Theresienstadt (konsintraasjekamp)

Plak fan Theresienstadt yn Tsjechje Poarte fan it kamp Theresienstadt (Dútsk) of Terezín (Tsjechysk) is de namme fan in fort yn de Tsjechyske festingstêd Theresienstadt. It ein 18e-iuwske fort, dat it eardere konsintraasjekamp fan Theresienstadt wie, hjit "Lytse Festing", de stêd sels wurdt "Grutte Festing" neamd.

Lêste helte fan de 19e iuw tsjinne it fort as finzenis. Yn de Earste Wrâldkriich wie it fort in krichfinzenekamp, dêr't ek de moardner fan Frans Ferdinand, Gavrilo Princip oant 1916 fêstholden waard. Yn de Twadde Wrâldkriich brûkten de nazi's Theresienstadt as konsintraasjekamp en it Lytse Fort wie doe in Gestapofinzenis.

Theresienstadt yn de Twadde Wrâldkriich

Op 10 juny 1940 naam de Gestapo it befel yn Terezín oer. Tsjechyske en Moravyske fersetsstriders waarden yn it fort fêst set. Fan novimber 1941 ôf soe de stêd Theresienstadt (de Grute Festing) tsjinje as getto foar deportearre Joaden en wie Theresienstadt feitlik in konsintraasjekamp wurden. Theresienstadt wie fral in trochstjoerkamp foar Joaden dy't meast rillegau nei Auschwitz-Birkenau of oare ferneatigingskampen stjoerd waarden.

Op 30 oktober 1941 moast SS-Obersturmführer Siegfried Seidl fanwege Adolf Eichmann it getto opsette. Fan novimber 1941 oant july 1943 funksjonearre Seidl as earste kommandant fan it getto. It kamp Theresienstadt gie offisjeel iepen op 24 novimber 1941. In soad Joaden út Tsjecho-Slowakije waarden doe nei Terezín deportearre. Simmer 1942 waard de net-Joadske befolking fan Theresienstadt fuortstjoerd. Under de 'nije bewenners' wienen in protte keunstners, musisy en juristen. Dêrtroch ûnstie in drok kultuereel libben yn it getto. Yn it kamp húsmannen neist de folwoeksenen ek sa'n 11.000 bern.

De Joadse gettobefolking hie min ofte mear selsbestjoer: de ried fan âlden. Dy rie moast ûnder mear listen opmeitsje fan wa't wol en net deportearre wurde soe. At sy wegeren om mei te wurkjen doene domwei alle bewenners deportearre en ombrocht wurde. Untusken waarden de libbensomstannichheden yn Theresienstadt hieltyd minder. Dêr't earst sa'n 7.000 Tsjechoslowaken wenne hienen, wienen der no 50.000 minsken húsfêste. Der wie te min iten en allinne al yn 1942 stoaren der om en de by 16.000 bewenners. Ynwenners dy't har'fersetten tsjin de Dútsers as oars wat dienen dat harren net noaske, kamen yn it "lytse fort" (de finzenis) telâne, dêr't sy it noch folle minder hienen.

Modelstêd

Ynterieur fan de barakken Betinkstiennen by yngong Theresienstadt In 1943 waarden 500 Deenske Joaden nei Terezín stjoerd. De Deenske regearing easke dat it Reade Krús tagong ta de finzenen krige. Ein 1943 krige it Reade Krús permisje om yn 1944 de stêd te besykjen. De nazi's makken doe sabeare kafees en winkels yn it kamp, om it op in normaal wenplak lykje te litten. Om de oerbefolking foar it Rode Kruis ferside te hâlden waard in soad Joaden nei Auschwitz stjoerd. Doe sieten net mear as trije minsken op ien keamer. It Reade Krúss wie 'tefreden' oer de opfang fan Joaden en rapportearre dat ek; sy hienen har folslein ferrivelje litten.

De list wie sa'n súkses, dat der in propagandafilm oer Theresienstadt makke waard: Theresienstadt: Ein Dokumentarfilm aus dem jüdischen Siedlungsgebiet. Yn de film wurdt it sa foarsteld as hie Hitler de Joaden in moaie stêd jûn. De film toant finzen Joaden dy't sporte of winkelje yn it kamp. Nei de opnamea waarden sawol de akteurs as regisseur Kurt Gerron nei Auschwitz stjoerd en dêr fergast. De Duitsers woenen mei de film geroften oer konsintraasjekampen foar Joaden de kop yn drukke. It wie de bedoeling dat de film, fia it Reade Krús, de wrâld oer gean soe. By de befrijding fan Theresienstadt waard de film troch de alliearden fûn. De film wurdt no noch hieltyd sjen litten yn it museum op it stee fan it kamp.

Befrijding

Op 3 maaie 1945 droegen de nazi's de kontrôle oer it kamp oer oan it Reade Krús en op 8 maaie waard Theresienstadt offisjeel troch it Reade Leger befrijd.

Deadetal

Fan novimber 1941 oant april 1945 waarden sa'n 144.000 Joaden nei Theresienstadt deportearre; 33.000 fan harren stoaren yn de stêd sels troch brekme, sykte, tramtearring of eksekúsje. 88.000 Joaden waarden út Theresienstadt wei deportearre nei ferneatigingskampen, fral nei Auschwitz en Treblinka). By de befrijding wiene noch 19.000 finzenen yn libben. Fan de deportearre joaden dy't yn ferneatigingskampen bedarre oerlibben mar 3000. Fan de 10.500 bern yn it getto soene mar 142 de oarloch oerlibje. In grut part fan de finzenen waard krekt foar de befrijing fan Theresienstadt troch de Alliearden noch deasketten en yn massagrêven smiten.

De goed 140.000 nei Theresienstadt deportearre minsken kamen út de folgjende lannen:

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Kategory:Konsintraasjekamp Kategory:Skiednis fan Tsjechje


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
15 February 2022
Tento celí článok o koncentračnom tábore tedá celkové o druhej svetovej vojne tedá válku je to klamstvo presne tak pravda je to len naozaj ľudia ale aj mimochodom pravda je celkom iná tak je to naozaj ľudia
Y
13 November 2012
Definitely worth a tour around this historic site. Really interesting, and often shocking artifacts. An hour drive from Prague, or you can visit here by tour bus.
Nathan
17 November 2016
Make sure to get a guide around the grounds. Truly a site full of tragic history.
Gabi Frudelles
16 January 2015
Impressionante entrar nos quartos de um campo de concentração. Muito mais autêntico que auschiwitz. Conheça na cidade a escola onde as crianças viviam. Muito triste :/ mas uma aula de história.
Vicente Martinez
25 August 2016
Una visita recomendable para entender mejor la historia, pero que pone los pelos de punta y te hiela la sangre.
mahoni510
2 July 2019
Otobüsler Prag’ta Nadrazi Holesovice Metro istasyondan kalkıyor. Gezmek için ise en az 1 saat lazım. Bilet aldıktan sonra hediyelik eşya satan yerde Türkçe Broşür var, 5 Koruna.
Rachel 
15 April 2015
Vale la pena ir conocer este campo hay tour en ingles, español, alemán, italiano, filipino etc
Load more comments
foursquare.com
7.5/10
8,610 people have been here

Hotels nearby

See all hotels See all
Hotel Vetruse

starting $92

Hotel& Restaurant Vetruse

starting $77

Clarion Congress Hotel Usti nad Labem

starting $93

Apartment Vaclavov

starting $55

Hotel Vladimir

starting $57

Hotel Richmond Teplice

starting $83

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Ghetto Museum

First museum to the Jewish Ghetto, privately established in 1991 in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Říp Mountain

Říp mountain ( (·) in Czech) is a 459 m solitary hill rising up fr

Add to wishlist
I've been here
Visited
Royal field with the monument to Přemysl, the Ploughman

Royal field with the monument to Přemysl, the Ploughman (Czech:

Add to wishlist
I've been here
Visited
Ústí nad Labem Zoo

The Ústí nad Labem Zoological Gardens are located close to the c

Add to wishlist
I've been here
Visited
Oldřich Oak

The Oldřich Oak (Czech: Oldřichův dub), also known as the Prince Ol

Add to wishlist
I've been here
Visited
Berštejn Castle

Berštejn Castle is a 16th century Czech castle located just outside

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kokořín Castle

Kokořín Castle (Czech: Hrad Kokořín) is a castle located some 10 

Add to wishlist
I've been here
Visited
Castle of Duchcov

The Castle of Duchcov (Dux in German) is a castle in northern Bohemia,

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Auschwitz-Birkenau State Museum

The Auschwitz-Birkenau State Museum (Polish: Państwowe Muzeum

Add to wishlist
I've been here
Visited
Auschwitz

Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp yn Nazi-Dútslân. It is in s

Add to wishlist
I've been here
Visited
Auschwitz II-Birkenau

Auschwitz wie it grutste ferneatigingskamp fan Nazi-Dútslân. It lei y

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dachau (konsintraasjekamp)

Stek fan it kamp Dachau

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mauthausen (konsintraasjekamp)

Tagong mei haadpoarte Mauthausen

See all similar places