Transfiguraasjekleaster (Jaroslavl)

Transfiguraasjekleaster

Толгский монастырь

lokaasje
lân 20px Ruslân
oblast 20px Jaroslavl
plak 20px Jaroslavl
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster

It Kleaster fan de Transfiguraasje fan de Hear (Спасо-Преображенский мужской монастырь; ek: Spaso-Preobrazjensky Kleaster) is in earder kleaster yn Jaroslavl, Ruslân. It kleaster spile in wichtige rol yn de skiednis fan de stêd en op it grûngebiet fan it kleaster waard yn de 18e iuw it Igorliet ûntdutsen, in hichtepunt fan de midsiuwske Russyske literatuer. It kompleks leit oan de loftse kant fan de Kotorosl, dêr't de rivier útmûnet op de Wolga. Tal fan prinsen, biskoppen, aartsbiskopen, metropoliten en foaroansteande ynwenners fan Jaroslavl fûnen binnen de muorren fan it kleaster in lêste rêstplak.

Skiednis

út de earste helte fan de 16e iuw

It kleaster spile as geastlik, kultureel en ekonomysk sintrum in wichtige rol yn de skiednis fan Jaroslavl en waard yn de 12e iuw op in strategysk plak by in trochgong oer de Kotorosl stifte, sa't it ûnderdiel útmeitsje koe fan it ferdigeningssysteem fan de stêd. Tusken 1216 en 1218 waard binnen de muorren fan it kleaster de earste tsjerklike skoalle yn it noardeastlike diel fan de Rûs' oprjochte. Tagelyk waard mei de bou fan in earste katedraal foar it kleaster útein set.

Yn it kleaster waarden de foarsten fan it prinsdom Jaroslavl begroeven en al yn de 13e iuw besiet it kleaster in omfangrike bibleteek mei manuskripten. Dielen fan it houten kleaster gyngen mei in grutte brân yn 1501 ferlern. De gebouwen waarden troch stiennen gebouwen ferfongen, dy't foar in part oant hjoeddedei bewarre bleaun binne. Derûnder heart de Transfiguraasjeskatedraal, dy't yn 1516 oplevere waard.

Yn it midden fan de 15e iuw wie it mei it selstannige prinsdom dien en waard Jaroslavl in part fan it Grutfoarstendom Moskou. Foar Moskouse foarsten en letter ek de leden fan it tsarenhûs wie it kleaster in wichtich pylgerplak. Tsjin it ein fan de 16e iuw wie it kleaster troch jeften sa ryk woarn, dat it û.o. grutte gebieten om Jaroslavl, Kostroma en Moskou besiet.

Troch de nije stiennen ferdigeningsmuorre wist it kleaster yn de Tiid fan Ûnstjoer yn it begjin fan de 17e iuw in belis fan de Poalsk-Litouske troepen te wjerstean. De troch it belis skansearre ferdigeninswurken waarden yn de jierren 1621-1646 op'e nij konstruearre en krigen foar in grut part it tsjintwurdige oansjen. Tsjin it ein fan de 17e iuw wiene de goed bewapene muorren 820 meter lang, 10.5 meter heech en 2.8 oant 3 meter dik. It kleaster yn de 17e iuw It kleaster besiet in soad grûn oan de westlike kant fan de stêd lâns de wei nei Oeglitsj en dêr ûntstiene tal fan doarpen dy't by it kleaster hearden. It joech it kleaster in soad macht, dat sa ek jimmeroan mear ynfloed op it sosjale en ekonomyske libben fan Jaroslavl krige. It liede ta mear en mear konkurrinsje fan de stêd mei de delsettings fan it kleaster en somtiden sels ta konflikten. Poarte en Presintaasjetsjerke Yn 1747 waard binen de muorren fan it kleaster in Slvaysk-Latynske Seminary iepene, dat yn 30 jier tiid 300 studinten foarme. Oant 1875 bleau it seminary binnen de muorren fan it kleaster. It ferhuze doe nei it plak dêr't tsjintwurdich de fakulteit fan de geografyske wittenskip stiet.

Mei it ferhûzjen fan de residinsje fan de metropolyt fan Jaroslavl fan Rostov nei it Transfiguraasjekleaster waard it kleastser it ûnderkommen fan de aartsbiskop fan Jaroslavl. Yn de bibleteek fan it kleaster waard yn de jierren 1790 in monumint fan de Russyske literatuer fûn: it 12e iuwske hânskrift fan it Igorliet. Yn de 19e iuw waarden noch inkelde bouwurken tafoege oan it kompleks en fûnen der noch restauraasjes of ferbouwings plak.

Nei de oktoberrevolúsje yn 1917 wie it dien mei de residinsje fan de metropolyt. It kleaster waard in museum en tidens it Sovjet-rezjym waard tusken 1918 en 1923 in restauraasje útfierd om de gefolgen fan de opstân fan Jaroslavl tsjin de bolsjewiken te ferhelpen. Letter fûn der noch in restauraasje yn 1957-1958 plak. It kompleks foarmet sûnt 2005 ûnderdiel út fan it UNESCO-wrâlderfskip fan de binnenstêd fan Jaroslavl.

Tsjerken en gebouwen

  • Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear (1505-1516)
  • Tsjerke fan de Wûnderwurkers Fjodr, David en Konstantyn (1825-1833)
  • Ferrizenistsjerke (16e iuw)
  • Hillige Poarte mei de Presintaasjetsjerke (Datum bou ûnbekend)
  • Klokketoer mei deTsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Pesjersk (16e iuw)
  • Kapel fan Tryfon, biskop fan Rostov (1830)

Oare gebouwen fan it kompleks binne û.o.: de oan de Ferrizenis oanslutende refter (17e iuw), sellen fan de muontsen (17e iuw), seminary (17e-19e iuw), sakristy (1830) meardere poarten en tuorren út ferskate tiden en de muorren mei weargongen. Yn 2010 waard it monumint fan "De eed fan prins Pozjarsky" ûntbleate.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

Kategory:Jaroslavl Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 12e iuw Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje opheft yn 1918 Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 16e iuw


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Алена Горячева
Очень достойно! Чтобы все обойти с выставками,надо несколько часов, шикарные выставки, даже выставка иконописи -неожиданные необычные иконы!
Наталья Пикулик
Место историческое. Вкратце: здесь любил бывать Иван Грозный, сын его Федор. От стен этого монастыря Минин и Пожарский шли воевать против польских интервентов. И отсюда Михаил Романов отправил свой от
Anna Olshanskaya
27 May 2016
Красивая звонница с видом на город. Интересная архитектура, история. Неплохой кофе, куча сувениров. Забавные билеты в туалет.
Olenka Le
2 May 2015
Первый раз в Ярославле. Монастырь впечатлил. Много туристов, экскурсии каждые полчаса. Недорогие билеты. В каждое место нужно покупать отдельный билет. Погулять по территории- 30 руб
Asia Khilova
4 January 2016
Вход на территорию 30руб. Есть на что посмотреть, в сувенирной лавке много интересных сувениров
Plushevayia Plusha
13 August 2015
Очень хочется вернуться сюда) с удовольствием приедем еще!
Load more comments
foursquare.com
7.6/10
Barsuk, EnMork and 7,589 more people have been here
Map
Богоявленская пл., 25, Yaroslavl', Yaroslavskaya oblast', Russia, 150000 Get directions
Thu 11:00 AM–5:00 PM
Fri 11:00 AM–7:00 PM
Sat 10:00 AM–9:00 PM
Sun 10:00 AM–6:00 PM
Mon 11:00 AM–6:00 PM
Tue Noon–6:00 PM

Спасо-Преображенский монастырь on Foursquare

Transfiguraasjekleaster (Jaroslavl) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Ring Premier Hotel

starting $48

Yarhotel Centre

starting $33

ibis Yaroslavl Center

starting $41

Hostel Rus - Zolotoe Koltso

starting $8

Hotel Bulvar

starting $26

Uta Center Hotel

starting $31

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Часовня Казанской Богоматери (Ярославль)

Часовня Казанской Богоматери — сооружение в форме ракеты с

Add to wishlist
I've been here
Visited
Epifanytsjerke (Jaroslavl)

Epifanytsjerke

Add to wishlist
I've been here
Visited
Памятник Ярославу Мудрому (Ярославль)

Памятник основателю Ярославля князю Ярославу Мудрому расположен на

Add to wishlist
I've been here
Visited
Исторический центр Ярославля

Исторический центр Ярославля, ограниченный улицами Соби

Add to wishlist
I've been here
Visited
Которосльная набережная

Которосльная набережная — набережная по левому берегу реки Которосль в

Add to wishlist
I've been here
Visited
Сретенский храм (Ярославль)

Сретенский храм — православный храм в Ярославле, находящийся в Депутат

Add to wishlist
I've been here
Visited
Власьевская башня и Знаменская церковь

Вла́сьевская башня и Зна́менская церковь — сдвоенное здание в

Add to wishlist
I've been here
Visited
Часовня Александра Невского (Ярославль)

Часо́вня Алекса́ндра Не́вского (полное

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Mor Hananyo Monastery

Dayro d-Mor Hananyo (Turkish: Daryülzafaran Manastırı, Syriac: ܕܝ

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alcobaça Monastery

The Alcobaça Monastery (português. Mosteiro de Santa Maria de A

Add to wishlist
I've been here
Visited
Intercession Monastery (Moscow)

Intercession (Pokrovsky) Monastery (Покровский монастырь

Add to wishlist
I've been here
Visited
Paro Taktsang

Paro Taktsang (spa phro stag tshang) / (spa gro stag tshang) is one of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Savvino-Storozhevsky Monastery

The Savvino-Storozhevsky Monastery

See all similar places