Kûskovo

Kûskovo

Куско́во

lokaasje
lân 20px Ruslân
plak 20px Moskou
oare ynformaasje
webside kuskovo.ru

Kûskovo (Russysk: Куско́во) is in bûtenpleats yn Moskou, Ruslân. It wie it simmerferbliuw fan de Sjeremetevs, ea ien fan de rykste famyljes fan Ruslân, dat oarspronklik bûten de stêd Moskou lei, mar sûnt de jierren 1960 makket Kûskovo diel út fan it Eastlike Administrative Distrikt fan de stêd. It yn de Frânske styl oanleine park telt tal fan bouwurken dy't it besjen wurdich binne en tsjintwurdich is yn de oranzjery op it lângoed it Russyske Nasjonale Keramykmuseum ûnderbrocht.

Skiednis

Kûskovo kaam yn de 17e iuw yn it besit fan Boris Petrovitsj Sjeremetev (1652–1719), in Russyske maarskalk dy't ûnder tsaar Peter de Grutte tsjinne, dy't Ruslân in oerwinning brocht tsjin Sweden yn de Slach fan Poltova (1707) ûnder de Grutte Noardske Kriich. Op it plak stie al in houten tsjerke, in hûs en ferskate fivers. Paleis Syn soan greve Pjotr Borisovitsj Sjeremetev (1713–1787) liet it neoklassisistyske paleis bouwe. Greve Sjeremetev wie ien fan de rykste lju fan Ruslân, hie nauwe bannen mei it hôf en wie in grut leafhawwer fan keunst. Likernôch tagelyk mei Kûskovo liet hy ek in stedspaleis oan de kaai fan de Fontanka yn Sint-Petersburch bouwe. Mei Kûskovo wie de greve fan doel in paleis te bouwen dat moaier en grutter wie as dat fan oaren fan syn stân en dat meunsterje moast mei de residinsjes fan de tsaren. Om't it paleis tichteby Moskou lei en goed te bereizgjen wie, tsjinne it paleis allinnich foar it fieren fan grutte feesten en seremoanjes, dêr't somtiden wol 30.000 gasten op ôf kamen.

De gebouwen op it lângoed waarden tusken 1730 en 1790 op in gebiet fan mear as 300 hektares útfierd. It âldste bouwurk dat de tiid trochstie is de Ferlossertsjerke, dy't op it plak fan in houten tsjerke tusken 1737 en 1739 yn de styl fan de Peter-barok mei moarmeren bylden boud waard. De neoklassistyske klokketoer waard letter yn 1792 tafoege. It park mei in strakke, geometryske foarmjouwing docht oan Versailles tinken.

Yn 1918 krige it lângoed de status fan it museum en yn 1938 waard besletten om der ek it earste keramykmuseum fan de Sovjet-Uny ûnder te bringen. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden der barakken op it gebiet boud foar soldaten dy't in training foar slûpskutter krigen.

Bouwurken

Nederlânsk hûs Grotto Ferlossertsjerke Keukengebou Oranzjery

Paleis (1769-1775)

It paleis waard yn de jierren 1769 oant 1775 oplutsen yn de neoklassisistyske styl, in styl dy't doe foar grutte nije gebouwen yn Sint-Petersburch en Moskou yn opgong wie. It paleis waard fan hout boud op in stiennen sokkel en dêrnei stúkt en farve yn pastelkleuren en wie ornearre foar de seremoniele ûntfangst fan gasten yn de simmer. De portico fan it paleis waard ûntwurpen mei in mei sfinkseftige bylden flankearre opgong, sadat de koetsen mei maksimaal acht hynders oant de doar ta ride koene om dêr de gasten útstappe te litten. De arsjitekt fan it paleis is net mei wissichheid te sizzen, mar der binne guon dy't de bou taskriuwe oan Karl Blank.

Nederlânsk hûs (1749)

De fergulde sifers op it Nederlânske hûs tsjûgje fan in bou yn 1749 en it is it âldste paviljoen. It hûs fan twa ferdjippings is in typysk Nederlânsk hûs út de 17e iuw mei trepgevel en stiet oan in fiver, dy't mei in grêft ferbûn is mei de grutte fiver. De muorren binne stúkt en mei in bakstienstruktuer beskildere, fan binnen binne de muorren fersierd mei Delfts-blauwe tegels. It hûs waard boud ta oantinken fan Peter de Grutte, by wa't maarskalk Boris Sjeremetev tsjinne.

Italjaansk paviljoen (1754-1755)

It Italjaanske hûs ûntstie yn de jierren 1754-1755 en is boud yn de styl fan in Italjaanske filla. De arsjitekt fan it paviljoen wie Jûri Ivanovitsj Kologrivov, dy't yn Rome in oplieding oer arsjitektuer folge hie. it gebou tsjinne as in museum foar de eigners fan Kusovo. De oarspronklike yndieling fan de keamers yn de filla bleau bewarre.

Grotto (1755-1761)

Ien fan de meast ynteressante bouwurken fan Kûskovo is de Grotto, dat neffens de arsjitekt de ferpersoanliking fan de eleminten fan stien en wetter foarstelle moast. It barokke gebou waard ûnder lieding fan Fjodr Argûnov boud yn de jierren 1755-1761 en is ryklik fersierd mei bylden yn nissen, reliëfs op de frontons en liuwekoppen. De binnenmuorren binne belein mei kleurd glês, skelpen, stúkwurk en kalktuf.

Hermitaazje (1765-1767)

It Hermitaazje-paviljoen wie allinnich foar in selekt selskip ornearre, lju dêr't de Sjeremetevs nauwe kontakten mei ûnderholden. Minsken kamen yn de hermitaazje om tidens de grutte feesten op it lângoed efkes út te rêsten. Op de twadde ferdjipping koe men allinnich mei in mechanyske lift komme. Op de benedenferdjipping wurken de tsjinstboaden, dy't mei in fernimstich systeem hapkes en drankjes nei boppe ta oan de gasten servearje koene. Yn de jierren 1980 waard de hermitaazje yn de oarspronklike steat werom brocht.

Oare gebouwen

  • Oranzjery (1761-1763)
  • Fûgelhûs (resinte bou)
  • Menaazjery (resinte bou)
  • Tsjerke fan de Ferlosser (1737-1739) mei klokketoer (1792).
  • Keukens (1756-1757).
  • Koetshûs (twadde helte fan de 19e iuw)
  • Amerikaanske kassen (resinte bou).
  • Switsersk hûs (jierren 1870, arsjitekt Nikolai Benois)
  • Iepenloftteater(1763).
  • Hûs fan de behearder (1810)

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]


Kategory:Lângoed yn Ruslân Kategory:Museum yn Moskou


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Andrew 翁 Òng
12 January 2016
Whoa! Such a beautiful park in Moscow...my first impression
mikeangelo
6 January 2011
Must see place in Moscow! Beautiful and so much history around...
Дмитрiй Канунниковъ
Excellent park and estate!
Алексей Фомин
25 August 2016
Столько лет живу в Жулебино, а там был первый раз!!! Нам в двойне повезло, была шикарная погода и день бесплатных билетов в музеи! Так же можно на лодке покататься(300₽ за 30 мин в будни и 400 по вх.)
victoria t????vintseva
24 February 2017
Усадьба волшебной красоты ???? и дворец, сохранившийся до наших дней в своём первозданном обличие (берите экскурсию, не пожалеете!)
Darius A
30 May 2015
Прекрасное место для спокойных прогулок и что особенно приятно, людей удивительно мало.. Особо радуют аллеи c высокими аккуратно подстриженными кустами и многочисленные великолепные скульптуры.
Load more comments
foursquare.com
8.2/10
Julia Nenasheva, Denis Kruchkov and 46,745 more people have been here
Map
Ulitsa Yunosti, 2 строение 1, Moskva, Russia, 111402 Get directions
Tue-Wed None
Thu 2:00 PM–6:00 PM
Fri Noon–7:00 PM
Sat-Sun 11:00 AM–9:00 PM

Kuskovo on Foursquare

Kûskovo on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Hyatt Regency Moscow Petrovsky Park

starting $256

Hotel National a Luxury Collection Hotel Moscow

starting $293

The Ritz-Carlton, Moscow

starting $1950

Four Seasons Hotel Moscow

starting $755

Veliy Hotel Mokhovaya Moscow

starting $102

Landmark Hostel Arbat

starting $10

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Кусково (лесопарк)

Лесопарк «Куско́во» — лесопарк площадью 310,5 га, находящий

Add to wishlist
I've been here
Visited
Московский драматический театр на Перовской

Театр на Перовской (Московский драматический Театр на Пе

Add to wishlist
I've been here
Visited
Терлецкий парк

Терлецкий парк (Терлецкая дубрава) — лесной массив площадью 141 гект

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lebedyansky Ponds

Lebidyansky pond is one in the cascade Izmaylovsky ponds in the east

Add to wishlist
I've been here
Visited
Izmaylovsky Park

Izmaylovsky Park or Izmaylovo Park is one of the largest parks (urban

Add to wishlist
I've been here
Visited
Vlakhernskoye-Kuzminki

Vlakhernskoye-Kuzminki was a former estate of the Stroganov and

Add to wishlist
I've been here
Visited
Гараж Госплана

Гара́ж Госпла́на — здание гаража на Авиамоторной улице в Москве, по

Add to wishlist
I've been here
Visited
Кузьминки-Люблино

Природно-исторический парк «Кузьминки-Люблино» — о

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Penrhyn Castle

Penrhyn Castle is a country house in Llandegai, Bangor, Gwynedd, North

Add to wishlist
I've been here
Visited
Ostankino Palace

Ostankino Palace is a former summer residence and private opera

Add to wishlist
I've been here
Visited
Austrått

Austrått or Austrått Manor (in Norwegian: Austråttborgen) is a ma

Add to wishlist
I've been here
Visited
Burghley House

Burghley House is a grand 16th-century English country house near the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Penshurst Place

Penshurst Place is a historic building near Tonbridge, Kent, 32 miles

See all similar places