Visotski-kleaster

Visotski-kleaster

Высоцкий монастырь

lokaasje
lân 20px Ruslân
oblast 20px Moskou
plak 20px Serpoechov
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 15e iuw of earder
oare ynformaasje
webside visotskymonastir.ru

It Kleaster fan Visotski (Russysk: Высоцкий монастырь) is in otterdoksk manljuskleaster yn Serpoechov, ien fan de âldste stêden fan de oblast Moskou, Ruslân. Yn it kleaster wurdt it "Ikoan fan de ûnútputlike Tsjelk" fereare.

Skiednis

Fresko fan de stifter fan it kleaster, prins Vladimir de Dappere It kleaster waard mei de segen fan de Russyske nasjonale hillige Sergius fan Radonezj stifte troch prins Vladimir de Dappere, in neef fan Dmitri Donskoi. Dat soe bard wêze yn 1373. De bou fûn plak op in hege heuvel oan de igge fan de rivier de Nara, tichteby it gearrinnen mei de Oka. It Visotski-kleaster wurdt foar it earst neamd yn 15e-iuwske kroniken.

Under de Tartaarske ynvaazjes yn de 16e iuw waard it kleaster ferneatige, mar nei't de rêst yn de kontreien werom kearde waard it kleaster op gruttere skaal wer opboud. Ut die tiid stamt ek de fiifkoepelige katedraal, werfan't de bou troch Ivan de Ferskriklike finansierd waard. It is hast mei wissichheid te sizzen dat de katedraal in kalkstiennen foargonger hie.

Yn it midden fan de 17e iuw krige it kleaster stiennen muorren en fjouwer hoektuorren om it better ferdigenje te kinnen. It rivalisearre mei it Vladinitsjni-kleaster, it âldste kleaster fan Serpoechov en ferwolkomme rike begeunstigers dy't mar wat graach binnen de muorren fan it kleaster begroeven wurde woene. Dêrûnder wienen bygelyks Gavriil Ivanovitsj Golvokin, de kânselier fan Peter de Grutte, en Fjodor Soimonov, de goeverneur fan Sibearje.

It kleaster fierde it 500-jierrich bestean mei de bou fan de Alderheljentsjerke, dy't neffens Roman Klein neffens de doe jildende moade yn neo-byzantynske styl boud waard. De tsjerke waard ferneatige nei de Oktoberrevolúsje, doe it kleaster oan Letse troepen oerdroegen waard om as kazerne te tsjinjen. Tsjin de ein fan de Sovjet-tiid wie it kleaster tige ferfallen en wie der noch mar in part fan de oarspronklike bemuorring yntakt.

Nei de weromjefte oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn 1991 waard fuortendaliks út ein set mei de restauraasje fan it kompleks. Ek de ûntbrekkende dielen fan de bemuorring binne wer rekonstruearre.

Ikoan fan de Unútputlike Tsjelk

It kleaster wurdt in soad troch pylgers besocht fanwegen it Ikoan fan de Unútputlike Tsjelk. De ûnútputlike tsjelk stiet foar de ûneinige genede fan de Hear en it ikoan soe helpe by it bestriden fan alkoholisme. It orizjinele ikoan gyng nei de Oktoberrevolúsje ferlern, mar ek de replika út 1992 lûkt in soad pylgers. Is soe net allinne helpe tsjin drankferslaving, mar ek tsjin smoken en oare ferkearde oanwênsten.

Tsjerken

Ofbyld Namme en beskriuwing Foltôge yn
150px De Katedraal fan de Untfinzenis fan de hillige Anna stamt út de 16e iuw en waard boud op it plak fan in âldere stiennen tsjerke. De katedraal mei fiif blauwe koepels waard sletten yn de jierren 1920 en renovearre yn 1970 en oan de Tsjerke werom jûn. 16e iuw
150px De Tsjerke fan Sergius fan Radonezj (op it ôfbyld lofts fan de fiifkoepelige katedraal) is in trije ferdjippings tellende tsjerke út de 17e iuw, dy't súdeastlik oan de katedraal grinzget. De tsjerke waard boud op it plak fan in âldere oan Nikolaas wijde kapel fan de katedraal en is yn de jierren 1990 fasearre wer yn gebrûk nommen. 17e iuw
150px De Tsjerke fan de trije grutte Hiërarchen boppe de westlike poarte fan it kleaster waard tusken 1831 en 1840 boud op it plak fan in âlder gebou fan 1727. It neoklassisistyske gebou waard yn 1920 sletten, mar yn de jierren 1970 renovearre. Yn 1991 wie der foar it earst wer in tsjinst. 1840
150px De Tsjerke fan de Foarbea stiet westlik fan de katedraal. Oan de yn de neoklassisistyske styl boude tsjerke slút de refter oangebouwd. It oansjen fan de hjoeddeiske tsjerke stamt út de ferbouwing fan 1834-1835. De tsjerke waard yn 1931 sletten foar de earetsjinst en is yn 1991 werom jûn oan de Tsjerke. 1835
150px De eklektyske Alderheljentsjerke is in tintfoarmich bouwurk op it tsjerkhôf achter de eastlike muorre fan it kleaster. De tsjerke is boud yn de jierren 1893-1896 as de grêftsjerke fan in lokale keapman. Yn de jierren 1920 is de tsjerke sletten en ûnder Sovjettiid in boufal woarn; de tsjerke is koartlyn restaurearre. 1896
De Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan de ûnútputlike Kelk is in ienkoepelige tsjerke, dy't om de iuwwikseling hinne boud waard yn it gastenferbliuw fan it kleaster en grinzget súdeastlik oan it kleasterkompleks. Ein 20e iuw/Begjin 21e iuw

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:Vysotsky Monastery

Kategory:Kleaster yn Ruslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Bouwurk út 1840 Kategory:Bouwurk út 1835 Kategory:Bouwurk út 1896 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1373 Kategory:Organisaasje opheft yn 1918 Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1991


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Tatyana Generalova
18 April 2013
В подмосковном Серпухове, на высоком левом берегу реки Нары, верстах в трех от ее впадения в Оку, живописно раскинулись строения древней обители, называемой Серпуховской Высоцкий мужской монастырь.
Tatyana Generalova
18 April 2013
А так же основан он по благословению преподобного Сергия Радонежского, поставившего в первые настоятели монастыря любимого ученика своего Афанасия.
Julia Korobova
9 October 2019
Мне очень понравилось, были в будни, людей мало, замечательное место!
Tatyana Generalova
18 April 2013
Основан он в 1374 году Серпуховским князем Владимиром Андреевичем Храбрым, сподвижником в ратных делах своего двоюродного братавеликого князя Димитрия Иоанновича Донского
Nadia *
26 August 2017
Пирожки у входа в монастырь! И сбитень!)
Kate Kokotova
2 December 2014
Посмотрите на кусочек света из внутреннего дворика монастыря через арку. Непередаваемо
Load more comments
foursquare.com
7.9/10
Evgenia Zhukova, Nikolay Pegasov and 4,662 more people have been here
Sun 9:00 AM–9:00 PM
Mon Noon–5:00 PM
Tue 2:00 PM–5:00 PM
Wed Noon–1:00 PM
Thu 2:00 PM–5:00 PM
Fri Noon–4:00 PM

Высоцкий мужской монастырь on Foursquare

Visotski-kleaster on Facebook

Hotels nearby

See all hotels See all
TsarGrad Hotel

starting $84

Korston Hotel Serpukhov

starting $57

Park-Hotel Vozdvizhenskoe

starting $59

Welna Eco Spa Resort

starting $72

Park Hotel Drakino

starting $50

Gallery Art Hotel

starting $36

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Введенский Владычный монастырь

Серпухо́вский Влады́чный Введе́нский же́нский монасты́рь (в церковных

Add to wishlist
I've been here
Visited
Серпуховский кремль

Серпуховский кремль — расположен на левом берегу Нары, на Соборной г

Add to wishlist
I've been here
Visited
Church of Our Savior Not Made by Hands in Serpukhov

Church of Our Savior Not Made by Hands in Serpukhov (Russian: Храм Спа

Add to wishlist
I've been here
Visited
Prioksko-Terrasny Nature Reserve

Prioksko-Terrasny Nature Biosphere Reserve (Russian:

Add to wishlist
I've been here
Visited
Васильевски (Серпухован кӀошт)

Васи́льевское — деревня в Серпуховском районе Мо

Add to wishlist
I've been here
Visited
Пущино-на-Оке

Пущино-на-Оке — загородная усадьба на северо-западе современного город

Add to wishlist
I've been here
Visited
Разрушенная мельница (Юрятино)

Мельница построена предположительно в конце XIX - начале XX (или в к

Add to wishlist
I've been here
Visited
Pushchino Radio Astronomy Observatory

Pushchino Radio Astronomy Observatory is a Russian (former Soviet)

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Savvino-Storozhevsky Monastery

The Savvino-Storozhevsky Monastery

Add to wishlist
I've been here
Visited
Serafim-Diveevo Kleaster

Serafim-Diveevo Kleaster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Nikolaas-Oegresja Kleaster

Nikolaas-Oegresja Kleaster

Add to wishlist
I've been here
Visited
Troyan Monastery

The Monastery of the Dormition of the Most Holy Mother of God

Add to wishlist
I've been here
Visited
Sinaia Monastery

The Sinaia Monastery was founded by Prince Mihai Cantacuzino in 1695

See all similar places