Teide

De Teide. De Teide of El Teide (Spaansk: Pico del Teide, útspr.: ['piko ðel 'tei̯ðe], likernôch: "piko zel tee-y-ze") is in fulkaan op it eilân Teneryf, yn 'e Kanaryske Eilannen, in arsjipel foar de kust fan noardwestlik Afrika dy't bestjoerlik ta Spanje heart. Dizze fulkaan is 3.718 m heech, en is dêrmei de heechste berch fan sawol Spanje as fan alle eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan. Metten fan 'e seeboaiem ôf is de Teide sels 7.500 m heech, en dêrmei de op twa nei heechste fulkaan yn 'e wrâld, nei de Mauna Kea en de Mauna Loa, dy't beide op it Hawaïaanske eilân Hawaï lizze. De lokaasje fan 'e Teide yn 'e Kanaryske Eilannen.

Troch de hichte fan 'e Teide is Teneryf it op njoggen nei heechste eilân fan 'e wrâld. de Teide is noch altyd in aktive fulkaan, en de meast resinte útbarsting datearret fan 1909. Eardere histoaryske útbarstings fûnen plak yn 1798, 1706, 1705, 1704 en 1492. Hoewol't der yn 1909 net in protte skea oanrjochte waard, hat de Teide it potinsjeel om tige ferwuostgjend te wêzen. Sa waarden yn 1706 de wichtige havenstêd Garachico en ferskate doarpen yn 'e omkriten ferrinnenwearre, en de myten fan 'e Gûantsje, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, ferwize nei teminsten ien oare grutte útbarsting wêrby't in protte minsken omkamen. Yn 'e myte wurdt dy fulkanyske aktiviteit taskreaun oan 'e striid tusken de boasaardige fulkaangod Guayota en de skepper-god Achamán. De neite fan 'e Teide ta ferskate gruttere plakken, wêrûnder Garachico, Icod de los Vinos en Puerto de la Cruz, is sadwaande tige soarchlik.

De Teide en omkriten foarmje it Nasjonaal Park Teide, dat in oerflak fan likernôch 18,9 km² hat. Op 28 juny 2007 waard dat nasjonaal park op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO pleatst. De Teide is de meast besochte natuerlike besjensweardichheid yn hiele Spanje, en it Nasjonaal Park Teide is it meast besochte nasjonaal park fan it lân, en teffens fan Jeropa. Mei likernôch 3 miljoen besikers jiers is it ek it op sân nei meast besochte nasjonaal park fan 'e wrâld. Op 'e berchskeanten fan 'e Teide is ek in wichtige ynternasjonale stjerrewacht fêstige, it Teide Observatoarium.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Kategory:Berch yn Spanje Kategory:Geografy fan de Kanaryske Eilannen Kategory:Teneryf Kategory:Fulkaan


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Tia Vasiljevic
28 August 2018
The white, fluffy blanket in the background are made of clouds. Below this point the weather have been super cold & rainy, while in this height we were enjoying the warm sun & gorgeous view.
Klaudia Cembor
3 January 2016
Wow wow wow! See as much as you can and I propose walking down instead of the bus. There is an awesome trail starting from the back of Las Lajas recreational area. Be read for some trekking though.
Tia Vasiljevic
28 August 2018
On the road, there are spots with information boards to read through. It’s definitely worth it! Knowing more about how this place have been created by nature, what are the different plants here & more
Maria Tarasova
5 October 2013
Going to the very top is really a must! Make sure you get a special permission in advance via internet. When there are no clouds you can see all Canary Islands from the top! Also dress warm :)
Tia Vasiljevic
28 August 2018
There are also walking pathways to go on for nice walks, discovering the parks lovely areas. Great for enthusiastic photographers & explorers
Tia Vasiljevic
28 August 2018
It was so fun driving on a single road with no other cars coming opposite or behind us. Great feeling to be alone surrounded by this amazing scenery
Load more comments
foursquare.com

Hotels nearby

See all hotels See all
Holiday Home Haus de Ahnen

starting $0

Holiday Home Casa Bella

starting $0

Holiday Home Casa Banana

starting $0

Holiday Home Landhaus Carlos

starting $0

Hotel Emblemático San Agustin

starting $75

Hotel Emblemático San Marcos

starting $87

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Teide National Park

Teide National Park (español. Parque Nacional del Teide) is a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cueva del Viento

Cueva del Viento-Sobrado (Wind Cave) underground complex is the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Loro Parque

Loro Parque (Spanish for 'parrot park') is a zoo located on the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Lago Martiánez

Lago Martiánez is an open-air swimming pool complex located in Puerto

Add to wishlist
I've been here
Visited
Acantilados de Los Gigantes

Acantilados de Los Gigantes ('Cliffs of the Giants') are vertical

Add to wishlist
I've been here
Visited
Piramiden fan Guimar

De Piramiden fan Guimar binne seis treppiramiden yn it doarp Guimar op

Add to wishlist
I've been here
Visited
Siam Park (Tenerife)

Siam Park is a Loro Parque-owned water park in Tenerife, Canary

Add to wishlist
I've been here
Visited
Tenerife South Airport

Tenerife South Airport (Spanish: Aeropuerto de Tenerife Sur) (IATA:

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Vulcano

Vulcano (Sicilian: Vurcanu) is a small volcanic island in the

Add to wishlist
I've been here
Visited
Popocatépetl

Popocatépetl (commonly referred to as Popo, El Popo or Don Goyo)

Add to wishlist
I've been here
Visited
Stromboli

Stromboli (Sicilian: Stròmbuli, Greek: Στρογγύλη Strongulē) is a small

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kronotsky

Kronotsky (Russian: Кроноцкая сопка, Kronotskaya Sopka) is a major st

Add to wishlist
I've been here
Visited
Krasheninnikov (volcano)

Krasheninnikov (Russian: Крашенинников) is two overlapping

See all similar places