Ryksdei (Sweden)

It parlemintsgebou (Riksdagshuset) dêr't de Ryksdei sûnt 1905 fêstige is. De Ryksdei fan Sweden (Sweedsk: Sveriges riksdag) is de nasjonale wetjouwende macht fan Sweden. Sûnt 1976 bestiet de Ryksdei út ien keamer mei 349 leden (riksdagsledamöter) dy't, sûnt 1994, om de fjouwer jier ferkeazen wurde.

De funksje fan de Ryksdei is fêstlein yn de konstitúsje ûnder de Wet op de regearfoarm (Regeringsformen) fan 1974. Ien fan syn wichtichste taken is om oer wetten te beslissen.

It parlemintsgebou (Riksdagshuset) stiet yn it sintrum fan Stokholm, de haadstêd fan it lân. De lêste ferkiezings fûnen plak op 14 septimber 2014.

Skiednis

De oarsprong fan de hjoeddeistige Ryksdei leit yn 1435, doe't yn it stedsje Arboga in gearkomste holden waard om inkelde saken te bepraten dy't foar it hiele lân fan belang wiene. Dizze gearkomste wurdt dêrom ek wol it earste parlemint fan Sweden neamd. Dochs liet Kening Gustaaf I pas yn 1527 fertsjintwurdigers fan alle fjouwer stannen (de eallju, de geastliken, de boargerij en eigenierden) meiprate. It wurd "Ryksdei" waard yn de 1540-er jierren foar it earst brûkt.

Yn 1865 waard it parlemint fan de fjouwer stannen opheft en ferfongen troch in twakeamerstelsel. De leden fan de Earste Keamer (Första kammaren) waarden troch de provinsjerieden en de gemeentebestjoeren fan gruttere stêden ferkeazen. Allinnich manlju wiene ferkiesber, ôfhinklik fan âldens, ynkommen en fermogen. Ek foar de Twadde Keamer (Andra kammaren) wiene allinnich manlju ferkiesber, en om stimme te meien moast men ûnreplik guod yn besit ha of ynkomstebelesting betelje. Yn 1909 krigen alle manlju kiesrjocht en sûnt 1919 kinne froulju ek stimme.

It twakeamerstelsel moast yn 1971 romte meitsje foar in ienkeamerstelsel mei 350 leden. By de ferkiezings fan 1973 wie de útslach lykwols sa dat sawol de sosjalisten as de net-sosjalisten 175 sitten krigen, mei as gefolch dat der somtiden lotte wurde moast om ta in beslút te kommen. Om dy reden is it tal sitten yn 1976 oanpast nei 349.

Kearntaken

Wetjouwing

Ien fan de wichtichste taken fan de Ryksdei is de wetjouwing. Wetsfoarstellen wurde oer it algemien troch it regear yntsjinne, mar leden fan de Ryksdei hawwe dêr sels ek de mooglikheid ta yn de foarm fan in moasje. Alle wetsfoarstellen wurde earst troch in kommisje behannele foar't de Ryksdei der oer stimt. In mearderheid foar in wetsfoarstel is nedich om him oan te nimmen. De Ryksdei ynformearret it regear oer it beslút, wêrnei't dy de nije wet publisearret en tafersjoch hâldt op de útfiering derfan.

Ryksbegrutting

De Ryksdei is ferantwurdlik foar it opmeitsjen fan de ryksbegrutting. It wurk begjint yn april wannear't it regear syn earste foarstel yntsjinnet foar it ekonomyske belied. Yn septimber komt it regear mei in twadde foarstel, diskear mei de folsleine ryksbegrutting. Yn de begrutting wurdt oanjûn hoefolle jild oft der binnen komt en wêr't it jild oan útjûn wurdt. De Ryksdei nimt oer it foarstel in beslút, wêrnei't it regear syn plannen útfiere kin.

Kontrôle

Op ferskate wizen kin de Ryksdei it funksjonearjen fan it regear en oerheidsynstânsjes beoardielje. Leden fan de Ryksdei hawwe de mooglikheid om fragen te stellen oan it regear. In grûnwetkommisje kontrolearret oft it regear him oan de wetten hâldt. De Ryksdei kin, as hy gjin betrouwen mear yn in minister of de premier hat, in moasje fan wantrouwen yntsjinje. Boargers kinne by in ombudsman te plak as hja harren earne net yn fine kine. In rekkenkeamer hâldt tafersjoch op de oerheidsútjeften.

Bûtenlânbelied

Noch in kearntaak fan de Ryksdei is it útwurkjen fan in bûtenlânbelied. Hy docht dit yn gearspraak mei it regear en de Advysried fan Bûtenlânske Saken. Beliedsmêden dy't ûnder de ferantwurdlikens fan de Ryksdei falle binne bygelyks de dielnimming fan Sweden oan fredesmisjes en de útjeften oan ûntwikkelingsgearwurking.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


Kategory:Polityk yn Sweden Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1865 Kategory:Parlemint


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
StockholmOurWay
21 November 2013
The island that the Parliament Building stands on, Helgeandsholmen, is just one of four islands that the district of Gamla Stan, Old Town, is made up by. Can you name the other three?
Sofie ????
22 August 2018
The (free) tours are really nice! The guides are well informed and very kind. Love the fact representatives are sitting by region.
StockholmOurWay
25 October 2013
Parliament Building, from where the country of Sweden is governed. The part that you see in the photo was added in the 1970s, it was originally built for the State Bank of Sweden.
Paolo Lim
3 March 2020
Free tour on weekends available but you need to queue early because only the first 28 to queue will be accepted. There is no possibility to book a place in advance.
Gabriel M.
23 July 2012
Free guided tours in Swedish or English. Only 28 tickets per tour, so arrive early to make sure to get in. Entrance in the first door on the right after crossing Riksbron.
stoRy touRs touRs
20 August 2013
Take a free guided tour in English or Swedish. In Summer everyday, several times. Interesting!! Recommended !!
Load more comments
foursquare.com

Hotels nearby

See all hotels See all
At Six

starting $320

Grand Hôtel Stockholm

starting $554

Hotel Kungstradgarden

starting $168

Downtown Camper by Scandic

starting $0

Downtown Camper by Scandic

starting $348

Scandic Sergel Plaza

starting $275

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Storkyrkan

Sankt Nikolai kyrka (Saint Nicolaus Church), most commonly known as

Add to wishlist
I've been here
Visited
Livrustkammaren

The Royal Armoury (Livrustkammaren) is located in the Royal Palace in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Stockholm Palace

The Stockholm Palace (svenska. Stockholms slott) is the official

Add to wishlist
I've been here
Visited
Stortorget

Stortorget (svenska. The Big Square) is a small public square in Gamla

Add to wishlist
I've been here
Visited
Gamla stan

Gamla stan (The Old City), until 1980 officially Staden mellan broarna

Add to wishlist
I've been here
Visited
Riddarholmen Church

The Riddarholmen Church (Swedish: Riddarholmskyrkan) is the burial

Add to wishlist
I've been here
Visited
Wrangel Palace

Wrangel Palace (Swedish: Wrangelska palatset) is a townhouse in

Add to wishlist
I've been here
Visited
German Church, Stockholm

Tyska kyrkan ('German Church'; German: Deutsche Kirche), sometimes

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
John Rylands Research Institute and Library

The John Rylands Research Institute and Library is a late-Victorian

Add to wishlist
I've been here
Visited
Stockholm City Hall

The Stockholm City Hall (Swedish: Stockholms stadshus or Stadshuset

Add to wishlist
I've been here
Visited
West Virginia State Capitol

The West Virginia State Capitol is the seat of government for the U.S.

Add to wishlist
I've been here
Visited
Manor House Hotel

The Manor House is a 14th-century country house hotel in Castle Combe,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Warner Bros. Studios, Leavesden

Warner Bros. Studios, Leavesden is an 80-hectare studio complex in

See all similar places