De Reade See is in see tusken Egypte en it Midden-Easten. Der binne fiif lannen om de Reade See hinne, Egypte, Sûdan, Saûdy-Araabje, Jemen en Eritrea. De Reade See is ûntstien troch Platetektonyk, de Arabyske plaat beweget fan de Afrikaanske plaat ôf nei it easten ta. Yn it suden stiet de Reade See yn ferbining mei de Yndyske Oseaan, yn it noarden ferbynt it Suez Kanaal de Reade See en de Midlânske See.