Lofthaven Schiphol is de grutste Nederlânske lofthaven. Nei London Heathrow Airport, Aéroport de Paris-Charles de Gaulle en Flughafen Frankfurt am Main is it de fjirdgrutste lofthaven fan Europa. It leit yn de gemeente Haarlimmermar sa'n 15 kilometer besúdwesten Amsterdam.
Schiphol is de thúshaven fan de Nederlânske
loftfeartmaatskippijen KLM, Martinair, ArkeFly, transavia.com en
Amsterdam Airlines. Dêrneist is it ek de Europese hub fan
Delta Air Lines en sûnt april 2011 de tredde hub fan priisfjochter
Vueling. De lofthaven leit inkele meters ûnder seenivo en hat seis
start- en lâningsbanen. Op it plak dêr't Schiphol no leit, hat
earder it doarp Rijk lein. De namme "Schiphol" wurdt ek brûkt as
plaknamme, krektas Schiphol-Oost en Schiphol-Rijk.
De lofthaven is eigendom fan de Schiphol Group (statutêre namme:
"N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske
Steat, en de gemeenten Amsterdam en Rotterdam.
Namme
De Nederlânsk namme fan de fleanhaven is Luchthaven
Schiphol en is yn it Ingelsk bekend as Schiphol Amsterdam
Airport. Oare Ingelske nammen binne Schiphol Airport,
Amsterdam Airport, Schiphol Airport Amsterdam of
Amsterdam Airport Schiphol. Yn it Frysk wurdt de namme
útsprutsen as Skiphol en wurdt yn Fryske teksten wol gauris
sa skreaun.
Tal passazjiers en
fleantúchbewegings
Jier |
Passazjiers |
1920 |
440 |
1928 |
10.793 |
1936 |
91.793 |
1938 |
> 100.000 |
1950 |
± 350.000 |
1959 |
> 1.000.000 |
1960 |
< 1.400.000 |
1967 |
3.263.342 |
1970 |
> 5.000.000 |
1979 |
> 10.000.000 |
1988 |
± 14.664.000 |
1989 |
> 15.000.000 |
|
Jier |
Passazjiers |
1990 |
± 16.000.000 |
1991 |
gjin gegevens |
1992 |
19.145.064 |
1993 |
21.274.269 |
1994 |
23.559.798 |
1995 |
25.355.001 |
1996 |
27.794.881 |
1997 |
31.569.977 |
1998 |
34.420.143 |
1999 |
36.772.015 |
|
Jier |
Passazjiers |
2000 |
39.606.925 |
2001 |
39.531.123 |
2002 |
40.736.009 |
2003 |
39.960.400 |
2004 |
42.541.180 |
2005 |
44.163.098 |
2006 |
46.066.050 |
2007 |
47.794.994 |
2008 |
47.430.019 |
2009 |
43.570.370 |
|
Jier |
Passazjiers |
2010 |
45.211.749 |
2011 |
49.755.252 |
2012 |
51.035.590 |
2013 |
52.569.200 |
|
Op Schiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:
Jier |
Fleantúchbewegings |
1940 |
1.649 |
1950 |
40.876 |
1960 |
89.560 |
1970 |
135.520 |
1980 |
185.836 |
1990 |
246.504 |
|
Jier |
Fleatúchbewegings |
2000 |
432.483 |
2001 |
432.101 |
2002 |
417.120 |
2003 |
403.800 |
2004 |
418.613 |
2005 |
420.736 |
|
Jier |
Fleantúchbewegings |
2006 |
440.153 |
2007 |
454.361 |
2008 |
446.629 |
2009 |
406.975 |
2010 |
402.375 |
2011 |
437.082 |
|
Jier |
Fleantúchbewegings |
2012 |
437.904 |
2013 |
440.057 |
|
Keppelings
om utens