Sir Norman Stoller.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:Manchester Cathedral

Kategory:Manchester Manchester Kategory:Bouwurk út 1421 Kategory:Bouwurk út 1506 Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Bouwurk út de 18e iuw Kategory:Bouwurk út 1882


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Saud Alghizzi
13 June 2015
One of the best cathedrals I have ever visited. And I have visited many. Especially I Italy.
Chris Phillips
23 February 2016
Twinned with the pilgrimage basilica of St Sernin in Toulouse. Small, but friendly little place.
David Cameron
24 June 2012
Fantastic live music venue. Bar and cloakroom reasonably priced. Gents toilets are outside, through the door opposite the entrance.
Saud Alghizzi
13 June 2015
One of the best built cathedrals I have ever visited. .and I visited many, including those in Rome.
Carl Griffin
24 November 2015
Nice oasis of calm in a busy city.
Tim Pottiez
30 January 2017
Worth a visit. Such a beautiful cathedral.
Load more comments
foursquare.com
8.7/10
Ruslan Here and 46,764 more people have been here
Map
Cathedral St, Manchester M4 3TR, UK Get directions
Sat 10:00 AM–8:00 PM
Sun 10:00 AM–6:00 PM
Mon 10:00 AM–7:00 PM
Tue Noon–5:00 PM
Wed Noon–9:00 PM
Thu 11:00 AM–8:00 PM

Manchester Cathedral on Foursquare

Katedraal fan Manchester on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Mercure Manchester Piccadilly Hotel

starting $0

Mercure Manchester Piccadilly Hotel

starting $272

Gardens Hotel

starting $142

Britannia Sachas Hotel

starting $107

Sacha's

starting $104

ibis Styles Manchester Portland

starting $203

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
The Hidden Gem

The Hidden Gem, or officially St Mary’s Catholic Church, is located o

Add to wishlist
I've been here
Visited
Manchester Town Hall

Manchester Town Hall is a Victorian, Neo-gothic municipal building in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Manchester Art Gallery

Manchester Art Gallery is a free-to-view municipally-owned public art

Add to wishlist
I've been here
Visited
Free Trade Hall

The Free Trade Hall in Manchester, England, was for many years a focal

Add to wishlist
I've been here
Visited
Guardian telephone exchange

Guardian Exchange was an underground telephone exchange built in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Canal Street (Manchester)

Canal Street, the centre of the Manchester Gay Village, is a street in

Add to wishlist
I've been here
Visited
The Haçienda

Fac 51 Haçienda (better known simply as The Haçienda) was a n

Add to wishlist
I've been here
Visited
Museum of Transport, Greater Manchester

The Museum of Transport, Greater Manchester is a museum that aims to

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan St Albans

Sint-Albanuskatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral (Londen)

Pauluskatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
York Minster

Katedraal fan York

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Coventry

Katedraal fan Coventry

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral, Melbourne

St Paul's Cathedral, Melbourne, is the metropolitical and cathedral

See all similar places