Skiermûntseach (eilân)

Skiermûntseach of Skiermuontseach (Offisjeel: Schiermonnikoog), yn it lokale Frysk Schiermonnikeich of Lytje Pole, is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 1.001 ynwenners (1 jannewaris 2003). De gemeente hat in gebiet fan 199,07 km2, wêrfan 158,53 km2 wetter, en 44,2 km kust.

Eilân

Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.

It eilân feroaret, lykas oare Fryske eilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de wettelike grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgongen fan de lytste omfang, lei om 2000 hinne de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Iemsmûning. Op 1 jannewaris 2006 is de grins dêrom oanpast, dat dy no troch de Eilannerbalch rint. Op himsels wie it in foardiel om dúdlikens te hawwen oer de ferantwurdlikens oer it eilân, bygelyks by rampbestriding. Lykwols moast de provinsje Fryslân foar de 0,7 km2 lân- en 7 km2 wettergebiet 274.000 euro oan Grinslân betelje, en de gemeeente Skiermûnseach nochris 23.000 euro oan Iemsmûning. Dat hier der mei te krijen dat de ferdieling fan it gemeentefûns en fan it provinsjefûns beide basearre binne op gebiet. De lizzing fan it eilân sil no alle tsien jier op 'e nij besjoen wurde.

Plakken

It ienichste doarp op it eilân is Easterbuorren, meastal allinnich "it doarp" neamd om't Westerbuorren yn 1719 troch it wanneljen fan it eilân ferlern gien is.

Skiednis

It eilân hjit nei de Skiere muontsen fan it Kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast. It wie yn de Midsieuwen yn besit fan dat kleaster en in part fan de mûntsen wenne op it eilân. Yn 1580 waard Fryslân protestantsk, en dêrtroch waard Skiermûntseach eigendom fan de provinsje.

Om't de provinsje te min jild hie waard it eilân yn 1638 ferkocht, en fan 1640 oant 1859 wie it yn it besit fan de famylje Stachouwer. Yn 1859 waard it koft troch John Eric Banck, dy't in nije waaddyk oanlei en helm plante tsjin it stosân.

Yn 1893 waard it eilân ferkocht oan de Dútske greve Hartwig Arthur von Bernstorff-Wehningen, dy't der nullebeammen plante as produksjebosk. Nei de Twadde Wrâldkriich is it as fijannich kaptaal oan Nederlân kaam.

Taal

Op Skiermûntseach wurdt in dialekt fan it Frysk sprutsen. It Skiermûntseagersk Frysk wykt sa'n soad ôf fan de fêstewâldialekten dat oare Friezen it net maklik ferstean kinne.

Sjoch ek

  • Fryske doarpen
  • Fryske gemeenten

Keppeling om utens

Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
CRWLYUX
22 May 2017
Very special, very chill, low key. Great beach walks, lots of birds, butterflies, flowers, dunes and dykes.
Jordy Spruijt
30 September 2016
Fiets huren met versnellingen en lekker het eiland rondfietsen. Top dag gehad!
Nico Haagsma
22 November 2020
Mooi om weer op dit prachtige eiland te zijn
Load more comments
foursquare.com
8.4/10
Jan Derk Remmers and 60,007 more people have been here
Map
0.2km from Cornelis Visserpad, 9166 Schiermonnikoog, Netherlands Get directions
Mon 10:00 AM–5:00 PM
Tue 10:00 AM–Noon
Wed 10:00 AM–6:00 PM
Thu 10:00 AM–2:00 PM
Fri 10:00 AM–10:00 PM
Sat 9:00 AM–8:00 PM

Schiermonnikoog on Foursquare

Skiermûntseach (eilân) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
De Abdij van Dokkum

starting $89

Landgoed De Klinze

starting $129

Nice Swedish style house on a typical dutch gracht. Close to the National Park

starting $0

Nice house on a typical dutch gracht Close to the national park Lauwersmeer

starting $0

Hotel Waddenweelde

starting $69

Nice 5 house on a typical dutch gracht Close to the national park Lauwersmeer

starting $0

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Skierstins

The Skierstins is a medieval Stienhús built c. 1300 out of brick in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nije Fjoertoer (Boarkum)

De Nije Fjoertoer (Dútsk: Neuer Leuchtturm) fan Boarkum is in noch

Add to wishlist
I've been here
Visited
Menkemaboarch

De Menkemaboarch yn Uithuizen is ien fan de pear oerbleaune

Add to wishlist
I've been here
Visited
St. Walfridus kerk

St. Walfridus kerk is a church located in Bedum, Netherlands dedicated

Add to wishlist
I've been here
Visited
Prinsentuin (Groningen)

The Prinsentuin (English. Prince's garden) or, Prinsenhoftuin is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Martinitoer

De Martinitoer yn de stêd Grins is mei 97 m hichte de twadheechste

Add to wishlist
I've been here
Visited
Martinitsjerke

30px

Add to wishlist
I've been here
Visited
Steedhâlderlik Hof

It Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert is in earder ferbliuw fan de

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Yosemite National Park

Yosemite National Park (joʊˈsɛmɨtiː) is a national park located in t

Add to wishlist
I've been here
Visited
Los Glaciares National Park

Parque Nacional Los Glaciares ( The Glaciers) is a national park in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Iguazú National Reserve

The Iguazú National Reserve (Spanish: Reserva Nacional Iguazú) is a n

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sólheimajökull

Sólheimajökull (Icelandic pronunciation: ​]) is a glacier i

Add to wishlist
I've been here
Visited
Þingvellir

(Icelandic: Þing: 'parliament', vellir: 'meadows', 'fields'), is a

See all similar places