Sint-Nikolaasbasilyk (Amsterdam)

Sint-Nikolaastsjerke
lokaasje
lân 20px Nederlân
provinsje 20px Noard-Hollân
plak 20px Amsterdam
adres Prins Hendrikkade 73
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1884-1887
arsjitekt Adrianus Bleijs
boustyl Neobarok, neorenêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 4140
oare ynformaasje
hichte 58 meter
webside Nikolaasparochy

De Sint-Nikolaastsjerke of de Basilyk fan de hillige Nikolaas is een roomsk-katolike tsjerke yn de binnenstêd fan Amsterdam. De tsjerke waard boud yn de jierren 1884-1887 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Adrianus Bleijs (1842-1912) en is de tredde tsjerke mei dy namme yn Amsterdam. De earste, de hjoeddeiske Alde Tsjerke (Oude Kerk), is mei it ôfsetten fan it katolyk stedsregear yn 1578 oergien mei de reformaasje. De twadde Nikolaastsjerke wie in roomske skûltsjerke oan de Oudezijds Voorburgwal, dy't tsintwurdich bekend is ûnder de namme Us Ljeave Hear op Souder (Ons Lieve Heer op Solder).

Sûnt 8 desimber 2012 mei de tsjerke him basilica minor neame. Rome ferliende de earetitel oan de tsjerke fanwegen de grutte oanrin, it Mirakel fan Amsterdam en de ferearing fan de patroanhillige fan Amsterdam, Sint-Nikolaas.

De basilyk leit skeef foar it Sintraal Stasjon oer oan de Prins Hendrikkade en grinzget mei it koer oan it wetter fan de Oudezijds Kolk. De basilyk makket diel út fan de binnenstêdparochy fan de hillige Nikolaas.

Beskriuwing tsjerke

Koepel

De op 7 febrewaris 1878 ynwijde tsjerke waard neffens it foarbyld boud fan de Sint-Syriakustsjerke yn Hoarn, in ûntwerp fan deselde arsjitekt mar dan op folle lytsere skaal. De Nikolaastsjerke hat oan wjerskanten fan de gevel mei in grut roasfinster twa tuorren mei barokke helms en is boud yn ferskate neostilen. It front is net hielendal symmetrysk: de westlike toer stiet mear nei foarren as de eastlike toer, sadat de twa tuorren like fier fan de strjitte steane, dy't oangeande de tsjerke wat skeef rint. De net symmetryske bou hat te krijen mei't de bougrûn dy't doedestiids beheind wie.

De basilyk is boud as in trijeskippige krústsjerke en bestiet út in skip, in transept en in koer. It koer leit achter yn de tsjerke mei dêrnjonken oan beide kanten in kapel. De krusing fan de tsjerke wurdt bekroand mei in hege, achthoekige toer mei barokke koepel en lantearne.

Oan it ynterieur waard goed fjirtich jier wurke troch keunsters dy't yn dy tiid bekend wiene. It meubilêr yn de tsjerke is yn renêssânse-styl. It heechalter (1889), it Marije-alter (1890) en de preekstoel (1892) waard neffens ûntwerpen fan de arsjitekt makke troch Pierre Elysee van den Bossche. Fan deselde byldhouwer stamme ek it Joazef-alter, de kommunybanken en de moarmeren bylden fan Kristus en Marije.

De muorreskilderings binne noch hielendal yntakt en foar in grut part troch Jan Dunselman oanbrocht, dy't likernôch tritich jier yn de tsjerke wurke. Te sjen binne û.o. grutte foarstellings út it libben fan Sint-Nikolaas, it Mirakel fan Amsterdam en de Martlers fan Gorkum. Dunselman wurke fan 1891-1898 oan de krúswei, dy't by de grutte restauraasje fan 1997-1999 wer hielendal yn âlde gloarje werom brocht is. By dy grutte restauraasje waarden ek de oarspronklike ramen yn de koepel werom set, dy't der earder by in provisoaryske restauraasje 1966-1973 úthelle wiene om de finsters om statyske redenen tichtmitselje te kinnen. Ut dy tiid stamme ek acht nije ramen yn de ljochtbeuk fan de keunstner Jan Dibbets.

De Nikolaastsjerke krige yn 2012 nei it ôfsluten fan in tiid fan efterstallich ûnderhâld in nij alter fan Belgyske natoerstien neffens in ûntwerp fan Jan-Willem Oldeneel út Laren. It hat in brûnzen foet weryn't it Mirakel fan Amsterdam ferwurke is. Yn de alterplaat is in glêzen bol mei dêryn de reliken fan de martlers fan Gorkum. Oldeneel fersoarge ek de ûntwerpen foar de kandlers en de twa ambo's.

Oargel

De tsjerke hat ni oargel fan de oargelbouwer Wilhelm Sauer út Frankfurt oan de Oder. It oargel waard yn 1889 foar de doe nije tsjerke boud. Verschueren út Heythuysen restaurearre it oargel yn 2001.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Nikolaastsjerke, Amsterdam Nikolaastsjerke, Amsterdam Nikolaastsjerke, Amsterdam Nikolaastsjerke, Amsterdam


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Carl Griffin
5 December 2015
Great stained glass windows.
Alexander Kovalyonok
20 August 2017
Interesting architecture
Gabriel Alonso
7 November 2018
Great and beautiful church
Jos Snellaars
30 September 2012
Sunday @ 17.00 gregorian mis
Ângelo Miguel Geraldo
31 March 2016
A mais importante igreja católica da cidade (1888) é apenas uma das igrejas holandesas que homenageiam o padroeiro dos marinheiros.
Ferry Roseboom
31 October 2019
Vlak voor tijd naar binnengaan om een kaarsje op te steken. Met een beetje mazzel is de kleine kas dan al achter slot en grendel en krijg je het kaarsje gratis.
Load more comments
foursquare.com
7.3/10
Natalia and 4,390 more people have been here
Map
Prins Hendrikkade 74, 1012 AE Amsterdam, Netherlands Get directions
Thu 11:00 AM–4:00 PM
Fri 11:00 AM–4:00 PM
Sat Noon–8:00 PM
Sun 10:00 AM–6:00 PM
Mon Noon–3:00 PM
Tue 11:00 AM–4:00 PM

Basiliek van de Heilige Nicolaas (Nicolaaskerk) on Foursquare

Sint-Nikolaasbasilyk (Amsterdam) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
W Amsterdam

starting $480

Hotel Die Port van Cleve

starting $275

Hot Spot Fascinating Bed and Breakfast B2

starting $130

Best location Stunning Bed and Breakfast

starting $171

Spui B&B 2 Studio

starting $0

Spui B&B 1 studio

starting $210

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Schreierstoren

The Schreierstoren (English incorrectly translated as: Weeper's

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sex Museum, Amsterdam

Sex Museum, Amsterdam is a tourist attraction, one of the Sex museums

Add to wishlist
I've been here
Visited
Oude Kerk

The 800-year-old Oude Kerk ('old church') is Amsterdam’s oldest b

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sintraal stasjon (Amsterdam)

Stasjon Amsterdam Sintraal is it sintraal stasjon fan de Nederlânske

Add to wishlist
I've been here
Visited
Rauduonūju žėbintu kvartals

Raudonūjū žibintū kvartalos (olandų k. De Wallen, Walletjes arba Ross

Add to wishlist
I've been here
Visited
De Wallen

De Wallen (Шаблон:IPA-nl) or De Walletjes (Шаблон:IPA-nl) is the larg

Add to wishlist
I've been here
Visited
Openbare Bibliotheek Amsterdam

The Openbare Bibliotheek Amsterdam (Public Library Amsterdam) is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Conservatorium van Amsterdam

The Conservatorium van Amsterdam is a Dutch academy of music located

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Church of Nosso Senhor do Bonfim, Salvador

The Church of Nosso Senhor do Bonfim (Portuguese: Igreja de Nosso

Add to wishlist
I've been here
Visited
Basilica of Our Lady of Luján

The Basilica of Our Lady of Luján (español. Basílica de Nuestra Se

Add to wishlist
I've been here
Visited
Monserrate Sanctuary

Monserrate Sanctuary is a Catholic shrine in Bogotá, Colombia. The

Add to wishlist
I've been here
Visited
Basilica of Our Lady of Zapopan

The Basilica of Our Lady of Zapopan (español. 'Basílica de Nuestra S

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sint Pitertsjerke

De Sint-Pitertsjerke of San Pietro in Vaticano is in katolike tsjerke

See all similar places