Sint-Janskatedraal (De Bosk)

Sint-Janskatedraal

Sint-Janskathedraal

lokaasje
lân 20px Nederlân
provinsje 20px Noard-Brabân
plak 20px De Bosk
adres Torenstraat 16
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1220 oant 1530
arsjitekt û.o. Alaert du Hamel en Lambert Hezenmans
boustyl Brabânske gotyk
monumintale status 12px ryksmonumint
monumintnûmer 21879
oare ynformaasje
hichte toer: 73 meter
webside Side fan de parochy

De Katedrale Basilyk fan Sint Jan de Evangelist, koartwei de Sint-Janskatedraal, op de hoeke fan de Parade en de Toerstrjitte yn de binnenstêd fan De Bosk wurdt beskôge as in hichtepunt fan de Brabânske gotyk. De katedraal makket yndruk troch de grutte en rykdom oan byldhouwurk. Eartiids as in parochytsjerke boud, waard de Sint-Jan yn 1366 in kapitteltsjerke en yn 1559 de katedraal fan it doedestiidsk nij bisdom De Bosk. Op 22 juny 1929 krige de tsjerke de pauselike earetitel basilyk.

It gebou hat de foarm fan in krústsjerke, mear spesifyk in krúsbasilyk. De tsjerke heart ta de Top 100 fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch en jildt as in saneamd "kanjermonumint", in kwalifikaasje dy't sûnt it jier 2000 by dit Ryk yn gebrûk is by de ferdieling fan jild foar restauraasjes.

Alle jierren dogge mear dan twa miljoen minsken de katedraal oan foar in besite en om in kears te baarnen by Us-Leaffrou fan De Bosk.

Skiednis

Ynterieur rjochting heechalter Op it plak fan de katedraal stie ynearsten in romaanske tsjerke. De bou dêrfan sette nei alle gedachten yn 1220 útein en duorre oant 1340. Om dat jier hinne, faaks nei't de tsjerke in kapitteltsjerke woarn wie, begûnen se de tsjerke stadichoan te ferfangen troch in nijbou yn goatyske styl. It koer wie nei alle gedachten om 1415 hinne foltôge en dêrnei waard fierder boud mei it skip. Tusken 1480 en 1496 is de ryk fersierde Sakramintskapel noardlik fan it koer oanboud. Yn 1505 is de romaanske tsjerke útsein dielen fan de romaanske toer ôfbrutsen. As lêste feriisde in hege toer op de fiering. It wurk oan de goatyske Sint-Jan einige om likernôch 1530 hinne.

De goatyske Sint-Jan waard oer de foargonger hinne boud en der binne noch jimmeroan dielen fan de romaanske tsjerke bewarre bleaun. It wie it doel om ek de âlde toer te slopen, mar troch brek oan jild binne dy plannen nea útfierd. De nije toer fan de Sint-Jan soe oan de oare kant fan de strjitte ferrize, mar doe't dúdlik waard dat dy der net komme soe moast der ymprovisearre wurde om de tsjerke oan te passen. Dat is te sjen oan it ferwulft yn de sydskepen. Op de plakken dêr't it ferwulft heart oan te sluten op de Marijekapel en de doopkapel doocht it net mear: de bôge hâlde healwei op en oansettings fan it ferwulft binne net foltôge en soks mear. Oan de bûtenkant is dat ek te sjen troch't de meast westlike finsters smeller binne dan de oare ramen.

Nei de fal fan de Spaanske fêsting De Bosk waard op woansdei 19 septimber 1629 in earste grifformearde tsjinst yn de tsjerke holden. Dêrby wiene Freark Hindrik fan Oranje-Nassau en syn frou Amalia fan Solms oanwêzich. Oare hege gasten wiene de kening fan Bohemen en de prins fan Denemark. Yn de stêd waard de fiering fan de roomske misse ferbean en ek alle oare katolike tsjerken foelen yn de hannen fan de protestanten. By de flecht nei it suden hiene de geastliken in soad fan de tsjerklike ynvintaris lykas bylden, skilderijen en alters meinommen. Ek it mirakelbyld fan Marije waard út de tsjerke helle en ferhûze nei Brussel, dêr it oant 1853 bewarre waard yn de Sint-Jakob-op-Koudenbergtsjerke en it tige heech oanskreaun stie. Tenei moasten de efterbleaune katoliken foar de misse yn skûltsjerken byinoar komme.

Doe't keizer Napoleon Bonaparte yn maaie 1810 de stêd oandie en him mei in delegaasje fan katolike ynwenners ûnderhold, waard it him dúdlik dat de oergrutte mearderheid fan de befolking noch jimmeroan roomsk wie. Mei de wurden "Vous aurez la grande église et un évêque aussi" (jimme sille de grutte tsjerke hawwe en ek in biskop) ûnthiet er de tsjerke wer oer te dragen oan de roomske mienskip. It bisdom waard op 'e nij oprjochte en yn de hjerst fan 1810 waard de weromjefte fan de tsjerke oan de roomsken troch Napoleon yn de Tuilerieën befêstige. De weromjefte fan it gebou bleau lykwols noch foar strideraasjes soargjen nei't der in ein oan de Frânske besetting kaam. Op 11 desimber 1816 tekene kening Willem I it dekreet om de Sint-Jan oan de katoliken werom te jaan.

Brân

Bliksemynslach feroarsake yn 1584 in earnstige brân, dy't mei de folle hegere houten fieringstoer ek dielen fan it dak oant it oargel ta ferneatige. Fanwegen jildbrek is der net in nije toer boud, mar waard der in soarte fan koepel oer it restant fan de fieringstoer boud.

Yn 1830 ûnstie fannijs brân, dy kear yn de westlike toer. De renovaasje kaam yn 1842 ree, mar in nije spits, dy't oant 73 meter heech rikket, krige de toer net earder as yn 1876. De ferdjipping dêr't de klokken hingje is 14e iuwsk. Der binne sawol liedklokken as in karriljon.

Restauraasjes

In by de restauraasje moderne tafoeging fan in byld fan in ingel mei mobyl Fan 1858 oant 1985 is der oanhâlden wurke oan de restauraasje fan it gebou. Ynearsten barde dat op in nochal rûge wize, wêrby't in soad frijheid nommen en minne stiensoarte tapast waarden, wylst it ynterieur fan allegear neogoatyske eleminten foarsjoen waard. Alhoewol't de katedraal yn de 19e iuw al foar it measte de hjoeddeiske foarm hie, binne der dochs in tal wichtige ferskillen te sjen, bygelyks yn de foarm fan de toer en koepel.

De lêste grutte restauraasje datearret fan 1999 oant begjin 2011, doe't grutte dielen fan it gebou weryn de stegers stiene om wêr nedich benammen de ferwarre dowestiennen en kalkstiennen ûnderdielen te ferfangen, lykas ornaminten, wetterspijers, pinakels, profyllisten en balustrades. Ek binne bylden en ingels ferfongen troch replika's yn Portlandstien en sânstien. It noardlike portaal waard hielendal demontearre omt de krammen en boarchpinnen rustich woarn wiene en it ruskjend izer útsette en sa druk op de sânstien, sadat focht djipper binnenkrong yn it poreuze sânstien. De skansearre sânstien is ferfongen troch reproduksje fan deselde stiensoarte en it izer is ferfongen troch rustfrij stiel.

It besjen wurdich

It moarmeren doksaal, sa't dat oant yn de 19e iuw noch yn de tsjerke stie Troch de byldestoarm yn 1566 en de oergong nei in protestanske eigner yn 1629 is der in soad fan it oarspronklike ynterieur ferdwûn. Dêrûnder alle alters (37 yn it begjin fan de 15e iuw oant 52 in iuw letter), in soad bylden en oare keunswurken. In grut ferlies foar de tsjerke betsjutte ek de ferkeap yn 1866 fan it moarmeren doksaal út 1611, dat tsjintwurdich te sjen is yn it Victoria and Albert Museum yn Londen. Dy kontroversjele ferkeap wie de oanlieding foar de oprjochting fan monumintesoarch. Likegoed binne der ek noch in tal bysûndere stikken bewarre bleaun. Lykas it doksaal waard ek it moarmeren heechalter yn de 19e iuw ferkocht en ferfongen troch in neogoatysk haadalter. Us-Leaffrou fan De Bosk Doopfont

It byld fan Us-Leaffrou út de 13e iuw

Fan it iken Marijebyld wurdt oannommen dat it tusken 1280 en 1320 yn Maastricht makke is. It byld fan Marije mei Kristus op har lofter earm is likernôch in meter heech. De wizânsje om it byld oan te klaaien datearret út de 15e iuw en resultearre yn it weifiken fan de oarspronklik houten klaaing. De oerbleaune beskildering is noch orizjineel, in grien kleed oer in reade tunyk foar Marije, mei spoaren fan dekoraasjes fan rozetten, sinnen en earnen en reade mansjetten by it Bern. It ûntbrekken fan elegânsje wie mooglik de oarsaak dat it byld net heech oanslein waard, om't de Frânsk gotyk fanôf it ein fan de 14e iuw in slankere foarstelling fan Marije yn 'e moade brocht.

Koerbanken

Healwei de fyftjinde iuw, net lang nei de bou fan it koer, waarden de banken op de noardlike en sudlike kant fan it hege koer boud. It letgoatyske fykwurk jout oanlieding om se tusken 1430 en 1460 te datearjen. It fykwurk waard fan 1877 oant 1881 restaurearre troch Hendrik van der Geld, dy't yn deselde styl ek eigen wurk tafoege. De misericordes binne lykwols ferlern gien, dy't fakentiden in bysûnder ûnderdiel fan it stuolte foarmen. De banken waarden tusken 1567 en 1570 ferwidere nei't de tsjerke ta katedraal ferheven waard om plak te meitsjen foar de biskopssit. It fykwurk van de boppeste banken oan de noardlike kant ferbyldet it Jongste Gerjocht, mei boppe Kristus en oan wjerskanten Marije en Jehannes de Doper.

Doopfont

It doopfont is in keunstwurk fan let-goatysk siersmeiwurk. It is yn oktober 1492 troch de koperjitter Aert van Tricht (Maastricht) út Maastricht levere makke. Seis figueren yn midskiuwske dracht drage de kûp. Se hawwe allegear in beheining en ferwize nei it fyfte haadstik fan it Evangeelje neffens Jehannes 5, wêryn't withoefolle sike lju mei krupsjes by de fiver Bethesda leine en op genêzing wachten troch as earste it wetter yn te gean as in ingel it wetter fan de fiver die weagjen. It lid hat in hege, iepenwurke bekroaning en is dekorearre mei kristlike symbolyk. De kraan dy't it lid omheech tild stamt út deselde tiid en is nei alle gedachten makke troch in smid út De Bosk. It Lijensalter Preekstoel

Lijensalter

It Lijensalter is in let-goatysk retabel, dat oarspronklik út de tsjerke fan it plak Sint-Anthonis komt en yn 1835 troch de pastoar jûn waard oan de gouverneur fan Noard-Brabân. By in feiling waard it retabel oankocht troch de feriening Rembrandt en oerdroegen oan de Sint-Jan. Sintraal yn it yn Antwerpen makke retabel stiet de skiednis fan it lijen fan Kristus. De doarren binne oan de binnenkant (dus yn de iepen sitewaasje) beskildere mei mear foarstellings fan it lijensferhaal. Yn sletten tastân binne der foarstellings te sjen út it libben fan Kristus.

Preekstoel

De preekstoel út it midden fan de sechtjinde iuw ferriedt renêssânse karakteristiken. Op de panelen fan de kûp binne reliëfs oanbrocht mei de predikaasjes út it Nije Testamint. Op it achterskot is in paneel fan de patroanhillige fan de tsjerke, dy't martele wurdt yn de siedend hite oalje. It klankboerd is seishoekich en hat in mei bylden fan de evangelisten, apostels, tsjerkefaars en profeten toerfoarmige bekroaning fan seis met heech.

Glês yn lead

De ramen yn it skip hawwe foarstellings fan de sân sakraminten en inkelde tsjerkefaars. Dy, en ek de ramen yn de koeromgong en it sudertransept binne nefffens ûntwerp fan Lambert Hezenmans útfierd troch de Belgyske glesker Jean-Baptiste Capronnier (ein 19e iuw). It raam by it noarder dwersskip is ûntwurpen troch Marius de Leeuw yn 1966. Foarsteld wurdt it fizioen fan Jehannes yn it boek Iepenbiering fan de sankoppige draak en de Frou dy't op in moanneskyl stiet. De ramen yn de doopkapel en de Marijekapel binne fan Pieter Wiegersma (1953). It raam yn it haadportaal fan it Lêste Oardiel is fan glesker Marc Mulder. As eigentiidsk detail is de terroristyske oanslach op 9 novimber 2001 op de Twin Towers yn it raam ferwurke.

Oargel

Oargel Nei de brân fan de houten fieringtoer duorre it ferhelpen fan de skea oan it gebou oant 1594. Ek de keunstwurken dy't ferlern giene moasten wer ferfongen wurde en yn 1610 krige Coenraed van Norenborch de opdracht om in nij doksaal te bouwen. Wat letter, tusken 1617 en 1620, mocht Hans van Mildert in nij haadalter bouwe foar de tsjerke. De renêssânse keunstwurken oerlibben de oerdracht fan de tsjerke oan de protestanten, mar ferdwûnen yn de 19e iuw dochs noch troch ferkeap út de tsjerke. It tredde keunstwurk út dat tiidrek, it monumintale oargel, bleau wol bewarre. Foar de brân besiet de tsjerke al trije bysûndere oargels, dy't alle trije troch it ferneamde Bosker oargelbouwerskaai Niehoff boud wiene. Fan dy trije oargels oerlibbe allinne it lytse oargel fan de Us-Leaffrou Bruorskip it ûnheil.

Ear't it oargel boud waard sette François Symons, in skrynwurker út Leien, alderearst útein mei de bou fan in galerij. It twintich meter hege front folge efkes dêrnei en de út Tirol ôfkomstige keunstner Georg Schysler dekorearre it front tige ryk mei bylden en fykwurk fan syn hân. De klok boppe yn it front is ferbûn mei it oerwurk yn de toer en dat jildt ek foar de trommel mei de ôfbylden fan de deadendûns dêrûnder, dy't alle oeren yn it rûn giet en de fergonklikens symbolisearret.

It ynstrumint waard yn 1622 troch de Keulske oargelbouwer Florens Hoque ôflevere. It oargel foldie lykwols net hielendal oan de muzikale ferwachtings. Syn feint Hans Foltfuss foltôge it wurk, mar doe't de tsjerke yn 1629 yn grifformearde hannen oergyng karden dy it katolike ûntwerp fan it ynstrumint ôf en waard it oan de protestanske moade oanpast

De oargelbouwers Cornelis Hoornbeeck (1718) en Christian Müller (1722) wurken oan it ynstrumint en brochten nije stimmen oan. Earst yn 1784 waard it yntusken degenerearre ynstrumint wer restaurearre troch oargelmakker Antonius Friedrich Gottlieb Heyneman út Nijmegen. In restauraasje wie it eins net want al brûkte Heyneman âlder piipwurk, syn wurk resultearre yn in folsein nei ynstrumint efter it histoaryske oargelfront. Hy feroare it let-renêssânse oargel yn in in grutter 18e iuwsk oargel. Tusken 1897 en 1902 fernijden en fergrutten de Bruorren Franssen út Roermond it oargel mei it oanbringen fan pneumatyske traktuer en tafoeging fan registers. De firma Heijthuysen makke it systeem by in restauraasje yn 1951-1953 elektro-pneumatysk. Yn de perioade 1982-1984 restaurearre de firma Flentrop it oargel, wêrby de tastân fan Heyneman as útgongspunt nommen en it piipwurk fan eardere oargelbouwers beholden waard. It systeem is boppedat wer mechanysk woarn.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :nl:Sint-Janskathedraal ('s-Hertogenbosch)

Kategory:De Bosk Kategory:Tsjerkegebou yn Noard-Brabân Kategory:Ryksmonumint yn Noard-Brabân Kategory:Katedraal yn Nederlân

[[Kategory:Bouwurk út 1220 Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út 1530


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Kevin van Dun
7 September 2015
This magisterial church, built between 1370 and 1529, has a tower dating partly from the 13th century and is the pride of the city. St John's Cathedral was built in Brabant Gothic style.
Sony Mobile WTA
27 May 2011
One of the most beautiful buildings in s'Hertogenbosch, well probably in the Netherlands. Inside you can find out whom the locals call 'Our Sweet Lady".
Novita Sumaiku
24 September 2012
I used to live in Den Bosch, The Netherlands and this is definitely one of the places you must visit if you are in that city. Very beautiful design - perfect for pictures!
Maria Köhler
18 January 2015
Beautiful medieval cathedral. Go inside and check out the window art.
Luca BG
15 December 2012
Definitely worth a visit.
Dennis van Oort
27 December 2012
Bezoek in december de kerststal. Een van de mooiste en grootste van Nederland
Load more comments
foursquare.com
9.0/10
Jan Derk Remmers and 3,066 more people have been here
Map
Torenstraat 16, 5211 KK 's-Hertogenbosch, Netherlands Get directions
Fri 11:00 AM–5:00 PM
Sat 10:00 AM–8:00 PM
Sun 8:00 AM–6:00 PM
Mon-Wed Noon–5:00 PM

Sint-Janskathedraal on Foursquare

Hotels nearby

See all hotels See all
Elegant Penthouse in the very heart of Den Bosch!

starting $162

Golden Tulip Hotel Central

starting $199

Best Western Eurohotel

starting $138

Fletcher Hotel-Restaurant s-Hertogenbosch

starting $115

Movenpick Hotels Hertogenbosch

starting $119

Campanile & Restaurant 's Hertogenbosch Hotel

starting $76

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Stedelijk Museum 's-Hertogenbosch

The Stedelijk Museum 's-Hertogenbosch (SM's) is a museum for modern

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kamp Vught

Kamp Vught (Dútsk: Konzentrationslager Herzogenbusch) wie ien fan de

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kasteel Ammersoyen

Kasteel Ammersoyen is n kasteel in Ammerzoden, Gelderlaand. Et kasteel

Add to wishlist
I've been here
Visited
Heeswijk Castle

Heeswijk Castle (Kasteel Heeswijk) is a former water citadel near

Add to wishlist
I've been here
Visited
Heeswijk Castle

Heeswijk Castle ('Kasteel Heeswijk') is a former water citadel near

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nemerlaer Castle

Nemerlaer Castle is a 14th century castle, located in Haaren, The

Add to wishlist
I've been here
Visited
Efteling

Yngong fan it park

Add to wishlist
I've been here
Visited
De Pont Museum of Contemporary Art

Museum De Pont is a contemporary art museum in Tilburg, Noord-Brabant,

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Basilica of Our Lady of Nazareth of Exile

The Basilica of Our Lady of Nazareth of Exile (Portuguese: Basílica

Add to wishlist
I've been here
Visited
Seville Cathedral

The Cathedral of Seville, also known as Catedral de Santa María de la

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cathedral of Maringá

Catedral Basílica Menor Nossa Senhora da Glória (or simply Catedral d

Add to wishlist
I've been here
Visited
Old Cathedral of Salamanca

The Old Cathedral (Spanish: Catedral Vieja de Santa María) is one of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cathedral Basilica of Salvador

The Cathedral Basilica of Salvador (Catedral Basílica de Salvador),

See all similar places