Sierra Nevada (Feriene Steaten)

De lokaasje fan 'e Sierra Nevada yn Kalifornje. De Sierra Nevada (Spaansk foar "Snieïge Bergen") is in berchtme yn it westen fan 'e Feriene Steaten, dat foar it grutste part binnen de grinzen fan 'e steat Kalifornje leit, mei in lytse útrinder, it Carsonberchtme, yn it uterste westen fan Nevada. Dit berchtme is likernôch 650 km lang fan noardnoardwest nei súdsúdeast en op it breedste punt sa'n 110 km breed. It foarmet de skieding tusken de Sintrale Delling fan Kalifornje yn it westen en de Grutte Dobbe yn it easten, en omfiemet û.m. de Tahoemar, de grutste berchmar fan Noard-Amearika, en de pittoreske Yosemite-delling. It heechste punt is de Mount Whitney, mei in hichte fan 4.421 m. De Yosemite-delling, yn it Nasjonaal Park Yosemite.

De Sierra Nevada wurdt karakterisearre troch syn granytstiente, dat mear as 100 miljoen jier lyn by geologyske prosessen djip ûnder de grûn foarme is. It berchtme sels ûntstie sa'n 4 miljoen jier lyn, doe't it troch de beweging fan 'e tektoanyske platen fan 'e ierdkoarst omheech staat waard. Neitiid waard it granyt bleatlein troch eroazje dy't feroarsake waard troch de bewegings fan gletsjers, sadat de ljochtkleure bergen en kliffen ta wêzen kamen dy't hjoed de dei de Sierra Nevada opmeitsje.

Archeologyske fynsten bewize dat der yn 'e Sierra Nevada al teminsten fan 3.000 f.Kr. ôf bewenning troch lânseigen groepen foarkaam. Yn 'e histoaryske perioade waard it gebiet bewenne troch de Noardlike Pajût oan 'e eastkant, de Mono en Miwok oan 'e westkant en de Kawaiïsû en Tûbatûlabal yn it suden. Ferskate yntertribale hannelsrûtes rûnen troch de bergen. Yn 'e njoggentjinde iuw foarme it westlike foarlân fan 'e Sierra Nevada fan 1848 oant 1855 it toaniel fan 'e Kalifornyske Goudkoarts, wêrby't it gebiet oerstreamd waard troch likernôch 300.000 goudsikers, dy't de oarspronklike bewenners suver útrûgen om har lân yn besit te krijen. It berchtme sels wie lykwols lange tiid ûnferkend, om't it sa dreech tagonklik wie. Pas yn 1912 waard it lêste stikje fan 'e Sierra Nevada yn kaart brocht. Sûnt hawwe ferskate dielen fan it berchtme de status fan nasjonaal park krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kategory:Berchtme yn de Feriene Steaten Kategory:Geografy fan Kalifornje Kategory:Geografy fan Nevada


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Sierra Nevada (Feriene Steaten) yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)

Hotels nearby

See all hotels See all
Best Western Plus Frontier Motel

starting $94

Bellevue Guesthouse

starting $255

Comfort Inn & Suites Sequoia Kings Canyon

starting $135

Comfort Inn

starting $275

Sierra Lodge Three Rivers

starting $99

Cedar Grove Lodge

starting $112

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Mount Whitney

Mount Whitney is the highest summit in the contiguous United States

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mount Russell (California)

Mount Russell is a peak in the Sierra Nevada mountain range in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Manzanar

Manzanar is most widely known as the site of one of ten camps where

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kings Canyon National Park

Kings Canyon National Park is a U.S. National Park in the southern

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sequoia National Park

Sequoia National Park is a national park in the southern Sierra

Add to wishlist
I've been here
Visited
President (tree)

The President tree is the name of a giant sequoia located in the Giant

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mount Williamson

Mount Williamson, at Шаблон:Convert, is the second highest mount

Add to wishlist
I've been here
Visited
Owens Valley

Owens Valley is the arid valley of the Owens River in southeastern

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Kitzsteinhorn

The Kitzsteinhorn is a mountain in the main chain of the Alps in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Whistler Blackcomb

Whistler Blackcomb (Шаблон:TSX) is a major ski resort located 125 k

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alpe d'Huez (finishplak)

Alpe d'Huez is in skyoard yn de Frânske Alpen. It is foaral bekend

Add to wishlist
I've been here
Visited
Planai

Planai is a ski area in central Austria, the main mountain in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Qilian Shan

See all similar places