Ladogamar

Ladogamar
Wite-Seekanaal.</small>]]
De Ladogamar makket diel út fan it Wite-Seekanaal.
Geografy
Lokaasje noardwestlik Ruslân
Koördinaten 61°00′N 31°30′E
Sifers
Maks. lingte 219 km
Maks. breedte 138 km
Oerflak 17.700 km²
Djiptegemiddelde 51 m
Djipste punt 230 m
Wetterfolume 837 km³

De Ladogamar (Russysk: Ладожское Озеро, Ladožskoje Ozjero, útspr.: ['ladəʂskəjə 'ozʲɪrə]; Finsk: Laatokka; Karelysk: Luadogu; Wepsysk: Ladoganjärv), is in grut binnenwetter dat yn it noardwesten fan it Jeropeeske diel fan Ruslân leit, yn it binnenlân noardeastlik fan 'e eastpunt fan 'e Finske Golf. It is de grutste mar fan Jeropa, mei in oerflak fan 17.700 km². Op 'e ranglist fan 'e grutste marren fan 'e wrâld nimt it it 14de plak yn. It djiptegemiddelde is 51 m, mei in djipste punt op 230 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 138 km (fan west nei east), en op it langste punt 219 km (fan noard nei súd).

Geografy

De Ladogamar wurdt oan 'e noardkant omsletten troch de autonome republyk Kareelje en oan 'e súdkant troch de provinsje Leningrad. Tusken 1919 en 1940 lei de mar op 'e grins fan Finlân en de Sovjet-Uny, mar nei de Winteroarloch (of Twadde Finsk-Russyske Oarloch) fan 1939-1940 moasten de Finnen (ûnder mear) de noardwest- en noardkust fan 'e mar opjaan en waard de grins opskood nei it westen ta. Yn it súdwesten rikt de Ladogamar suver oan 'e eastlike bûtenwiken fan 'e stêd Sint-Petersburch ta. Yn it westen wurdt dit binnenwetter skaat fan 'e Finske Golf, dat in earm fan 'e Eastsee is, troch de Karelyske Lâningte. Oan 'e eastkant skiedt in bredere lâningte it fan in oar grut binnenwetter, de Onegamar. De noardlike kust fan 'e Ladogamar.

Yn 'e Ladogamar lizze likernôch 660 lytse eilantsjes, wêrûnder de Valaam-arsjipel, Kilpola en Konevets. Foar it meastepart binne dy yn it noardwestlike part fan 'e mar sitewearre. De Ladogamar wurdt fet troch de rivieren de Svir, de Volchov en de Vuoksi, en wetteret ôf fia de rivier de Njeva, dy't te Sint-Petersburch útmûnet yn 'e Finske Golf. De Ladogamar is befarber, en makket ûnderdiel út fan it Wite-Seekanaal, dat de Eastsee ferbynt mei de Wite See, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Noardlike Iissee. It Ladogakanaal, dat súdlik fan 'e mar oanlein is, ferbynt de rivieren de Njeva en Svir sûnder dat binnenfeartskippen wat feitliks in lytse binnensee is, hoege oer te stekken.

Fiskerij

Der sit hiel wat fisk yn 'e Ladogamar, fan 48 ûnderskate soarten, wêrûnder foarn, brazem, snoekbears, bears, poask en spjirring. Inkeld wurdt der ek de bedrige steur noch waarnommen. De kommersjele fiskerij wie dan foarhinne ek altyd in wichtige boarne fan ynkomsten foar de doarpen en stedsjes dy't oan 'e marsigge leine, oant der tusken 1945 en 1954 fanwegen de krapte fuort nei de Twadde Wrâldoarloch slimme oerbefisking plakfûn, mei as gefolch dat de fiskstân ynstoarte. Sadwaande is de fiskerij sûnt 1956 oan strange regels bûn. Tsjin 'e santiger jierren liek de fiskstân fierhinne wer bekommen te wêzen, mar de beheinings fan 'e fiskerij binne noch altyd fan krêft. Yn 'e mar libbet fierders in lânseigen ûndersoarte fan 'e ringelrob, dy't de Ladogaseehûn neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kategory:Mar yn Ruslân


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Sveta
22 September 2015
Smoked fish, pure water, great landscapes
Marina Mysheva
25 August 2013
Чудесно! Сказочно тихо, свежий воздух, водичка плещет, красиво-красиво. Здесь бы еще гостевые домишки.. В общем, я безумно довольна проведенным временем. И плевать на расстояние от Спб ☺????????
Настя Бахвалова
14 September 2015
Летом на этой стороне Ладоги яблоку и в правду негде упасть. Несколько лет подряд песчаной полосы вообще не было, потому что вода подходила очень близко, но в этом году Ладога снова - маленькое море.
Natasha ???? Kokorich
1 September 2015
Лучшее время для посещения - классические питерские пасмурные деньки: не нужно конкурировать за уединенное место с сотнями отдыхающих. Можно спокойно провести время наедине с собой под музыку волн
Мария Голяева
Завораживающая северная красота, песчаный пляж и ледяной ветер.... Сосновый лес и ковер из мха! Не хватает только чистоты.... Вывозите за собой мусор!!!
Татьяна
28 July 2014
Пляж чистый, песчаный. В хорошую погоду - ооочень много народу :) Чтобы не сгореть и не получить солнечный удар - берите зонтики, потому что спасительного кусочка тени на пляже не найдёте :)
Load more comments
foursquare.com

Hotels nearby

See all hotels See all
Repino Park

starting $246

Forest Rhapsody Resort

starting $92

Baza Otdykha Losevskaya

starting $60

Home Pobedovskaya 11

starting $0

Hotel House of the Hunter

starting $38

Krona Hotel

starting $19

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Конь-камень (Коневец)

Конь-камень на острове Коневец на Ладоге — это валун из серог

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kleaster fan Konevets

Konevitsky Kleaster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Valaam Kleaster

Valaam Kleaster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Igora

Igora is a year-round resort in the Leningrad Oblast, Russia. There's

Add to wishlist
I've been here
Visited
Osinovetsky Light

Osinovetsky Light (русский. Осиновецкий маяк) is an active lighthouse

Add to wishlist
I've been here
Visited
Korela Fortress

Korela Fortress (Russian: Корела, Finnish: Käkisalmen linna, Swedis

Add to wishlist
I've been here
Visited
Broken Circle

«Разо́рванное кольцо́» — мемориал, входящий в Зелёный пояс Славы,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nizhnesvirsky Nature Reserve

The Nizhnesvirsky Nature Reserve (русский. Нижнес

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Jökulsárlón

Jökulsárlón is the best known and the largest of a number of gl

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lake Pukaki

Lake Pukaki is the largest of three roughly parallel alpine lakes

Add to wishlist
I've been here
Visited
Minnewater

Minnewater or Love Lake is a lake in the center of Bruges, Belgium

Add to wishlist
I've been here
Visited
Meiktila Lake

Lake Meiktila (Burmese: မိတ္ထီလာကန် ]) is a lake located near Meiktila

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dique do Tororó

O Dique do Tororó é o único manancial natural da cidade de Sa

See all similar places