Kleaster Nij-Jeruzalim

Nij-Jeruzalim

Новоиерусалимский монастырь

Konstantijn- en Helenatsjerke mei dêr efter de Ferrizeniskatedraal en lofts de yn 2014 wer opboude klokketoer
Konstantijn- en Helenatsjerke mei dêr efter de Ferrizeniskatedraal en lofts de yn 2014 wer opboude klokketoer
lokaasje
lân 20px Ruslân
Oblast 20px Moskou
plak Istra
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Fan ôf 1656
oare ynformaasje
webside Side fan it kleaster

It Kleaster Nij-Jeruzalim (Russysk: Новоиерусалимский монастырь) is een otterdoksk kleaster yn de Russyske stêd Istra.

Nij-Jeruzalim waard yn 1656 troch patriarch Nikon stifte om neffens syn plan by Moskou in kompleks fan plakken yn it Hillige Lân te rekonstruearjen .

Skiednis

Patriarch Nikon Yn 1656 kocht patriarch Nikon fan de stolnik Roman Boborykin lân oan de rivier de Istra mei it doel dêr in kleaster te bouwen. Foar it takomstige kleaster moast it bosk oan de kant fan de Istra omhakt wurde en de heuvel, dêr't it kleaster op boud wurde soe, moast fersterke wurde mei in grêft en in houten wâl mei acht tuorren. De âlde nammen fan it gebiet waarden feroare en krigen bibelske nammen. Sa krige de heuvel de namme Sion, eastlik lei de Oliveberch en noardlik de heuvel fan Tabor. Oan de kant fan de Istra, dy't by de gelegenheid ferneamd waard nei de Jordaan, waard it kleaster boud. Njonken in kleaster foar manlju kaam der ek in lyts kleaster foar froulju dat de namme Betanië krige. Guon gebouwen wjerhelje de kontoeren fan gebouwen út de Hillige Stêd, lykas de Ferrizeniskatedraal (1656-1685), dy't boud is neffens it ûntwerp fan de Grêftsjerke yn Jeruzalim.

Yn 1656 waard earst in houten Ferrizenistsjerke boud, dy't op 18 oktober 1657 yn oanwêzigens fan tsaar Aleksej Michajlovitsj konsekrearre waard. De namme fan it kleaster ûnstie doe't de tsaar nei de konsekraasje it gebiet fan de Oliveberch ôf oereide en doe't er it nije kleaster seach stelde er fêst dat it like moai wie as Jeruzalim. In jier letter waard begûn mei de bou fan de stiennen Ferrizeniskatedraal.

De ferballing fan Nikon

Nikon wie in grut foarstanner fan de skieding fan Tsjerke en Steat en mei syn fûle ferset tsjin it belesten fan kleasterbesit en it tsjinstber meitsjen fan de Tsjerke oan de Steat makke hy in soad fijannen, dy't de tsaar yn 1658 wisten te oertsjûgjen dat de patriarch de posysje fan de tsaar bedrige. De waarme relaasje, dy't de patriarch ynearsten mei de tsaar hie, bekuolle en yn 1658 ferliet de patriarch Moskou en sette him permanint yn it Ferrizeniskleaster nei wenjen. Feitlik wie der gjin patriarch mear, mar pas op 12 desimber 1666 ferklearre de Hllige Synoade Nikon skuldich oan dôfhûdigens oan de tsaar en de Tsjerke. Ek waard him it mishanneljen fan ûnderdanen foar de fuotten smiten. Nikon ferlear alle tsjerklike funksjes en waard in gewoane muonts, dy't fuortendaliks op in slide nei it noardlike Feranpontovkleaster ferballe waard. Guon bruorren folgen de eks-patriarch nei syn ferballingsoard. Mei de ferballing fan Nikon waard ek it kleaster degradearre ta in gewoan kleaster, it ferlear de ynkomsten fan oare kleasters en de bou waard stil lein.

De fuortsetting fan de bou

Grêfkapel Op oantrunen fan tsjarevna Tatjana Michailovna waard ûnder it regear Fjodor III Aleksejevitsj de bou fan Nij-Jeruzalim wer oppakt. Ek krige Nij-Jeruzalim de foaroansteande en befoarrjochte status werom: yn 1678 waarden de kleasters dy't earder tawiisd wiene oan Nij-Jeruzalim werom jûn en ek krige Nij-Jeruzalim in tal nije kleasters tawiisd.

Yn 1681 krige Nikon, dy't doe al siik wie, permisje om werom te gean nei it kleaster. Hy ferstoar lykwols ûnderweis en waard yn de kapel fan de Unthâlzging fan Jehannes de Doper yn de noch net foltôge Ferrizeniskatedraal beïerdige. De bou oan de katedraal gyng nei de dea fan Fjodor III ûnder de tsaren Ivan en Peter Aleksejevitsj troch en op 18 jannewaris 1685 koe de katedraal yn oanwêzigens fan de tsarefamylje troch patriarch Joachim konsekrearre wurde. De hearskers fan de Romanov-dynasty bleaune ek letter nau belutsen by it wolwêzen fan it kleaster. Doe't ûnder Elisabet Petrovna it tintedak fan de rotonde yn 1723 ynstoartte, it kleaster yn 1726 troch in brân troffen waard en de folsleine ferneatiging fan de katedraal drige, liet hja de gebouwen renovearje en foarsjen mei stúkwurk neffens it ûntwerp fan de arsjitekt Rastrelli. It lânbesit naam ûnder Elisabet fierder ta en ek ferbettere de finansjele posysje fan it kleaster. Oant de nasjonalisaasje fan it lânbesit fan kleasters ûnder Katarina II besiet Nij-Jeruzalim mar leafst 13.935 (neffens oare boarnen 16.287) manlike liifeigenen ('sielen') en 22.000 hektare lân. Nei de brannen fan 1762 en 1792 soarge Katarina foar de needsaaklike middels om de kleastergebouwen wer te renovearjen. It kleaster yn 1797

19e iuw

It kleaster ûntjoech har de 19e iuw ta in jimmeroan wichtiger bestimming foar pylgers. Benammen mei it oanlizzen fan it spoar wisten besikers it paad nei it kleaster hieltiten makliker te finen. Op it kleasterterrein waard in museum ynrjochte mei in útstalling fan persoanlike besittings fan patriarch Nikon, skilderijen, ikoanen en tekstyl.

20e iuw

Yn 1913 waard it kleaster noch besocht troch likernôch 35.000 pylgers en foar it ûnderbringen fan al dy pylgers waarden der hotels boud.

Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster op lêst fan de bolsjewiken op 4 july 1919 sletten en nasjonalisearre. De meast weardefolle saken waarden út it kleaster helle en nei it Wapenmuseum yn it Moskouse kremlyn brocht, dêr't se noch altiten bewarre wurde. De klokken waarden út de katedraal helle en omsmolten en it eardere kleaster krige yn de Sovjet-tiid in museale bestimming. Oersjoch fan it kleasterkompleks mei de yn 2014 wer opboude klokketoer Mei de Dútske ynfal yn Ruslân kaam Nij Jeruzalim yn it front te lizzen fan de nei Moskou optsjende Dútske troepen. Under in twa wiken lange besetting fan Istra troch de Dútsers waard it museum plondere. By it weromlûken fan de troepen blaasden SS-ers dielen fan it kleasterkompleks op. Guon gebouwen waarden folslein ferneatige, oare gebouwen lykas de katedraal rekken slim skansearre. De katedraal baarnde út en de ikonostase en alle ikoanen yn de katedraal giene ferlern.

Al yn 1942 waard der risselwaasje makke makke foar de rekonstruksje fan de katedraal. De earste wurksumheden en it útsykjen fan it pún en de brokstikken setten yn novimber 1950 út ein. Yn 1959 koe it museum wer iepene wurde. De measte gebouwen fan it kleaster wiene wer restaurearre en rekonstruearre, mar dat jilde net foar de 17e iuwske klokketoer

It kleaster waard yn 1994 wer iepene as kleaster. It museum ferhûze yn 2012 fan it kleasterterrein nei in nij gebou bûten de kleastermuorren. De rekonstruksje fan de yn 1941 ferwoastge klokketoer wie yn 2014. Foar de toer waarden nije klokken getten. Tsjin de ein fan 2016 wie de restauraasje fan it hiele kleaster realisearre.

Tsjerken

Katedraal fan de Ferrizenis

Haadkoepel fan de Ferrizeniskatedraal

  • De Ferrizeniskatedraal folget de bou fan de Hillich-Grêftsjerke yn Jeruzalim en waard tusken 1658 en 1685 boud. Westlik fan de katedraal slút de grutte rotonde oan, dêr't de Grêfkapel yn ûnderbrocht is. Yn 1723 stoartte de rotonde yn en in brân yn 1726 makke de sitewaasje noch slimmer. Yn de jierren 1730 folge in rekonstruksje fan de earste twa ferdjippings fan de rontonde dy't de grotkapel omklammet. Yn de jierren 1750 moast de katedraal foar in part op 'e nij boud wurde, itjinge yn barokke foarmen barde. De rotonde krige yn de jierren 1950 wer in nij tintedak neffens in ûntwerp fan Rastrellli. Alle dielen fan de katedraal waarden mei stúkwurk dekorearre.

De bolsjewiken lieten de katedraal yn 1919 slute en it kleasterkompleks krige in museale funksje. Yn 1941 waard de katedraal mei de klokketoer troch de Dútsers opblaasd, mar al fuort nei't it Reade Leger de Slach om Moskou wûn hie waarden der tariedings makke om it kleasterkompleks wer op te bouwen. Yn de jierren 1960 oant 1980 krige it kompleks it oarspronklike oansjen gruttendiels werom, mei útsûndering fan de klokketoer, wêrfan't de weropbou pas yn 2014 plak fûn.

Tsjerke fan de yntocht fan Jeruzalim

  • De Tsjerke fan de yntocht fan Jeruzalim waard boppe de poarte yn de jierren 1694-1697 boud yn de styl van de Moskouse barok. De tsjerke waard sletten yn 1919 en yn 1941 opblaasd. De weropbou fan de tsjerke fûn yn de jierren 1960-1970 plak.

Konstantyn en Helena-tsjerke

  • De Konstantyn en Helena-tsjerke grinzget oant it easten fan de Ferrizeniskatedraal en stamt út de jierren 1658-1690. De yn 1919 sletten tsjerke leit foar in diel ûnder it meanfjild en is yn jierren 90 fan de 20e iuw restaurearre.

De Tsjerke fan de trije grutte Hiërarchen

  • De Tsjerke fan de trije Hiërarchen waard yn 1698 yn opdracht fan prinses Tatjana boud. De yn de Moskouse barok boude tsjerke baarnde yn 1726 út en waard yn 1776 op'e nij ynwijd. Fan de tsjerke bleau allinne de ûnderbou bewarre. Yn 1941 waard de tsjerke slim skeind, mar yn 1962 foar in part wer rekonstruearre.

Muorren en tuorren

De muorren en tuorren datearje út 1690-1694. Ek de tuorren drage fakentiden bibelske nammen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :ru:Новоиерусалимский монастырь

Nij-Jeruzalim Kategory:Bouwurk út 1685 Kategory:Bouwurk út 1690 Kategory:Bouwurk út 1697 Kategory:Bouwurk út 1698 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1656 Kategory:Organisaasje opheft yn 1919 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1994


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Victoria???????? Maleva
2 November 2014
Очень красивое место. Вход бесплатный. Зайдите в Воскресенский собор???? В выходные толпы народу и место на парковке найти трудно????. Оптимальный вариант - приезжать в будний день.
Константин Том
Хорошее Место. Тут не надо любоваться, здесь о Душе думать надо.... Чаще приезжайте и детей привозите. Отрывайте их от компов. В трёхстах метрах, за рекой, есть Музей. Посетите его. Там и покушаете.
Aleksandr Malkin
19 February 2019
Красота храма может сравниться, пожалуй, только с Морским собором в Кронштадте и Айя-Софией в Стамбуле. В храме есть таблички, объясняющие что к чему.
Nika???????? Z
21 August 2018
Очень красивый монастырь. Действительно похож изнутри на храм гроба Господня в Иерусалиме. Служители храма очень добродушно отвечали на мои вопросы.
Kateikin M
13 April 2014
Уютное и светлое место, несмотря на реконструкцию. Красивые места по дороге к источнику. От стоянки до главного входа провожают настойчивые цыганские попрошайки, что неприятно.
Ирачка
7 January 2018
Очень красивый монастырь! При подходе к монастырю есть палатка с вкусными пирожками, особенно с яблоками) 40 руб/шт.
Load more comments
foursquare.com
8.6/10
Andrey Kholmanyuk, Ekaterina and 21,592 more people have been here
Map
Ulitsa Sovetskaya, 2, Istra, Moskovskaya oblast', Russia, 143500 Get directions
Fri 11:00 AM–5:00 PM
Sat-Sun 10:00 AM–8:00 PM
Mon Noon–5:00 PM
Tue Noon–3:00 PM
Wed 2:00 PM–3:00 PM

Новоиерусалимский монастырь on Foursquare

Kleaster Nij-Jeruzalim on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Neptun

starting $35

Mistral Hotel and Spa

starting $122

Hilton Garden Inn Moscow New Riga

starting $91

Townhouse in Zvenigorod

starting $94

Park Hotel Krankino

starting $58

Ecohotel Snegiryok

starting $9

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Музей деревянного зодчества (Истра)

Музей деревянного зодчества (Истринские Кижи) - архи

Add to wishlist
I've been here
Visited
Усадьба Покровское-Рубцово

Покровское-Рубцово — усадьба находившаяся в Звенигород

Add to wishlist
I've been here
Visited
Истринское водохранилище

И́стринское водохрани́лище расположено на северо-за

Add to wishlist
I've been here
Visited
Церковь Бориса и Глеба (Куртниково)

Храм Бориса и Глеба (Храм во имя святых благоверных князей-страстотерп

Add to wishlist
I've been here
Visited
Кораллово

Кораллово, Караллово или Коралово (изначально Караулово) — дво

Add to wishlist
I've been here
Visited
Ершово (усадьба)

Ершово (Троицкое) — родовая усадьба графов Олсуфьевых близ одноимё

Add to wishlist
I've been here
Visited
Церковь Рождества Христова в Рождествено

Храм Рождества Христова — православный храм Истри

Add to wishlist
I've been here
Visited
Shevlino airfield

Шевлино (аэродром), также известный, как «Пятница», расположен в

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Mor Hananyo Monastery

Dayro d-Mor Hananyo (Turkish: Daryülzafaran Manastırı, Syriac: ܕܝ

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alcobaça Monastery

The Alcobaça Monastery (português. Mosteiro de Santa Maria de A

Add to wishlist
I've been here
Visited
Intercession Monastery (Moscow)

Intercession (Pokrovsky) Monastery (Покровский монастырь

Add to wishlist
I've been here
Visited
Paro Taktsang

Paro Taktsang (spa phro stag tshang) / (spa gro stag tshang) is one of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Savvino-Storozhevsky Monastery

The Savvino-Storozhevsky Monastery

See all similar places