Prins Edward-eilannen

De Prins Edwardeilannen binne twa lytse eilannen yn de Yndyske Oseaan tusken de kontininten Afrika en Antarktika. De eilântsjes hearre ta Súd-Afrika; se hjitte Prins Edward eilân en Marion eilân. Marion eilân is de grutste fan de twa en hat it heechste punt, de berch State President Swart Peak (1230 m). Beide eilannen binne fulkanysk; Marion eilân is de top fan in grutte skildfulkaan. Dy fulkaan is noch hieltyd aktyf. De eilantsjes lizze sa'n 1770 kilometer fan de Súd-Afrikaanske havenstêd Port Elizabeth ôf en hawwe tegearre in oerflak fan 335 km².

Prins Edward-eilannen Kaart fan de Prins Edwardeilannen De Prins Edwardeilannen binne twa lytse eilannen yn de Yndyske Oseaan tusken de kontininten Afrika en Antarktika. De eilântsjes hearre ta Súd-Afrika; se hjitte Prins Edward eilân en Marion eilân. Marion eilân is de grutste fan de twa en hat it heechste punt, de berch State President Swart Peak (1230 m). Beide eilannen binne fulkanysk; Marion eilân is de top fan in grutte skildfulkaan. Dy fulkaan is noch hieltyd aktyf. De eilantsjes lizze sa'n 1770 kilometer fan de Súd-Afrikaanske havenstêd Port Elizabeth ôf en hawwe tegearre in oerflak fan 335 km².

Skiednis

De eilannen binne ûntdutsen op 4 maart 1663 troch de Nederlanner Barend Barendssoan Lam dy't op it skip de Maerseveen ûnderweis nei Batavia (Nederlânsk-Ynje) wie. It noardlike eilân (Prins Edward eilân) neamde er Dina en it súdlike (Marion eiland) joech er de namme fan syn skip. De eilanne wiene neitiid net mear te finen omdat Lam de posysje ferkeard opskreau. Yn jannewaris 1772 wie it de Frânsman Marc-Joseph Marion du Fresne dy't se wer seach doe't er ûnderweis wie nei Antarktika.

James Cook besocht de eilannen ek, mar hy koe dêr net lânje troch it minne waar. De earsten dy't der lânen wiene seeliuwejagers yn 1803. Yn 1947 en 1948 anneksearre Súd-Afrika de eilannen en sette dêr in meteorologysk stasjon. Dit gebou waard al rillegau útwreide en tsjinnet ek as basis foar biologyske stúdzje op it eilân.

Floara en fauna

De eilannen binne ûnderdiel fan de toendra-ekoregio yn de Súdlike Yndyske Oseaan dy't ferskate Sub-Antarktyske eilannen omfettet. Yn it kâlde klimaat is it plantelibben beheind ta gerzen, moassen en koarstmoassen, wylst de grutste kloft lânseigen bisten fral ynsekten binne. Dêrneis bestiet de fauna út ferskillende fûgelsoarten, sa as 30.000 albatrossen, in miljoen pinguins en in soad meeuwen en stoarmfûgels. <ref> [1] </ref>

De natoer fan de eilannen is fral kwetsber at frjemde soarten ynbrocht wurde, benammen katten hawwe in protte swierrichheden feroarsake. Yn 1949 waarden fiif hûskatten nei Marion Eilân helle om sa it mûzeprobleem fan it waatstasjon te bestriden. It duorre mar efkes foar't it optilde fan de katten. Yn 1977 wienen der 3.400 katten op it eilân dy't op de fûgels jagen ynstee fan op mûzen. Guon fûgelsoarten waarden doe mei útstjerren bedrige. Guon stoarmfûgelsoarten binne yndie útstoarn op it eilân, dat men hat doe besocht de katten út te roegjen: in stikmannich katten waarden ynfektearre mei it katspesifike feline panleukopeny-firus, dat it tal katten werom brocht op sa'n 600 yn 1982.<ref>[2]Dynamics of a feline virus with two transmission modes within exponentially growing host populations, Шаблон:Aut; Utjouwer: BioInfoBank Library, date:2000-10-22</ref> De oerbliuwende katten waarden ôfsketten en yn 1991 waarden der noch mar acht fongen yn ien jier. Men is fan betinken dat der no gjints mear binne op Marion-eilân..

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

23px 46° 46' ZB, 37° 44' EL Kategory:Yndyske Oseaan Kategory:Súdlike Oseaan

bg:Принц Едуард (архипелаг) ca:Illes del Príncep Eduard de:Prinz-Edward-Inseln en:Prince Edward Islands eo:Princ-Eduardaj Insuloj es:Islas del Príncipe Eduardo fi:Prinssi Edwardin saaret fr:Archipel du Prince-Édouard hu:Prince Edward-szigetek it:Isole del Principe Edoardo ja:プリンス・エドワード諸島 ko:프린스에드워드 제도 lv:Prinča Edvarda salas nl:Prins Edwardeilanden no:Prince Edwardøyene pl:Wyspy Księcia Edwarda pt:Ilhas do Príncipe Eduardo ru:Острова Принс-Эдуард sk:Ostrov princa Eduarda (Južná Afrika) sl:Otočje princa Edvarda sv:Prins Edwardöarna uk:Прінс-Едуард (острови) zh:爱德华王子群岛

Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Prins Edward-eilannen yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)

Hotels nearby

See all hotels See all
Oceana Beach and Wildlife Reserve

starting $505

The Royal Guest House

starting $44

The Lookout Guest House

starting $36

The Halyards Hotel and Spa

starting $53

Kowie River Chalets

starting $87

Dockside Guest House

starting $40

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Kneiphof

Kneiphof (Lithuanian: Knypava; Polish: Knipawa) was a quarter of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Namiseom

Namisum is a tiny half-moon shaped island located in Chuncheon, South

Add to wishlist
I've been here
Visited
Santorini

Santorini (Greek: Σαντορίνη, pronounced ]), officially Thira (G

Add to wishlist
I've been here
Visited
Skye

Skye or the Isle of Skye (Scottish Gaelic An t-Eilean Sgitheanach

Add to wishlist
I've been here
Visited
Isla Contoy

Isla Contoy is a small island in the Mexican state of Quintana Roo,

See all similar places