Katedraal fan St Albans

Sint-Albanuskatedraal

St Albans Cathedral

lokaasje
lân 20px Ingelân
greefskip 20px Hertfordshire
plak 20px St Albans
adres St Albans AL1 1BY
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1077-1893
boustyl Normandyske en goatyske arsjitektuer
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
hichte 43.9 meter (toer); 20.2 meter (skip)
lingte 167.8 meter
webside Side katedraal

De Katedraal fan St Albans (Ingelsk: St Albans Cathedral), ek bekend ûnder de namme Katedraal en Abdijtsjerke fan Sint-Albanus (Cathedral and Abbey Church of St Alban) is in Anglikaanske katedraal yn St Albans, Ingelân. De katedraal giet werom op it jier 793, doe't kening Offa fan Mersia in abdij stifte en dy wijde liet oan Sint-Albanus, de earste kristlike martler fan it lân. Fanôf 1077 waard útein set mei de bou fan de hjoeddeiske katedraal. In soad arsjitektuer fan de katedraal datearret noch út de Normandyske tiid, mar der binne ek goatyske en neogoatyske tafoegings.

Yn de midsiuwen wie it ien fan de rykste en machtigste abdijen fan it eilân, mar yn de 16e iuw liet Hindrik VIII de kleasters ôfskaffe en krige de abdijtsjerke de funksje fan parochytsjerke. Yn 1877 waard it in katedraal, mar it is ek noch jimmeroan in parochytsjerke.

De katedraal leit likernôch 35 kilometer noardlik fan Londen yn it greefskip Hertfordshire.

Skiednis

In soad fan de hjoeddeiske struktuer stamt út de tiid fan flak nei de Normandyske oermastering fan it eilân. Lanfranc, de nije aartsbiskop fan Canterbury, wiisde as ferfanger fan de angelsaksyske abt Frithrig syn neef Paulus (1077–1093) oan as fjirtjinde abt fan it kleaster, dy't earder de abt fan de Saint-Étienne-abdij yn Caen wie. Fuort nei de komst fan de nije abt waard útein set mei de bou fan de kleastertsjerke. De arsjitektuer fan de nijbou briek mei de angelsaksyske boutradysjes en waard beynfloede troch de Frânske bou yn Cluny, Bernay en Caen. Om maksimaal gebrûk te meitsjen fan de heuvel dêr't de katedraal op kaam te stean krige it gebou in súdeastlike oriïntaasje. De krúsfoarmige abdijtsjerke waard yn dy tiid de grutste fan it lân; it krige in koer fan fjouwer traveeën, in transept mei sân absissen en in skip mei wol tsien traveeën. De Normandyske boumaster Robert joech in soad omtinken oan stevige fûneminten en de toer fan de katedraal bleau de iennige grutte fieringstoer út de 11e iuw dy't nea ynstoarten is. Mooglik wie de toer eartiids bekroand mei in pyramidedak mar tsjintwurdich hat er in flakke ôfsluting. Lange tiid waard der oannommen dat de abdijtsjerke noch twa lytsere westlike tuorren west ha, mar dêr binne nea resten fan fûn. De abdij St Albans foar de opheffing yn 1539 It kleaster wie yn 1089 foltôge, maar waard pas 28 desimber 1115, op de betinkingsdei fan de Unskuldige Bern, ynwijd troch de aartsbiskop fan Rouen, wêrby't ek kening Hindrik I oanwêzich wie. Yn 1140 waard tichteby noch in priorij foar froulju stifte.

Ynearsten wie der hast gjin byldhouwurk yn de abdijtsjerke. De bestúkte muorren wiene kleurd en waarden fersierd mei tapiten. Pas yn de 12e iuw kaam der mei in nije moade mear byldhouwurk yn de tsjerke, benammen nei't de goatyske styl om 1170 hinne yn Ingelân trochtocht naam. Yn it hjoeddeiske bouwurk binne de orizjinele Normandyske bôgen foaral ûnder de sintrale toer en de noardlike kant fan it skip te finen. De bôgen yn de rest fan it gebou binne goatysk en stamme út midsiuwske fernijings, útwreidings en de restauraasje yn de Fiktoriaanske tiid.

Mei de oanwaaks fan it tal muontsen fan fyftich nei mear as hûndert sette abt John fan Wallingford (1195–1214) útein mei in ferlinging fan de tsjerke nei it westen mei trije traveeën en de ferfanging fan it strange Normandyske front. It lege pyamidedak fan de Normandyske toer waard ôfbrutsen en ferfongen troch in nije, hegere smelle spits.

Resten fan de kleastergong In ierdskodding yn 1250 skansearre it eastlike ein fan de tsjerke, wêrtroch't dielen fan it eastlike ein yn de lêste helte fan de 13e iuw wer opboud wurde moasten en it ynstoarten fan twa pylders yn it súdlike diel fan de tsjerke op 10 oktober 1323 feroarsake grutte skea. Yn de fal fan de pylders waarden grutte dielen fan it dak en fiif traveeën meinommen. De weropbou fûn plak yn de Ier Ingelske styl dy't paste by de oare traveeën, mar foege wol ûnderskiedende 14e-iuwske details en ornaminten oan de weropbou ta.

Yn 1365 krige it kleaster in nije poarte (Abbey Gateway), dy't njonken de katedraal it iennige gebou is dat de opheffing fan de abdij yn de tiid fan de reformaasje oerlibbe hat. It poartegebou waard nei de reformaasje brûkt as finzenis en foarmet sûnt 1871 ûnderdiel fan de St Albans School. De oare kleastergebouwen stiene eartiids súdlik fan de poarte en katedraal.

It grutte westlike raam waard yn de 15e iuw ynbrocht en ek yn dy iuw waard de spits ferwidere en waarden op de daken kantelen tafoege. Ek krige de katedraal nije ramen yn it transept en in nij doksaal.

Nei de reformaasje

Nei de dea fan abt Ramryge yn 1521 rekke de abdij yn it neigean en bouden de trije swakke opfolgers skulden op. Doe't kening Hindrik VIII de Ingelske abdijen opheffe liet kaam der yn 1539 ek in ein oan St Albans en waarden de abt en de noch fjirtich oanwêzige muontsen mei pensjoen stjoerd. De gebouwen waarden plondere en alle gouden, sulveren en fergulde saken waarden út de katedraal stript. Wat fan wearde wie waard ferwidere en grêven waarden iepene om de ynhâld te ferbaarnen. De eardere abdij kaam fanôf 1542 ûnder it bisdom Lincoln te fallen en fanôf 1550 ûnder it bisdom Londen. De gebouwen fertutearzgen en waarden fanôf 1550 systematysk ôfbrutsen. Nei't al it muorrewurk ôfbrutsen wie, waard de grûn oan de abt werom jûn. It gebiet krige de folgjende twa iuwen de namme Abbey Ruins. Poartegebou De Marijekapel fan de katedraal waard yn 1553 in skoalle en it poartegebou fan it kleaster krige de funksje fan finzenis. Oare gebouwen waarden oerdroegen oan de Kroan en de kleastertsjerke waard troch kening Edward VI ferkocht oan de stêd om tenei as parochytsjerke te tsjinjen. De stêd liet renovaasjes útfiere, dy't lykwols troch de Ingelske boargerkriich om'e nocht west hiene om't de abdijtsjerke doe as finzenis brûkt waard en troch sawol finzenen as bewakers slim skeind waard. Ek de puriteinen diene it harres ta troch noch restearjende dekoraasjes te fernielen, mar yn de jierren 1681-1684 waard der op 'e nij jild útjûn om it dak en it ferwulft fan it koer te reparearjen. Mei in keninklike bydrage fan Willem III en Mary II yn 1689 waard it algemiene ûnderhâld, in nije ynrjochting en it fuortwurkjen fan "âlderwetske" goatyske kenmerken betelle. Yn 1698 folge noch in bydrage fan de kening.

Nije skea ûnstie yn 1703 doe't in fûle stoarm oer Súd-Ingelân raasde en de tsjerke it súdlike transeptraam ferlear. It waard ferfongen troch in houten raam mei trochsichtich glês. Nettsjinsteande mear reparaasjes yn de rin fan de 18e iuw drige de folsleine ôfbraak fan de katedraal. De kosten fan de reparaasjes waarden te heech en lieden yn de jierren 1770 ta in hast slagge plan om de abdijtsjerke te ferfangen troch in lytsere tsjerke. Yn 1797 soarge in nije stoarm foar fersakkings, skuorren yn flierren, iepen grêven en wetteroerlêst yn de tsjerke.

19e iuw

De katedraal fan St Albans op in gravuere út it begjin fan de 19e iuw Yn de 19e iuw wurken benammen de arjitekten Lewis Nockalls Cottingham, Henry J.B. Nicholson, George Gilbert Scott en Edmund Beckett oan de katedraal.

Yn febrewaris 1832 foel in diel fan de muorre fan de ljochtbeuk troch it dak fan it súdlike sydskip, dat in gat fan goed njoggen meter feroarsake. Yn it ramt fan de reparaasje waard de arsjitekt Lewis Nockalls Cottingham frege om de steat fan it gebou te beöardielen. Syn ferslach wie tige soarchlik: oeral wie it mitselwurk striemin en de houten balken wiene oan it rotsjen. Der moast in soad dien wurde en de begrutte kosten fan de restauraasje wiene folle heger dan it beskikbere jild. Allinne de ljochtbeuk koe wer boud wurde en dêrnjonken krige it dak nij lead, waard de spits op de toer ferwidere en fjirtich ramen wer iepene en fan glês foarsjoen. Henry Nicholson, dy't rektor fan de katedraal wie (1835-1866), die ek in soad oan de reparaasje fan de tsjerke en besocht safolle as er koe de ferburgen en ferwaarleazge goatyske dekoraasjes te meitsjen en foar it ljocht te heljen. De tsjerke foar de restauraasje yn de jierren 1880 Nije reparaasjes setten yn 1867 útein. No waard George Gilbert Scott oanwiisd om fan 1860 oant syn dea yn 1878 tasicht te hâlden op in rige fan renovaasjes. Scott die in soad oan de fûneminten, de ôfwettering, de restauraasje fan de flier en liet de út it lead hingjende súdlike muorre rjochtsette. It doksaal út 1480. De bylden binne fiktoriaanske ferfangers út 1184-1889. De orizjinele bylden waarden by de opheffing fan de abdij ferneatige, sa't ek it doksaal sels skansearre waard Yn 1877 waard út it bisdom Rochester St Albans as in selsstannich bisdom stifte. De earste biskop fan it nije bisdom wie de eardere biskop fan Rochester, Thomas Legh Claughton. Hy bleau oant 1890 biskop en leit begroeven oan de noardlike kant fan de katedraal. Koer George Gilbert Scott wurke doe't er ferstoar op 27 maart 1878 noch oan it dak, ferwulft en it westlike travee. Syn plannen waarden foar in part foltôge troch syn soan John Oldrid Scott, mar de rest fan it wurk foel yn hannen fan Edmund Beckett. Beckett's wurk soe in soad krityk opleverje, mar hy droech finansjeel foars by oan de ûnbidich hege kosten fan de restauraasje. Wylst Scott folle mear rekken holde mei it besteande gebou, folge Beckett foaral it fiktoriaanske ideaal. Kontroversjeel wie benammen de restauraasje fan it brekfallige westlike front, dêr't Beckett, sels mar in amateur-arsjitekt, in hiel nij ûntwerp foar levere. Him waard it ûntbrekken fan histoarysk besef en arrogânsje oanrekkene en der folgen oare ûntwerpen fan oare arsjitekten, dy't troch Beckett mei sin ferfongen waarden troch earmoedige tekeningen, dat sadwaande kaam syn ûntwerp der lang om let dochs troch. It wurk oan de £ 20.000 kostende weropbou fan de gevel sette yn 1880 útein en waard yn april 1883 foltôge. Beckett stie bekend om syn wjerstân tsjin de saneamde perpendicular styl; wat er sels net moai fûn liet er as "te ferotte" beoardielje en neffens eigen smaak ferfange. Hy fûn it gjin punt om hiele dielen fan de tsjerke folslein nij te bouwen. De súdlike muorre krige foarse steunbearen. Yn de hielendal fernijde gevel fan it súdlike transept liet er in groep lânsetfinsters ynbringe, sydtuorkes tafoegje en op it dak nije pannen lizze. In raam yn de perpendicular styl yn it noardlike transept liet er ferfange troch in roasfinster mei allegear sirkels. Hy wurke dêrnei troch mei de oanpassing fan it presbytearium en de Marijekapel, ek yn in eigen styl, fernijde it ferwulft, liet in flier yn swart en wyt moarmer lizze (1893) en brocht ûnder de baldakinen nije fiktoriaanske arkades en byldhouwurk oan. Om it nije dak te skoarjen waarden bûten de steunbearen grutter makke.

Al yn 1897 moast Beckett werom nei syn earder renovearre dielen fan de tsjerke om reparaasjes út te fieren. Syn gebrûk fan te sterk semint hie skuorren fan gefolgen, wylst syn foarleafde foar it izerwurk yn ramen liede ta korroazje en skea oan de stiennen derom hinne. Beckett ferstoar yn 1905 en waard op it tsjerkhôf begroeven. Hy liet in legaat achter om fierder te wurkjen oan de katedraal.

20e iuw-21e iuw

John Oldrid Scott (ferstoarn yn 1913 en de soan fan George Gilbert Scott) bleau nettsjinsteande botsings mei Beckett wurkjen yn de katedraal. Hy wie in konsekwint oanhinger fan de neogoatyske moade (Gothic Revival) en ûntwurp it grêf fan de earste biskop. Ek liet er in nije biskopstroan meitsje (1903) tegearre mei nije koerbanken en joech er it oargel in oar plak (1907). Dêrnei einige it wurk troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich.

Yn de jierren 1930 moast it ferwulft troch oantaasting fan krobben reparearre wurde. Ek waard der fjouwer ton oan smoargens ferwidere by de fieringstoer en it houtwurk ferstevige. Yn 1934 waarden de acht klokken neisjoen en fjouwer nije klokken tafoege om se te brûken by de fiering fan it sulveren jubileum fan George V.

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden it oargel fernijd en nije banken tafoege. De fieringstoer hie in soad lest fan it semint fan Beckett, dat de romaanske stiennen skansearre. De oantaaste stiennen moasten ferfongen en yn it goede semint werom lein wurde troch ien man, Walter Barett. Ek it plafond fan de toer waard renovearre, lykas ek de muorrebeskildering fan it skip.

Om it kontakt tusken de foargonger en it tsjerkefolk te ferbetterjen waard yn de jierren 1970 de alterromte grutter makke. De massive njoggen ton swiere preekstoel waard mei de koerbanken en de fêste banken ferfongen troch ljochtere koerbanken, stuollen foar it tsjerkefolk en in preekstoel dy't oernommen wie fan in tsjerke út Norfolk. De skryn fan Sint-Alban In deeglik ûndersyk yn 1974 wiisde út dat der op 'e nij sprake wie fan ferfal, nije lekken en oare efterútgong. Der waard in herstelplan foar tsjien jier oerienkommen. Op 'e nij easke it dak wer in soad reparaasjewurk. Ek de finsters fan ljochtbeuk en it westlike front waarden renovearre. Tsjin it ein fan de jierren 1970 waard in nij besikerssintrum iepene oan de súdlike kant fan de katedraal tichteby it plak fan it oarspronklike kapittelhûs fan de abdij. It sintrum waard op 8 juny iepene troch keninginne Elizabeth. De sân nije bylden fan it doksaal dy't yn it ramt fan it 900 jierrich jubileum makke waarden Oare wurken oan it ein fan de 20e iuw wiene de restauraasje fan de skryn fan Sint-Alban, dy't ek in nije borduerde baldekyn krige, en it nije glêswurk foar Beckett's roasfinster yn it noardlike transept, dat troch Diana, de prinsesse fan Wales, ûnhulle waard.

Yn it ramt fan it 900 jierrich jubileum fan de katedraal waarden yn 2015 sân nije bylden troch Rory Young makke foar de noch lege nissen yn it út de jierren 1349-1350 stammende doksaal fan de tsjerke. Fjouwer dêrfan stelle lokale martlers foar: Sint-Alban, de preester Amfibalus dy't Sint-Alban doopte, de benediktynske preester Alban Roe en de protestant George Tankerfield, dy't by de katedraal op de brânsteapel oan syn ein kaam. De oare trije bylden binne fan 20e-iuwske hilligen en wjerspegelje de oekumenyske kongregaasje fan de katedraal: de russysk-otterdokske Elisabeth Fjodorovna Romanov, de lutherske Dietrich Bonhoeffer en roomske aartsbiskop Oscar Romero.

Oargel

It oargel waard yn 1962 troch Harrison & Harrison (Durham) boud en yn de jierren 2007–2009 troch deselde firma restaurearre en fergrutte. It ynstrumint krige in nije fjouwermanualige spyltafel. Fieders waarden der tariedings troffen foar de ynbou fan in oargel yn it skip; de bou dêrfan is lykwols noch net wis. It oargel hat no 64 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne elektro-pneumatysk en de registertraktueren elektrysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:St Albans Cathedral

Kategory:St Albans St Albans Kategory:Bouwurk út 1077 Kategory:Bouwurk út 1893 Kategory:Bouwurk út de 20e iuw


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Marc Tunguz
26 June 2016
One of the oldest cathedral in the country. Some of the finest architecture work you'll see.
Finding Our Feet Blog
17 February 2016
Great indoor space to shelter from the wind & rain; plenty of space for toddlers to burn up some energy while soaking up a bit of culture. Vast and absolutely stunning. (Better for well behaved tots.)
Carl Griffin
19 February 2016
Stunning cathedral on a religious site dedicated to Britain's first Christian martyr who was killed over 1700 years ago. The tower contains lots of stone that was robbed from the Roman settlement.
Christian Dickerson
6 November 2014
An amazing structure. An ancient building that is in as good of condition as if it were new.
Joan Vidal Bosch
18 April 2017
Really nice cathedral! Go to visit it
Mariana Canuto
28 September 2014
A maior Catedral da Inglaterra (segundo informações). Nada mais imponente. LINDA. Vale a visita.
Load more comments
foursquare.com
9.0/10
Daria В., Nikolay Krapivnyy and 3,094 more people have been here
Map
0.1km from Heritage Close, High St, St Albans AL3 4EB, UK Get directions
Fri 8:00 AM–10:00 AM
Sat 10:00 AM–8:00 PM
Sun 9:00 AM–8:00 PM
Mon 6:00 AM–7:00 AM
Tue 8:00 AM–11:00 AM
Wed 8:00 AM–10:00 AM

St Albans Cathedral & Abbey on Foursquare

Hotels nearby

See all hotels See all
Clarion Collection Hotel St Albans City Centre

starting $147

Sopwell House Hotel

starting $1621

Premier Inn St Albans City Centre

starting $115

Ardmore House Hotel

starting $108

White Hart Hotel

starting $135

Torrington Hall

starting $157

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Clock Tower, St Albans

The Clock Tower is a Grade I listed belfry in St Albans, England which

Add to wishlist
I've been here
Visited
Warner Bros. Studios, Leavesden

Warner Bros. Studios, Leavesden is an 80-hectare studio complex in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Hatfield House

Hatfield House a country house set in a large park, the Great Park,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bhaktivedanta Manor

Bhaktivedanta Manor is a Gaudiya Vaishnava temple set in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Amaravati Buddhist Monastery

Amaravati Buddhist Monastery is a monastery in the Thai Forest

Add to wishlist
I've been here
Visited
Barnet Gate Mill

Barnet Gate Mill is a grade II* listed Tower mill at Arkley in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Luton Airport

London Luton Airport (IATA: LTN, ICAO: EGGW), previously called Luton

Add to wishlist
I've been here
Visited
Breachwood Green Mill, King's Walden

Breachwood Green Mill is a Grade II listed tower mill at King's

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral (Londen)

Pauluskatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
York Minster

Katedraal fan York

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Coventry

Katedraal fan Coventry

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral, Melbourne

St Paul's Cathedral, Melbourne, is the metropolitical and cathedral

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Durham

Katedraal fan Durham

See all similar places