Castles in Camus Bridge

Rock of Cashel

90,634 people have been here
8.9/10

300px De Rock of Cashel (Iersk: Carraig Phádraig), ek bekend ûnder de nammen Cashel of the Kings en and St. Patrick's Rock, is in histoarysk plak yn Cashel yn it greefskip Tipperary, Ierlân.

Skiednis

Neffens de lokale mytology is de rots ôfkomstich fan de Devil's Bit, in berch 30 kilometer fierder noardlik. Doe't Sint Patrick de duvel út in grot ferballe gyng dat mank mei sa'n geweld, dat in diel fan de berch yn Cashel telâne kaam.

Cashel is it plak dêr't de kening fan Munster yn de 5e iuw troch de hillige Patrick him ta it kristendom bekearde. Iuwenlang wie de rots de sit fan de keningen fan Munster ear't de Normandyske ynvaazje plak fûn. Yn 1001 joech kening Muirchertach syn fêsting op de rots oan de Tsjerke. It kompleks is ien fan de meast opmerklike samlings fan Keltyske keunst en midsiuwske arsjitektuer fan Jeropa. Fan de oarspronklike bouwurken bleaune wat resten bewarre; it grutste part fan wat der hjoeddedei stiet datearret út de 12e en 13e iuw.

Gebouwen

Rûne toer en diel fan de katedraal Fresko's yn de kapel fan Cormac Hall of the Vicar's Choral

Rûne toer

It âldste en heechtste gebou is de 28 meter hege toer, dy't goed bewarre bleaun is en út likernôch 1100 stamt. De yngong leit 3,7 meter boppe de grûn, nedich fanwegen it ûndjippe fûnemint fan de toer sa't dat by de Ierske rûne tuorren wênst is. De toer waard doedestiids mei de saneamde drûge stien metoade boud. Foar de feiligens binne dielen fan de toer troch konservators tsjintwurdich mei mortel folle.

Cormac's Chapel

De Cormac's Chapel, de kapel fan kening Cormac Mac Carthaigh, waard yn 1127 boud en konsekrearre yn 1134. It is in foar dy tiid modern bouwurk mei wulvige plafonds en brede bôgen dy't oansletten by de Jeropeeske arsjitektuer en unike lânseigene eleminten. De út Ierlân ôfkomstige abt fan Regensburg stjoerde twa fan syn ambachslju om te helpen mei it wurk en de twillingtuorren oan wjerskanten fan de krusing fan it skip en it koer ferriede Dútske ynfloeden, dy't fierder net yn Ierlân foarkomme. Oare opfallende eigenskippen fan de kapel binne de bôgen, it tonferwulft, it timpaan boppe de beide portalen, it noardlike portaal en de koerbôge. Yn de kapel binne de bêste bewarre Ierske fresko's út dy tiid te sjen. De kapel waard fan sânstien boud, mar troch de ieuwen hinne liet de stien wetter troch sadat de fresko's skeind waarden. Foar it behâld derfan waard de kapel folslein ynsletten wurde troch in wetterticht omklaaisel en de stien ferfolgens útdrûge.

De katedraal

De goatyske katedraal waard tusken 1235 en 1270 boud en is in ienbeukich bouwurk yn krúsfoarm mei in sintrale toer. Oan de westlike kant fan de katedraal stiet it massive kasteel. De Hall of the Vicars Choral waard boud yn de 15e iuw. It koar bestie út leken (somtiden ek geastliken) dy't mei harren sang de tsjerketsjinsten glâns joegen. Yn 1975 waard de Hall restaurearre en tsjintwurdich leit hjir foar de toeristen de tagong nei it kompleks. High Cross Yn 1647, tidens de Ierske konfederaasjekrigen, waard Cashel under Murrough O'Brien troch Ingelske troepen plondere. De Ierske konfederaasjetroepen waarden útmoarde, krekt as de roomsk-katolike geastlikheid. By de plondering gyngen tal fan religieuze keunstwurken ferlern.

Yn 1749 waard it dak fan de katedraal yn opdracht fan de Anglikaanske aartsbiskop fan Cashel, Arthur Price, ferwidere. It ferwiderjen fan it dak, dat ien fan de moaiste fan de Ierske tsjerken wie, waard doe en ek letter swier bekritisearre.

Wat tsjintwurdich oer is fan de Rock of Cashel is in toeristyske attraksje woarn. Keninginne Elizabeth II die de Rock of Cashel oan tidens har offisjele besite oan Ierlân yn 2011.

Muorre en tsjerkhôf

It kompleks en it tsjerkhôf is mei in muorre ôffrede. Om de gebouwen hinne steane in grut tal krusen. Ien fan de grutste en meast ferneamde krusen is it saneamde Scully's Cross. Yn 1976 waard it krús fernield troch de bliksem. De resten fan it boppenste diel fan it krús lizze oan de foet fan it krús njonken de muorre.

Omjouwing

Deunby de Rock of Cashel steane de ruïnes fan Hore Abbey, in sistersjinzersk kleaster út de 13e iuw..

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

Kategory:Berch yn Ierlân Kategory:Skiednis fan Ierlân


Categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Bernard G
22 May 2011
Look west, downhill and next to Hore Abbey, to see where Queen Elizabeth landed.
Jazz O
17 March 2013
Pretty in green.
Load more comments
foursquare.com
Location
Map
Address

Rock of Cashel, Rock Ln, Moor, Cashel, Co. Tipperary, Ireland

Get directions
Open hours
Sun 9:00 AM–7:00 PM
Mon-Tue 9:00 AM–5:00 PM
Wed 11:00 AM–5:00 PM
Thu 10:00 AM–6:00 PM
Fri 10:00 AM–5:00 PM
Contact
References

Rock of Cashel on Foursquare

Rock of Cashel on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Baileys Hotel Cashel

starting $162

Tir Na Nog B&B

starting $104

Anner Hotel

starting $81

GN Ballykisteen Golf Hotel

starting $92

Rockville House B&B

starting $104

Palm Grove B&B

starting $93

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Hore Abbey
Ierlân

Hore Abbey is a tourist attraction, one of the Cistercian monasteries

Add to wishlist
I've been here
Visited
Athassel Priory
Ierlân

Athassel Priory is a tourist attraction, one of the Ruins in Golden,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cahir Castle
Ierlân

Cahir Castle is a tourist attraction, one of the Castles in Cahir,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Castle Oliver
Ierlân

Castle Oliver is a tourist attraction, one of the Mock castles in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Galtymore
Ierlân

Galtymore is a tourist attraction, one of the Mountains in Stagdale

Add to wishlist
I've been here
Visited
Callan Augustinian Friary
Ierlân

Callan Augustinian Friary is a tourist attraction, one of the Ruins

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kells Priory
Ierlân

Kells Priory is a tourist attraction, one of the Ruins in Priory,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lismore Castle
Ierlân

Lismore Castle is a tourist attraction, one of the Contemporary art

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Tsarevets
Bulgarije

Tsarevets (Български: Царевец) is a tourist attraction, one

Add to wishlist
I've been here
Visited
Platamon Castle
Grikelân

Platamon Castle (ελληνικά: Κάστρο του Πλαταμώνα) is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bodiam Castle
Grut-Brittanje

Bodiam Castle is a tourist attraction, one of the Castles in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Corfe Castle
Grut-Brittanje

Corfe Castle is a tourist attraction, one of the Castles in Corfe

Add to wishlist
I've been here
Visited
Bolsover Castle
Grut-Brittanje

Bolsover Castle is a tourist attraction, one of the Castles in

See all similar places