Niagarawetterfal


left
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde nûge dêr in begjin mei te meitsjen.


Kategory:Siden dêr't de stavering fan hifke wurde moat

Horseshoe Falls Râne fan ien fan de wetterfallen Toeristen op in boatsje by de wetterfallen Horseshoe Falls American Falls en Bridal Veil Falls De Niagarawetterfallen (Ingelsk: Niagara Falls, Frânsk: Chutes Niagara) hearre ta de grutste en bekendste wetterfallen fan de wrâld. De wetterfal bestiet út trije dielen: de Horseshoe Falls, de American Falls en de Bridal Veil Falls. Se lizze op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada tusken de lykneamde stêden Niagara Falls yn de Amearikaanse steat New York en Niagara Falls yn de Kanadeeske provinsje Ontario. De stêden binne ferbûn troch de Rainbow Bridge, in brêge oer de rivier de Niagara, ûnder de wetterfallen.

Beskriuwing

It ferfal fan de wetterfallen is net sa grut, trochsneed sa'n 60 meter, mar de breedte en de hoemannichte wetter dy't de Niagarawetterfallen passearet, soargje wol foar in grut spektakel. Oan de Amerikaanske kant stiest neist it wetter dat oer de râne nei ûnderen ta falt. Oan de Kanadeeske kant, kinst net allinnich de American Falls mar ek de Horseshoefalls yn harren folle gloarje bewûnderje.

Der wurdt yn Niagara in soad elektrisiteit opwekt en de mannichte wetter dy't oer de râne nei ûnderen stoart is dan ek frij krekt regele. De wetterfallen hawwe har yn geologysk tempo troch de leechte fan de rivier de Niagara hinne ferpleatst en in stikje fierder streamôfwerts is te sjen mei hokker krêft de mealstroom fan it fallen wetter de rotsen oan de foet fan de fal útholle hat. Der binne dêr nauwe meterdjippe slûven yn de rotsen fûn dêr't amperoan in minsk yn past.

Toeristen kinne de wetterfallen fan tichtby besjen troch plak te sykjen op de Maid of the Mist, in boatsje dêr't tige ticht mei lâns de wetterfallen fearn wurdt.

De trije wetterfallen

Horseshoe Falls

De Horseshoe Falls, ek bekend as Canadian Falls, is it bekendste diel fan de Niagarawetterfallen. Ungefear 90% fan it wetter fan de rivier de Niagara streamt oer de Horseshoe Falls, wylst ûngefear 10% oer de American Falls streamt. De namme 'hoefizerwetterfal' komt fan de healrûne foarm fan dizze wetterfal. Dit diel fan de Niagarawetterfallen leit op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada, foar it grutste part op Kanadeesk grûngebiet, om krekt te wêzen tusken Terrapin Point op Goat Island yn de steat New York en Table Rock House yn Ontario.

De Horseshoe Falls is 671 meter breed. Yn de midden fan de Horseshoe Falls is it wetter ûngefear 3 meter djip en passearet it de râne fan de wetterfal mei 32 km/h. De hichte fan de wetterfal is 53 meter. De djipte fan de rivier oan de foet fan de wetterfallen is sels mear as de hichte fan de wetterfal, nammentlik 56 meter nei skatting.

Tusken Horseshoe Falls en de twa oare wetterfallen leit Goat Island. Twa brêgen boppe de wetterfallen ferbine it eilân mei de Amerikaanske kant.

American Falls

De American Falls is de grutste fan de twa Niagarawetterfallen dy't folslein yn de Feriene Steaten lizze, mar is lytser as de Horseshoe Falls. De breedte oan de top fan American Falls is ûngefear 253 meter yn in rjochte line. De totale lingte fan de bûgde râne is ûngefear 290 m. De hichte fan de wetterfal is 21 meter wêrnei't it wetter op in partij rotsen falt dy't troch in grutte ferskowing dêr yn 1954 te lizzen komd binne. De djipte fan it wetter oan de top fan American Falls is mar 0,6 m.

Bridal Veil Falls

Yn de American Falls leit in eilantsje, Luna Island, sadat dizze wetterfal út twa dielen bestiet: rjochts de eigentlike American Falls en links de lytste fan trije wetterfallen, Bridal Veil Falls. Krektas de American Falls leit dizze wetterfal hielendal op it grûngebiet fan de Feriene Steaten, tusken Luna Island en Goat Island. De breedte oan de top fan de Bridal Veil Falls is mar 17 meter. It ferfal fan Bridal Veil Falls is 24 m, mjitten oant de rotsblokken ûnderoan de wetterfallen. Oan de foet fan de wetterfallen leit, 31 meter ûnder de top, de Maid of the Mist Pool. It totale ferfal is 55 meter.

In fuotbrêge boppe de wetterfal ferbynt Goat Island mei Luna Island.

Galery


Panoramafoto fan de Horseshoe Wetterfal, sjoen fan deboppekant ôf

Kategory:Wetter yn Kanada Kategory:Wetter yn de Feriene Steaten Kategory:Geografy fan Ontario

Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
John George
14 August 2015
The view is amazing. Come later in the day so you can stick around for the fall lighting show, and fireworks if there are any. Boat tour recommend! Cheap parking just past the Skylon tower parking.
John Hankus
9 March 2015
Best place to view the falls. Walk the entire length for some nice scenery. Lots of tourists around in your way though. Don't be that guy who stops his car in the road for pictures. Pay for parking.
aeroRafa
21 January 2013
If you like photography, the tower on the Canadian side has the best view. Winter is the best time to visit. People don't like the cold so you an get great shots without tourists crossing your path
Gergely Nagy
8 October 2015
This is rather a mini Las Vegas than a city around the falls now already. What more is to come? Perfect place to party in the night if you have the budget for it.
Wladimir Coutinho Mesquita
Amazing!!! Beautiful during the day and amazing during the night with the LED Lights changing colors on the Falls. Loved it!
Deborah Lynn Rumble-Dani         BA 1995
Hotels and restaurants around Niagara Falls are not too expensive and the food is high quality with excellent service. The Falls are magnificent and worth it to see.
Load more comments
foursquare.com
9.5/10
Ekaterina Mikheeva, my life ????☘️?????? and 73,573 more people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Home sweet Home

starting $25

Sheraton Niagara Falls

starting $150

Wyndham Garden at Niagara Falls

starting $128

Rodeway Inn

starting $78

Howard Johnson by Wyndham Closest to the Falls and Casino

starting $74

Redwood Bed and Breakfast

starting $116

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Cave of the Winds (New York)

The Cave of the Winds was a natural cave behind Bridal Veil Falls at

Add to wishlist
I've been here
Visited
Prospect Point Park observation tower

The Prospect Point Park Observation tower is located in Niagara Falls,

Add to wishlist
I've been here
Visited
MarineLand

Marineland is a themed amusement and animal exhibition park in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Niagara Falls Sky Wheel

The Niagara SkyWheel is a 175 feet (53 m) tall Ferris wheel located

Add to wishlist
I've been here
Visited
Criminals Hall of Fame

The Criminals Hall of Fame Wax Museum is a wax museum on 5751 Victoria

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bird Kingdom

Bird Kingdom, is located in the tourist district of Niagara Falls,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Niagara River

The Niagara River flows north from Lake Erie to Lake Ontario. It forms

Add to wishlist
I've been here
Visited
Niagara Science Museum

The Niagara Science Museum is located in the original National Caron

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Minnehaha Falls

Minnehaha Creek is a tributary of the Mississippi River located in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bridal Veil Falls (Oregon)

Bridal Veil Falls is a waterfall located on the Columbia River Gorge

Add to wishlist
I've been here
Visited
Goðafoss

The Goðafoss (Icelandic: waterfall of the gods or waterfall of the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Garganta del Diablo

Add to wishlist
I've been here
Visited
Seljalandsfoss

Seljalandsfoss is one of the most famous waterfalls of Iceland. It is

See all similar places