Slot Egeskov

Slot Egeskov
lokaasje
lân 20px Denemark
regio Súd-Denemark
gemeente Faaborg-Midtfyn
plak 5772 Kværndrup
adres Egeskov Gade 18,
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 1554
boustyl Renêssânse
oare ynformaasje
webside www.egeskov.dk

It Slot Egeskov is in wetterboarch yn Kværndrup súdlik fan Ringen yn de gemeente Faaborg-Midtfyn, Denemark. It slot is ien fan Jeropa's bêst bewarre wetterboargen en waard yn 1554 boud troch ryksmaarskalk Frands Brockenhuus (1518–1569). It tsjintwurdich 1.137 hektare grutte lângoed sels is âlder en datearret út de 14e iuw.

Skiednis

De earst bekende eigner fan it lângoed wie in lid fan it skaai Skinkel yn it begjin fan de jierren 1400. Yn dy tiid hiet it goed Egeskovgaard. It skaai Skinkel besiet it goed foar mear dan 150 jier, mar troch in houlik mei Anne Tinhuus Skinkel yn 1545 kaam it yn hannen fan Frands Brockenhuus, dy't it hjoeddeiske wetterslot yn renêssânse styl bouwe liet. Slot mei poartegebou Troch de politike ûnrêst, de reformaasje en de boargerkriich fan 1534 oant 1536 lieten in soad grutgrûnbesitters yn dy tiid harren hûzen ferbouwe ta in dreech yn te nimmen fêsting. Dat die ek Frands Brockenhuus, dy't syn boarch midden yn in grutte fiver boude. Neffens de oerlevering moast it slot op sa'n soad iken peallen boud wurde, dat dêr it hiele ikebosk foar nedich wie, itjinge de namme Egeskov (oers.: Ikewâld) ferklearret.

Oant 1784 bleau Egeskov yn hannen fan it neiteam fan Brockenhuus. Yn 1784 kocht Henrik Bille-Brahe (1709–1789) it slot, dy't út it aadlik skaai Bille stamde. Oant 1882 bleau it slot yn it besit fan de famylje Bille-Brahe, doe't it oerdien waard oan Julius Ahlefeldt-Laurvig-Bille. Hy liet it slot troch de Sweedske arsjitekt Helgo Zettervall renovearje. De spitsen fan de toer waarden verhege, de trepgevels rekonstruearre en it poartegebou waard boud. Noch jimmeroan is syn neiteam yn it besit fan it slot. Sûnt 1986 is it slot iepensteld foar toeristen.

Musea

Slotmuseum

It wichtichste diel fan de museale gebouwen is it slot sels. Yn it slot binne tsjien pronkkeamers oer twa etaazjes en in útstalling ûnder it dak te sjen. Meubilêr, skilderijen, muzykynstruminten, porslein en tal fan oare keunstwurken dokumentearje de lange skiednis fan it hûs. De wenwein fan de skilder Sigurd Swane en syn frou Agnete

Titanias Paleis

It bekendste útstallingsobjekt is it tige grutte poppehûs "Titanias Paleis", dat ferneamd waard nei de elfenkeningin Titania. De Ingelske ofsier Sir Neville Wilkinson boude mear as 15 jier oan it keunstwurk. It keamergrutte paleis bestiet út mear dan 3.000 keunstobjekten, dy't tige krekt yn details makke. Under de miniatuerromten fan it paleis is bygelyks ek in kapel mei in te bespyljen oargel.

Oare musea

Yn de oare gebouwen binne ferskate oare musea ûnderbrocht. Dêrûnder in museum foar oldtimers oant de jierren 1970, fleantugen en motors, in museum oer it de skiednis fan it rêdingswêzen fan Denemark en in útstalling fan poppehûzen. Oare útstallings geane oer de skiednis fan de lânbou, de hannel en de ambachten.

Tún

De om de fivers hinne oanleine tunen ûnstiene fasearre en wurde ek hjoeddedei noch jimmeroan fergrutte en foar de toeristen oanpast. In offisjele tagong foar it slot oer waard yn de jierren 1950 rekonstruearre.

Yn it noardeastlike, net foar it publyk tagongklike, diel is in histoarysk doalhôf fan hagebeuken, dy't yn it plan foar in grut part liket op it ferneamde doalhôf by Hampton Court Palace. It doalhôf is yn 1733 oanlein. Súdeastlik fan de slotfiver leit in doalhôf fan de multykeunster Piet Hein, in neikommeling fan de Nederlânske seeheld Piet Hein. Mear labyrinten om it slot hinne binne yn de moderne tiid oanplante.

De tún waard yn de kategory "Fiedere ûntjouwing histoaryske túnkompleksen" yn 2012 mei de Jeropeeske Túnpriis ûnderskieden fan it European Garden Heritage Network.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :de:Schloss Egeskov

Egeskov Egeskov Egeskov


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Juan Llaneza
30 August 2015
Perfect place for spending whole day with the family. Romantic castle, car and motorbike museum, playgrounds and entertainment place for kids,...
Benny Otzen
27 April 2018
We visited the mc store and also vent to the roofroom to see all the unfinished cars, mc, bicycle and a lot of other stuff. Great experience. It was in connection with opening day.
Kristin W
2 September 2013
Go walk in the trees in the Tree Top Walk, visit the oldtimer museum en play lawn games. The castle itself isn't so beautifull, the playground in the parc is 5 stars worth!
Sune Møller
20 July 2016
A little of everything - museum, garden, old castle and playground. It is the combination that makes this place special; not the individual attractions a lone
Dennis van Oort
9 August 2023
Great place to spend the day with family. Beautiful gardens, interesting expositions, large playground and fascinating castle
Katrien Sterckx
15 August 2014
A castle that fits perfect for our two little princesses (5&7). A pretty castle and a fantastic playground (treetop walk, old games, mazes ...)
Load more comments
foursquare.com
8.3/10
EnMork and 17,896 more people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Best Western PLUS Hotel Svendborg

starting $140

Hotel Faaborg Fjord

starting $170

Hotel Odense

starting $100

Faaborg Byferie Hotel & Apartments

starting $101

Hotel Garni

starting $88

Hotel Christiansminde

starting $124

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Svendborgsund Bridge

The Svendborg Sound Bridge (Svendborgsundbroen) is a bridge that

Add to wishlist
I've been here
Visited
Valdemars Castle

Valdemars Castle (Danish: Valdemars Slot) is a small palace situated

Add to wishlist
I've been here
Visited
Slot Hvedholm

It Slot Hvedholm (Deensk: Hvedholm Slot) is in slot likernôch 2

Add to wishlist
I've been here
Visited
Horne Kirke (gemeente Faaborg-Midtfyn)

De Tsjerke fan Horne (Deensk: Horne Kirke) yn Horne by Faaborg is in

Add to wishlist
I've been here
Visited
The Funen Village

The Funen Village (Danish: Den Fynske Landsby) is a Danish open air

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nuborg Castle

Nuborg Castle is a tourist attraction, one of the Castles in Nyborg,

Add to wishlist
I've been here
Visited
St. Canute's Cathedral

St. Canute's Cathedral (Danish: Odense Domkirke or Sct. Knuds Kirke),

Add to wishlist
I've been here
Visited
St. Alban's Church, Odense

St. Alban's Church (Danish: Sankt Albani Kirke) is the Roman Catholic

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Neuschwanstein Castle

Neuschwanstein Castle (German: Schloss Neuschwanstein, pronounced ])

Add to wishlist
I've been here
Visited
Toer fan Londen

De Toer fan Londen mei de Brêge fan de Toer

Add to wishlist
I've been here
Visited
Château de Gruyères

The Castle of Gruyères (in french: château de Gruyères), located in th

Add to wishlist
I've been here
Visited
Castel Sant'Angelo

The Mausoleum of Hadrian, usually known as the Castel Sant'Angelo, is

Add to wishlist
I've been here
Visited
Castello Scaligero (Sirmione)

Замок Скалігерів (італ. Castello Scaligero) —

See all similar places