Walls in Kilsyth

Muorre fan Antoninus

1,352 people have been here
6.4/10

De Muorre fan Antoninus of Antoninuswâl is in ferdigeningswal fan seaden en stiennen dy't troch de Romeinen boud waard yn wat tsjintwurdich de sintrale belt fan Skotlân is. De muorre rint oer 60 kilometer fan Old Kirkpatrick yn West Dunbartonshire op de Firth of Clyde oant Bo'ness, Falkirk, op de Firth of Forth.

Doel

It bouwen fan de Muorre fan Antoninus begûn yn 142, ûnder it bewâld fan keizer Antoninus Pius, troch Quintus Lollius Urbicus en waard kompletearre yn 144.

Mei de bou wienen de Romeinen fan doel dizze yn it plak komme te litten fan de Muorre fan Hadrianus, sa'n 160 km nei it suden ta, om dêrmei de grins fan Brittanje fierder nei it noarden op te skowen. Mar wylst de Romeinen dwaande wienen tydlike fortifikaasjes te bouden en kampen foar it leger oan te lizzen, slagge it harren net om de Keltyske befolking yn it noarden te passifisearjen en hienen te krijen my ferskate oanfallen. De Romeinen neamden it lân te noarden fan de muorre Caledonia en harren bewenners Kaledoanjers.

De Muorre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianusmuorre, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochte as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide grêft en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa milen in fort. It bêst oerbleaune fort mar ek ien fan de lytsten is dy fan Rough Castle Fort.

Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn 164 lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn 197, arrivearre keizer Septimius Severus yn 208 yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorje, dochs waard de wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de Severuswâl.

Distiid

Hoewol't de muorre troch de tiid hinne goed te lijen hân hat en yn distiid sawat alhiel ferwoaste is, binne der noch hieltyd stikken fan de muorre te sjen yn Bearsden, Kirkintilloch, Twechar, Croy, Falkirk and Polmont.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Muorre fan Antoninus yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)
Location
Map
Address

0.1km from Antonine Wall, Glasgow G65, UK

Get directions
References

Muorre fan Antoninus on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
The Westerwood Hotel and Golf Resort - QHotels

starting $158

The Coachman Hotel

starting $85

Premier Inn Glasgow - Cumbernauld

starting $105

Castlecary House Hotel

starting $90

Kincaid House Hotel

starting $83

Halo Crowwood Hotel Glasgow

starting $77

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Rough Castle Fort
Grut-Brittanje

Rough Castle Fort is in toeristyske trekpleister yn Bonnybridge,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Falkirk Wheel
Grut-Brittanje

Falkirk Wheel is in toeristyske trekpleister yn Larbert,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Glasgow Cathedral
Grut-Brittanje

Glasgow Cathedral is in toeristyske trekpleister yn Glasgow,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Celtic Park
Grut-Brittanje

Celtic Park is in toeristyske trekpleister yn Glasgow, Grut-Brittanje

Add to wishlist
I've been here
Visited
Provand's Lordship
Grut-Brittanje

Provand's Lordship is in toeristyske trekpleister yn Glasgow,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Glasgow City Chambers
Grut-Brittanje

Glasgow City Chambers is in toeristyske trekpleister yn Glasgow,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Equestrian statue of the Duke of Wellington, Glasgow
Grut-Brittanje

Equestrian statue of the Duke of Wellington, Glasgow is in toeristyske

Add to wishlist
I've been here
Visited
Buchanan Street
Grut-Brittanje

Buchanan Street is in toeristyske trekpleister yn Glasgow,

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Muorre fan Hadrianus
Grut-Brittanje

De Muorre fan Hadrianus of Hadrianuswâl (Ingels: Hadrian's Wall)

Add to wishlist
I've been here
Visited
Badaling
China

Badaling is in toeristyske trekpleister yn Hsi-po-tzu, China

Add to wishlist
I've been here
Visited
Roman Walls of Lugo
Spanje

Roman Walls of Lugo is in toeristyske trekpleister yn Lugo, Spanje

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sineeske Muorre
China

De Sineeske Muorre is in searje stiennen en ierden bouwurken fan sa'n

Add to wishlist
I've been here
Visited
Hushan Great Wall
Noard-Korea

Hushan Great Wall is in toeristyske trekpleister yn 어적리, Noard-Korea

See all similar places