Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan Tûla

Untsliepeniskatedraal

Успе́нский собо́р

lokaasje
lân 20px Ruslân
oblast 20px Tûla
plak 20px Tûla
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1762-1766
arsjitekt Net bekend
boustyl Barok

De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods yn it kremlyn fan Tûla (Russysk: Успенский собор Тульского кремля) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Tûla. De katedraal stiet yn it kremlyn fan Tûla tichteby de Kazantoer en is it bekendste tsjerkegebou fan de stêd. De katedraal waard tusken 1762 en 1766 boud. De tafoeging "yn it kremlyn fan Tûla" is om de katedraal te ûnderskieden fan in katedraal mei deselde namme dy't krekt efkes bûten de muorren fan it kremlyn stiet.

Skiednis

Oarspronklik stie der yn it kremlyn fan Tûla in houten katedraal út 1626, dy't wijd wie oan de Aartsingel Gabriël. De earste stiennen katedraal waard yn de jierren 1670-1680 boud en wijd oan de ûntsliepenis fan de Mem Gods. Noch gjin iuw letter rekke de katedraal yn ferfal en folge der ôfbraak.

Mei de bou fan de hjoeddeiske katedraal waard op 7 maaie 1762 útein set. Al nei twa jier wie it eksterieur fan de nijbou foltôge. De wijing folge lykwols net earder as op 19 oktober 1766. De Untsliepeniskatedraal wie in ûnferwaarme tsjerke en tsjinsten fûnen allinnich fan Peaske oant de Foarbeatiid plak. De katedraal foar de lêste restauraasje De toer nei de brân (1936) Seis jier letter waard in begjin makke oan de bou fan in klokketoer, dy't yn 1781 ree kaam. Fan binnen waard de katedraal fan 1765 oant 1767 beskildere troch skilders út Jaroslavl, dy't wurken yn de bêste tradysje fan de Jaroslavl-skoalle.

Yn de Sovjet-tiid waard de katedraal yn 1930 sletten. It wie it doel om der in ateïstysk museum yn ûnder te bringen, mar dy plannen waarden nea realisearre. In pear jier letter waarden in tal ikoanen en liturgysk materjaal fan de katedraal oerbrocht nei de Nikolaastsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich naam de belangstelling fan it arsjitekturale belang fan de eardere tsjerke stadichoan ta. Yn 1961 tsjinne it gebou as pakhûs foar produkten.

De restauraasje fan de katedraal sette yn maaie 1965 útein, in jier nei't al begûn wie mei ûndersyk nei en de restauraasje fan it kremlyn. Nei in renovaasje oan it tek, it fergulden fan de sipels en reparaasjes oan it muorrewurk waard yn de jierren 1980 begûn mei de restauraasje fan de ikonostase. Fan ôf 1988 begûnen Moskouse keunstners ek mei de restauraasje fan de fresko's yn de tsjerke. In lêste restauraasje fûn plak yn 2013. De koepels waarden op'e nij fergulde en de tsjerke griis farve.

Yn 1991 waard de Untsliepeniskatedraal wer oan it bisdom Tûla oerdroegen.

Klokketoer

De fjouwer ferdjippings tellende klokketoer waard fan 1772 oan 1776 boud. Yn de toer kamen 22 klokken te hingjen en dêr boppe waard in oerwurk pleatst. Under de toer waard in ferwaarme tsjerke ta eare fan Tichon fan Amathus ynrjochte. De tsjerke yn de klokketoer waard yn 1894 oerdroegen oan de lytse mienskip fan de âldleauwenden, dy't yn it begjin fan de 20e iuw in eigen tsjerke bouwe lieten.

Yn de jûn fan 28 septimber 1936 bruts in brân yn de boppenste ferdjippings fan de toer út. Om't de druk fan de wetterslangen net tarikkend wie, slagge it allinnich om de ûnderste ferdjippings fan de toer te behâlden. De brân feroarsake ek skea oan de fresko's oan de westlike kant fan de tsjerke. Fanwegen de nuodlike sitewaasje foar it ferkear om de toer hinne, waard der yn 1937 besletten om de toer folslein ôf te brekken.

De rekonstruksje fan de klokketoer sette yn 2012 útein. Nei de rekonstruksje fan de toer waard op de earste ferdjipping wer in tsjerke iepene. De oan Dimitri Donskoi wijde tsjerke waard op 12 septimber 2015 konsekrearre.

Yn 2015 waard de klokketoer tegearre mei de restaurearre katedraal feestlik iepene.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]

Kategory:Tûla Kategory:Katedraal yn Ruslân Kategory:Bouwurk út 1766


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
There are no tips nor hints for Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan Tûla yet. Maybe be you will be the first one to post useful information for fellow travellers? :)
3.3/10
165 people have been here
Map
Mendeleyevskaya Ulitsa, 12в, Tula, Tulskaya oblast', Russia, 300041 Get directions

Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan Tûla on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
Sk Royal Tula Hotel

starting $70

Boutique hotel Turgenev

starting $144

Armenia Hotel

starting $56

Apartaments on Prospekt Lenina 19

starting $45

Apartaments on Krasnoarmeyski prospekt 1

starting $29

Podvorye Hotel

starting $27

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Tula Kremlin

Tula Kremlin (русский. Тульский кремль) is a fortress in Tula, Ru

Add to wishlist
I've been here
Visited
Музей «Тульські самовари»

Музей «Тульські самовари» — музей в Тулі, містить велику колекцію

Add to wishlist
I've been here
Visited
Преображенский храм (Тула)

Преображенский храм — православный храм в Туле.

Add to wishlist
I've been here
Visited
Успенский монастырь (Тула)

Успенский монастырь — упразднённый женский православный монастырь в

Add to wishlist
I've been here
Visited
Благовещенская церковь (Тула)

Храм Благовещения Пресвятой Богородицы — старейший п

Add to wishlist
I've been here
Visited
Cerkiew św. Nikity Nowogrodzkiego w Tule

Храм Никиты Новгородского — заброшенный православный храм в Туле.

Add to wishlist
I've been here
Visited
Покровская церковь (Тула)

В Туле также находится Храм Покрова Пресвятой Богородицы. Шаблон:

Add to wishlist
I've been here
Visited
Храм Покрова Пресвятой Богородицы (Тула)

Храм Покрова Пресвятой Богородицы — недействующий православный храм

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Basiliuskatedraal

De Basiliuskatedraal is ien fan de meast ferneamde gebouen fan Moskou

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kazan-katedraal (Sint-Petersburch)

De Katedraal fan Us Leaffrou fan Kazan of yn't koart de

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sint-Volodymyrkatedraal (Kiëv)

Sint-Volodymyrkatedraal

Add to wishlist
I've been here
Visited
Kristus-Ferlosserkatedraal

De Kristus-Ferlosserkatedraal (Russysk: Храм Христа Спасителя

Add to wishlist
I've been here
Visited
Saint Sophia Cathedral in Kiev

Saint Sophia Cathedral in Kiev (ukrainian: Собор Святої Софії, Sob

See all similar places