Kleaster fan Jehannes de Teoloog

Sint-Jehanneskleaster

Μονή Αγίου Ιωάννου του Θεολόγου

lokaasje
lân 20px Grikelân
plak Patmos
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 11e iuw
oare ynformaasje
webside patmosmonastery.gr

It Kleaster fan Jehannes de Teoloog (Gryksk: Μονή Αγίου Ιωάννου του Θεολόγου) is in otterdoksk kleaster op it eilân Patmos yn Grikelân. It kleaster waard ffens de oerlevering boud by it plak dêr't Jehannes, yn 'e tiid dat er ferballe wie, de iepenbierings krige en opskriuwe liet. It eilân is dêrom foar in soad kristenen in wichtich beafeartsplak. Sûnt 1999 stiet it kleaster ynskreaun as wrâlderfskip by UNESCO.

Skiednis

Tusken de 6e en 9 iuw waard it eilân Patmos in soad oerfallen troch Arabieren. Guon fan de bewenners waarden as slaaf meinaam, oaren ferlieten it eilân, sadat it eilân tsjin de 10e iuw ûntfolke wie. Mei de stifting fan it kleaster yn 1088 troch de muonts Kristodoulos, dy't fan it eilân Kos nei Patmos kaam, waar it eilân op 'e nij befolke. Foar de bou hie de muonts tastimming krige fan keizer Aleksios I Komnenos, dy't foar de oerdracht in bul mei in gouden segel liet opstelle en it kleaster frij stelde fan belestings en in ferbod ynstelde foar amtners fan de oerheid. Sa waard it eilân in lytse religieuze republyk dêr't allinne muontsen wennen. Klokketoer De bou fan it kleaster fûn plak op in heuvel mei de ruïne fan in oan de goadinne Artemis wijde timpel. Ien fan de blokken fan de timpel waard brûkt foar it alter fan de mei fresko's fersierde katolikon. Kristodoulos waard de earste hegumen fan it kleaster dat er stifte, mar moast it eilân ferlitte fanwegen de piraten. Hy gyng werom nei Kos, dêr't er om 1111 hinne ferstoar. It kleaster bleau lykwols bestean en de reliken fan de stifter waarden letter nei it kleaster werom brocht en yn in oan him wijde kapel byset.

It kleaster waard boud as in fort mei bastions en tuorren en om it kleaster hinne ûnstie foar de wurkers in doarp mei lân, dat letter útgroeide ta Chora. Om't piraten en Seltsjûken in bedriging foar it kleaster foarmen waard it mei mear dan 15 meter hege muorren omjûn. De lingte fan de muorren binne fan noard nei súd 53 meter en fan east nei west 70 meter. Boppe de tagong is op in hichte fan meardere meters in iepening yn de muorre te sjen wêrtroch baarnende oalje, siedend hyt wetter of sels lead getten waard om tefoarren te kommen dat de fijân de poarte wisten te forsearjen. Dêrfandinne krige de poarte de bynamme "De Moardner". Kapel fan it Hillige Krús Yn de 13e iuw foel it eilân ûnder de soevereiniteit fan it keizerryk Nisea, mar de keizers Teodoros Jehannes IV en Michael VIII respektearren alle âlde rjochten fan it kleaster. Nei't Patmos yn 1453, lykas oare Grykske eilannen, troch de Turken ferovere waard moast it kleaster skatting betelje oan de sultan. It kleaster bleau lykwols ek yn de tiid fan de Ottomaanske besetting aktyf as kleaster.

Yn 1770 waard it eilân Patmos lykas oare eilannen yn de Egeyske See op de Ottomanen ferovere troch de Russyske Float ûnder leiding fan Aleksej en Fjodor Orlov. De beide bruorren ferneatigen dêr de Turkske float by Çeşme en joegen de oanset foar de Grykske striid foar de ûnôfhinklikens. Ien fan harren dolk wurdt noch bewarre yn it kleastermuseum.

Bibleteek

Mei de bou fan it kleaster sette Kristodoulos ek útein mei de opbou fan in bibleteek. Doe't er op it eilân oankaam brocht er sels al de earste oanset foar de bibleteek mei. Tsjintwurdich bestiet de bibleteek út 3000 printe boeken, 900 manuskripten en 13000 dokuminten. Grottsjerke

Grot fan de Apokalyos

By it kleaster is in grot, dêr't Jehannes de Teoloog de iepenbierings krige hawwe soe, dy't opskreaun waarden troch syn learling Prochorus. Yn de grot is in tsjerke en guon spoaren dêr wurde yn ferbân brocht mei it ferbliuw fan Jehannes, lykas in plak dêr't er him de holle deljoech en in stien dêr't Prochorus de fizioenen fan Jehannes opskreau. De grot is ûnderdiel fan it wrâlderfskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :ru:Монастырь Иоанна Богослова (Патмос)

Jehannes de Teoloog Kategory:Patmos Kategory:Bouwurk út de 11e iuw Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 11e iuw Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Wrâlderfgoed yn Grikelân


Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
El Greco Jakob Instagram @coach.jakob
The old church museum is phenomenon. Very spiritual place with huge history. ????????????????
Dimitris L.
3 May 2016
This place just have a really great energy. You have to feel it
Berto Sousa
15 September 2013
http://www.catholic.org/travel/greece/video.php?video=26
Hürser Tekinoktay
8 June 2019
???? mysterious
Ιωάννης Αβραμίδης
Niceeeee _ Poli omorfa
Load more comments
foursquare.com
7.7/10
4,261 people have been here
Sun 11:00 AM–2:00 PM
Mon 10:00 AM–4:00 PM
Tue 9:00 AM–2:00 PM
Wed 9:00 AM–4:00 PM
Thu 11:00 AM–2:00 PM
Fri 10:00 AM–3:00 PM

Monastery of Saint John the Theologian on Foursquare

Kleaster fan Jehannes de Teoloog on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Golden Sun

starting $91

Hotel Athina

starting $47

Petra Hotel & Suites

starting $0

Allotina Houses

starting $60

Acqua Blu Boutique Villas

starting $151

Villa Del Mar

starting $260

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Cave of the Apocalypse

The Cave of the Apocalypse is situated about halfway up the mountain,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Heraion of Samos

The Heraion of Samos was a great sanctuary in the southern region of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Tunnel of Eupalinos

The Tunnel of Eupalinos or Eupalinian aqueduct (Modern Greek:

Add to wishlist
I've been here
Visited
Pythagoreion

The remains of the Pythagoreion, an ancient fortified port with Greek

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kos

Kos (Gryksk: Κως) is in Gryks eilân en Grykske gemeente (dimos) yn de

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lake Bafa

Lake Bafa is a lake situated in southwest Turkey, part of it within

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mausoleum of Maussollos

The Tomb of Mausolus, Mausoleum of Mausolus or Mausoleum at

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bodrum Castle

Bodrum Castle (Bodrum Kalesi), located in southwest Turkey in the city

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Abdij fan Westminster

Abdij fan Westminster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Jvari (monastery)

Jvari or Jvari Monastery (ჯვარი, ჯვრის მონასტერი) is a Geo

Add to wishlist
I've been here
Visited
Geghard

Kleaster Geghard

Add to wishlist
I've been here
Visited
Rila Monastery

The Monastery of Saint John of Rila, better known as the Rila

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sümela Monastery

The Sümela Monastery (Greek: Μονή Σουμελά, Turkish: Sümela Mana

See all similar places