Tsjerke op it Bloed (Jekaterinenburch)

Tsjerke op it Bloed

Храм-на-Крови

Lokaasje
lân 20px Ruslân
lânsdiel 20px Sverdlovsk oblast
plak 20px Jekatarinenburch
Bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2000-2003
boustyl Russysk-Byzantynsk
Oare ynformaasje
webside hram-na-krovi

De Tsjerke op it Bloed ta eare fan Alle Hilligen dy't it Russyske Lân ferljochtsje (Russysk: Храм-на-Крови во имя Всех святых, в земле Российской просиявших) is in Russyske-otterdokske tsjerke dy't boud waard op it plak fan it Ipatjevhûs yn in Jekatarinenburch, dêr't Nikolaas II, de lêste tsaar fan Ruslân, mei syn frou, bern en in tal persoanielsleden tidens de Russyske boargerkriich fermoarde waarden troch de bolsjewiken .

De eksekúsje fan de keizerlike famylje

Nei de Febrewarisrevolúsje waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn Tsarskoje Selo bûten Sint-Petersburch. Om't Aleksander Kerensky, de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan Tobolsk. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterinenburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterinenburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It Tsjechysk Legioen, dat oan de kant fan de Witen tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterinenburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.

Op de betide moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn de kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.

Ipatjevhûs

It Ipatjevhûs It Ipatjevhûs wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de Oktoberrevolúsje joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne op ôf kamen. Dit omtinken liede yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter Joeri Andropov en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte te ferlingen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillig plak en nei it begjin fan de Perestrojka kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak dat no in stik ûnlân wie. Oan de earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols waard ferwidere. It waard folge troch in twadde en letter in tredde no metalen krús.

De nije tsjerke

De oan Elisabeth Fjodorovna wijde kapel út 1991 Op 20 septimber 1990 joegen de gemeente en de tsjerklike autoriteiten tastimming oan it otterdokske bisdom Sverdlovsk om op it plak fan it eardere Ipatjevhûs in monumint te bouwen. Op 23 septimber 1992 waard úteinset mei de bou fan it tsjerke-monumint. Tegearre mei de earste stienlizzing waard in earder boude kapel ynwijd, mar as gefolch fan de drege ekonomyske sitewaasje yn Ruslân en it brek oan jild kaam de bou fuort dêrnei stil te stean. Krúsbyld mei bylden fan de keizerlike famylje Pas yn it jier 2000, nei de hilligferklearring fan de keizerlike famylje troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke, waard op it plak begûn mei nije tariedings fan de bou fan de tsjerke. Patriarch Alexius II kaam op 23 septimber 2000 nei it plak om it nije projekt te wijen. De bou fan de tsjerke eine no hurd en it doel wie om de konsekraasje fan de tsjerke op de 85e jierdei fan de moard op de Romanov's gearfalle te litten. Op 16 july 2003 wie it safier dat de tsjerke plechtich ynwijd waard.

De tsjerke is in fiifkoepelich gebou woarn mei in hichte fan 60 meter. Se is yn Russysk-Byzantynske styl útfierd, de styl fan de measte tsjerken dy't tidens it regear fan Nikolaas boud waarden. De tsjerke bestiet út in boppe- en in ûndertsjerke. Yn de ljochte boppetsjerke dy't wijd waard oan Alderheljen krige in 30 meter lange en 13 meter hege ikonostase fan seldsume soarten wyt moarmer in plak. Hjir is boppe it plak dêr't de Romanov's fermoarde waarden in iepening yn de flier oanbrocht, sa't it fan boppe ôf sjoen wurde kin. Yn de benedentsjerke, de Bloedtsjerke, binne ek de autentike resten fan it Ipatjevhûs opnommen. Hjir stiet in porsleinen ikonostase fan in lokale porsleinfabryk. It alter fan de benedentsjerke stiet op it plak dêr't de eksekúsje fan de Romanov's plakfûn. Hjir is ek in museum ûnderbrocht mei in eksposysje dy't wijd is oan de lêste dagen fan de Romanov's en in auditoarium mei 160 sitplakken. Ek jout de tsjerke ûnderdak oan in sneinsskoalle en wurdt der Bibelûnderwiis jûn.

Op 27 novimber 2002 waard by de Tsjerke op it Bloed de earste stien lein foar de bou fan it patriarchale kleaster mei de Nikolaastsjerke, dat yn 2003 ree kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

Kategory:Tsjerkegebou yn Ruslân


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Katerina ???? Mayer
27 January 2015
Работники всегда приветливы???? , в самом храме свежо и просторно ????????, чистота везде???? ???? Охранник и работники всегда помогут ????,подскажут где какие иконы и помогут налить воды ????
Cleo Rothman
25 February 2019
Этот храм был построен на руинах Дома Ипатьева.У храма тоже интересная история.Он веселье место смотреть.Я рекомендую что пойти в Воскресенье.У них сервисы и они интересный в этом красивом храме.
Tatiana ????
4 November 2014
Историческое место! Потрясающее священное сооружение православных христиан! Место гибели царственной семьи Николая II. Посетите, очень проникновенно.
Евгений Володин
Один из красивейших храмов Екатеринбурга! Интереснейшее историческое место города. Всем советую посетить, особенно гостям города. ????????????
Анастасия Борисова
Невероятно красивое величественное здание!! Его мощь и красота завораживает, а памятник спуска семьи Романовых в подвал заставляет задуматься... Невероятный уникальный храм!
Ксения Глухова
13 February 2017
Очень хорошая энергетика на русской земле????????
Load more comments
foursquare.com
8.7/10
Ekaterina, EnMork and 7,787 more people have been here
Map
Ulitsa Tolmacheva, 34, Yekaterinburg, Sverdlovskaya oblast', Russia, 620075 Get directions
Fri Noon–8:00 PM
Sat 11:00 AM–11:00 PM
Sun Noon–9:00 PM
Mon 1:00 PM–8:00 PM
Tue 1:00 PM–10:00 PM
Wed 1:00 PM–9:00 PM

Храм на Крови / Church on Blood on Foursquare

Tsjerke op it Bloed (Jekaterinenburch) on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Marins Park Hotel

starting $42

Hotel Sverdlova 27

starting $35

Apartments Travel Club

starting $0

Kristall Hotel

starting $8

capsule hotel ORION

starting $11

Amigo Hotel

starting $22

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Rastorguyev-Kharitonov Palace

The Kharitonov Palace is arguably the grandest palatial residence in

Add to wishlist
I've been here
Visited
Дом Метенкова

Фотографический музей «Дом Метенко́ва» — единствен

Add to wishlist
I've been here
Visited
Եկատերինբուրգի պատմության թանգարան

Музей истории Екатеринбурга расположен в нескольких

Add to wishlist
I've been here
Visited
Տարասովի առանձնատուն

Купцы Тарасовы обосновались на набережной городского пруд

Add to wishlist
I've been here
Visited
Museum of History of Stone-Cutting and Jeweler Art

Музей истории камнерезного и ювелирного искусства в Е

Add to wishlist
I've been here
Visited
Dům Sevasťanova

Дом Севастья́нова в Екатеринбурге (также известный как Дом проф

Add to wishlist
I've been here
Visited
Памятник Я. М. Свердлову

Скульптор М. Я. Харламов, архитектор С. В. Домбровский. Установлен на

Add to wishlist
I've been here
Visited
Екатеринбургский театр оперы и балета

Екатеринбургский государственный академический театр оперы и ба

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Bertetsjerke

Bertetsjerke

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alexander Nevsky Cathedral, Sofia

The St. Alexander Nevsky Cathedral (български. Храм-пам

Add to wishlist
I've been here
Visited
Alexander Nevsky Cathedral, Tallinn

The Alexander Nevsky Cathedral is an orthodox church in the Tallinn

Add to wishlist
I've been here
Visited
Tsjerke fan de Profeet Elía (Jaroslavl)

Profeet Elíatsjerke

Add to wishlist
I've been here
Visited
Batumi Cathedral of the Mother of God

The Church of the Mother of God (Georgian: ბათუმის ღვთისმშობლის

See all similar places