Longwood House

Longwood House wie de lêste residinsje fan Napoleon Bonaparte, ûnder syn ballingskip op it eilân Sint-Helena, fan 10 desimber 1815 oant syn dea op 5 maaie 1821. It hûs leit op in winige, kâlde flakte sa'n seis 6 km fan Jamestown.

Skiednis

Longwood wie oarspronklik in pleats fan de Britske East-Yndyske Kompanjy en waard it bûtenferbliuw fan de waarnimmend gûnverneur. It waard yn 1815 foar it gebrûk fan Napoleon ferboud. It Britsk regear joech lang om let ta dat it hûs net in gaadlik plak foar de eardere keizer en syn gefolch wie en hie in nij hûs yn de buert foar him sette litten dat er nea bewenne hat fanwegen syn te betiid ferstjerren ferstjerren. Yn febrewaris 1818 stelde gûverneur Sir Hudson Lowe oan Lord Bathurst foar om Napoleon te ferhúzjen nei Rosemary Hall op in gastfrijer part fan it eilân, yn'e lijte en it skaad, sa't Napoleon it graach hawwe woe. Mar beskate dingen dy't generaal Gourgaud yn Londen oan it ljocht brocht diene Lord Bathurst konkludearjen dat it feiliger wie om Napoleon op Longwood te hâlden, dêr't ûntkommen dreger wie. De bou fan it nije hûs begûn earst yn oktober 1818, trije jier nei de oankomst fan Napoleon op it eilân.

Nei Napoleons dea

Nei de dea fan Napoleon, kaam Longwood House wer oan de East-Yndyske Kompanjy, en yn 1833 oan de Britske Kroan, en krige it in lânboubestimming. Napoleon III ûnderhannele fan 1854 ôf mei de Britske regearing om it, wilens frijwat fertutearze, hûs en grûn oan Frankryk oer te dwaan. Dat barde yn 1858, tagelyk mei de 'Delling fan de Tombe', it plak dêr't Napoleon ynearsten beïerdige waard, foar in bedrach fan £ 7.100. Sûnt hat it Frânske ministeary fan Bûtelânske Saken it behear oer beide monuminten. Yn 1959 krige de Frânse regearing fan Dame Mabel Brookes in tredde eigendom, paviljoen The Briars, dêr't Napoleon de earste twa moannen wenne ûnder it tarieden fan Longwood.

Yn de 40er jierren fan de 20e iuw driigde der sloop fan it troch termiten oantaaste hûs, mar Longwood House waard rêden en is restaurearre troch Frânske kuratoaren. De stiennen trep oan de foarkant fan it hûs is it iennichst oerbleaune oarspronklike materiaal.

Longwood House is no in museum en ek de wenning fan de Frânske konsul op it eilân. It is ien fan de twa museums op it eilân, it oare is it Museum fan Sint-Helena.

Fierder lêze

  • Jean-Paul Kauffman, The Dark Room at Longwood (2000)
  • Julia Blackburn, The Emperor's Last Island: Journey to St.Helena (2000). Nederlânske oersetting: Het laatste eiland van de keizer: Een reis naar Sint Helena, 1992. Utjouwerij G. A. van Oorschot, Amsterdam. Oer Napoleon Bonaparte op Sint Helena en eat oer de skiednis fan dat eilân.

Keppeling om utens

Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Longwood House yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)
2.2/10
17 people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Villa Santai - Luxury Villa

starting $0

House of Chandra 3

starting $0

House of Chandra 4

starting $0

House of Chandra 2

starting $0

NOVA PRIDE HOTEL

starting $30

Whitefield Service Apartment

starting $30

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
High Knoll Fort

High Knoll Fort is a redoubt-style fort of the English East India

Add to wishlist
I've been here
Visited
Saint Paul's Cathedral (Saint Helena)

Saint Paul's Cathedral is a cathedral church on the island of St

Add to wishlist
I've been here
Visited
The Castle (Saint Helena)

The Castle is the main government building on the island of Saint

Add to wishlist
I've been here
Visited
Museum fan Sint-Helena

Ynterieur fan it museum

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Marmorpalais

The Marmorpalais (or Marble Palace) is a former royal residence in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sheikh Zayed Palace Museum

Sheikh Zayed Palace Museum (aka the Al Ain Palace Museum) is a museum

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nagytétény Palace

Nagytétény Palace or Száraz-Rudnyánszky Palace is today the fur

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cetinje Royal Palace

The Cetinje Royal Palace is located in Cetinje, Montenegro, and for

Add to wishlist
I've been here
Visited
Al-Gawhara Palace

Al-Gawhara Palace (Qasr al-Gawhara), also Bijou Palace, is a palace in

See all similar places