York Minster

Katedraal fan York

York Minster

lokaasje
lân 20px Ingelân
greefskip 20px Noard-Yorkshire
plak 20px York
adres Deangate, York YO1 7HH
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 12e iuw-1472
boustyl Gotyk
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
hichte 72 meter (sintrale toer); 60 meter (westlike tuorren)
lingte 159.9 meter
webside Side katedraal

De Katedraal en Metropolitane Tsjerke fan Sint-Petrus (Ingelsk: Cathedral and Metropolitical Church of Saint Peter), gewoanwei de York Minster, yn de Ingelske stêd York is de katedraal fan it Anglikaanske aartsbisdom York. De aartsbiskop is de tredde yn rang fan de Tsjerke fan Ingelân (Church of England). De katedraal wurdt bestjoerd troch de deken en it kapittel. De titel Minster is takend oan tsjerken dy't stifte binne yn de angelsaksyske tiid as missytsjerken en is tsjintwurdich in earetitel. It is ien fan de grutste katedralen fan Noard-Jeropa.

De minster hat in tige breed goatysk skip, in kapittelhûs, in koer, in eastlike ôfsluting yn perpendicular styl en in noardlik en súdlik transept yn de ier Ingelske gotyk. It westlike raam fan it skip datearret út 1338 en it eastlike raam yn de Marijkekapel (Lady's Chapel) stamt út 1408. Beide finsters hawwe de grutste kolleksje fan midsiuwske brânskilderd glês fan 'e wrâld. Plattegrûn fan de tsjerke

Skiednis

De skryn fan Walter de Gray, dy't de oanset joech ta de bou fan in goatysk gebou York hat al sûnt de fjirde iuw in kristlike mienskip. De earste bekende tsjerke op it plak wie in houten gebou dat gaueftich boud wie foar de doop fan Edwin, kening fan Northumbria. In gebou dat wat mear op in tsjerke waard yn 637 foltôge en wijd oan de apostel Petrus. De tsjerke rekke lykwols al gaueftich yn it neigean en doe't yn 670 Sint-Wilfryd biskop waard liet er de tsjerke opknappe en fernije. Doe waard ek in by de tsjerke hearrende skoalle en bibleteek stifte, dy't yn de 8e iuw al by de grutsten fan Noard-Jeropa hearden.

Yn 741 ferneatige in brân de tsjerke. De ôfbaarnde tsjerke waard ferfongen troch in grutter gebou mei wol tritich alters. Dêrnei krigen de kontreien lykwols lêst fan in grut tal ynfallen en leit de skiednis fan de tsjerke oant de 10e iuw yn it tsjuster. Ynterieur kapittelhûs Nei't de tsjerke yn 1069 skeind waard by de plonderingen fan Willem de Oermasterer fan it Noarden, liet de earste Normandyske aartsbiskop, Thomas fan Bayeux, dy't yn 1070 arrivearre, de tsjerke wer opmeitsje. De Denen ferneatigen de tsjerke yn 1075 en ek doe waard de tsjerke wer opboud. Yn dy tiid wie de tsjerke in gebou fan 111 meter lang fan Normandyske styl. De nijbou waard yn 1137 troch brân skansearre, mar waard al gau reparearre. It koer en de krypte waarden yn 1154 renovearre en in nije kapel waard boud, allegear yn de Normandyske styl.

Yn it midden fan de 12e iuw rekke de goatyske styl yn 'e moade. Under aartsbiskop Walter de Gray waard opdracht jûn om lykas yn Canterbury in goatyske tsjerke te bouwen. De bou begûn yn 1220 en yn 1250 wiene it noardlike en súdlike transept de earste dielen dy't yn iere goatyske styl foltôge waarden. Tagelyk waard ek it wurk oan de sintrale toer mei in houten spits ôfsletten.

De bou fan de goatyske tsjerke soe noch oant yn de 15e iuw trochgean. It kapittelhûs folge tusken 1260 en 1296. Op de âlde fûneminten fan de Normandyske tsjerke waard fanôf 1280 útein set mei de bou fan it brede skip. It dak wie foltôge yn 1330, mar it wurk oan it ferwulft gyng noch troch oant 1360. De bou gyng doe fierder mei it eastlike diel fan de tsjerke en de kapellen. It lêste diel fan de Normandyske tsjerke, it koer, waard yn de jierren 1390 sloopt. It wurk dêr wie om 1405 hinne foltôge. De westlike tuorren stamme út 1433-1472. Yn 1472 koe de foltôge katedraal konsekrearre wurde.

Reformaasje

Brânskilderd raam fan de berte fan Kristus De brek mei Rome troch Hindrik VIII liede ta de plondering fan de tsjerke mei syn skatten. Ek foardere Hindrik VIII it grûnbesit fan de tsjerke. Under it regear fan Elizabeth I waard besocht om alle katolike spoaren te ferwiderjen; de alters, de tombes en in soad ruten waarden ferneatige. Yn de Ingelske Boargerkriich foel de tsjerke yn 1644 yn hannen fan de troepen fan Oliver Cromwell, mar de opperbefelhawwer Thomas Fairfax wist fierdere skansearring fan it bouwurk tefoarren te kommen.

Doe't de religieuze spannings yn it lân wer wat ôfnamen wie der ek wer tiid om de tsjerke wer wat op te knappen. Tusken 1730 en 1736 krige de tsjerke in nije flier fan moarmer en fanôf 1802 sette in grutte renovaasje útein. Op 2 febrewaris 1829 feroarsake de pyromaan Jonathan Martin grutte skea oan de eastlike earm troch brânstifting. In oare brân yn 1840 ferwoastge de dakken fan it skip, de súdwestlike toer en it súdlike sydskip. De tsjerke rekke djip yn de skulden en yn 1850 koene der gjin tsjinsten mear fierd wurde. Fanôf 1858 wurke Augustus Duncombe mei súkses oan it herstellen fan de katedraal yn de âlde gloarje.

20 iuw

Ek yn de 20e iuw waard der in soad wurke oan it behâld fan de katedraal. Benammen nei't yn 1967 út in ferslach bliken die dat it gebou, benammen de sintrale toer, op ynstoarten stie. Der waard £ 2.000.000 ynsammele om dêrmei de fûneminten te ferstevigjen en it dak te renovearjen. By de opgravings waarden ûnder it súdlike transept de resten fan de noardlike hoek fan it romeinske principia, it haadgebou fan it romeinske fort, fûn. Roasfinster súdlik transept In brân op 9 juny 1984 as geolch fan bliksemynslach ferwoastge it dak fan it súdlike transept. De brânwar die alle war om it roasfinster te beskermjen en dat it fjoer net nei de toer en it oargel oersloech. Oerenlang waard der dwêste oant it dak fan it transept ynstoartte. De restauraasje duorre oant 1988. Yn 2007 sette in renovaasjes oan it eastlike diel útein, ynklusyf it grutte eastlike raam.

Arsjitektuer

De katedraal is de op ien nei grutste goatyske katedraal fan Noard-Jeropa en fertsjintwurdiget alle stadia fan de Ingelske goatyske arsjitektuer, fan de ier Ingelske goatyk oant de perpendicular perioade. It hjoeddeiske gebou stamt út it tiidrek 1230-1472. De katedraal is de grutste goatyske katedraal dy't noch yn de goatyske tiid sels foltôge waar. De grutste goatyske tsjerke, de Keulse dom, bleau noch 350 jier oant 1880 ûnfoltôge. De katedraal hat in grûnfoarmich plan mei in achthoekich kapittelhûs, dat oan it noardlik transept mei in gong ferbûn is, in sintrale toer en twa westlike tuorren. De fan kalkstien boude tsjerke is 159.9 meter lang en de hichte fan de sintrale toer 72 meter. De hichte fan it ynterieur fan it koer is 31 meter.

Aldste dielen fan de katedraal binne it noardlik en súdlik transept. Se hawwe ienfâldige lânsetfinsters, wêrûnder de Fiif Susters (Five Sisters) fan it noardlik transept. It súdlike transept hat dêrfoar oer in roasfinster mei glês út likernôch 1500; it betinkt de uny fan de keningshûzen fan York en Lancaster. De dakken binne fan hout en dat fan it súdlike transept waard nei de brân fan 1984 ferfongen. De slútkaaien dêr hawwe nije ûntwerpen. It skip fan de Minster It skip waard tusken 1291 en 1350 boud en is yn de saneamde decorated styl. It is it breedste skip fan Ingelân en hat in houten ferwulft, mar is sa skildere dat it op in stiennen ferwulft liket. De sydskepen hawwe in stiennen ferwulft. Westlik is it grutte finster, dat bekend stiet ûnder de namme Heart of Yorkshire. Rige kenings yn it doksaal Marijekapel mei eastlik raam It eastlike diel fan de Minster datearret út de perioade 1361-1405 en fertsjintwurdiget de perpendicular styl. Al is it eastlike ein yn in oare goatyske styl, dat te sjen is oan de details lykas yn it maaswurk en de kapitelen, it bliuwt it ûntwerp fan it skip folgjen. It eastlike ein bestiet út in fjouwer traveeën tellend koer mei in twadde transept (dat allinne healwei it muorrewurk útstekt en tsjinnet om it haadalter te ferljochtsjen) en mei de Marijekapel (Lady's Chapel) einiget. Achter it heechalter is it tusken 2015-2016 restaurearre Grutte Eastlike Raam (Great East Window), mei it grutste oerflak oan midsiuwsk glês. Under it raam is in yn oktober 2012 iepene koepel (the Orb), dêr't besikers it wurk fan de midsiuwske glesker John Thornton fan tichteby sjen en sa de opmerklike details fan elk paneel ûntdekke kinne.

Tusken 1407 en 1472 waard de sintrale toer yn de perpendicular styl boud. Under de ienfâlidich útfierde toer stiet it doksaal út de 15e iuw, dat it koer fan it skip skiedt. Yn it doksaal steane ûnder stiennen en fergulde baldekinen foar in reade achtergrûn bylden fan de kenings fan Ingelân fan Willem de Oermasterer oant Hindrik VI fan Ingelân. Boppe it doksaal stiet it oargel út 1832. Oars as de sintrale toer binne de twa westlike tuorren ryklik fersierd en hawwe se kantelen en elk acht pinakels, ek wer yn perpendicular styl.

It achthoekige kapittelhûs waard yn 1280 boud en is mei it noardlike dwersskip ferbûn. It kapittelhûs hat in stjerferwulft.

Ferwulft

Brânskilderd glês

Guon dielen fan it glês-yn-lead fan de katedraal geane werom op de 12e iuw. In soad ramen binne ymportearre út Dútslân en waarden bewurke yn York. It 23 meter hege grutte eastlike raam waard yn de 15e iuw makke troch John Thornton. Neffens de katedraal besit it finster it grutste oerflak midsiuwske glês-yn-lead fan Ingelân.

Under de oare 128 ramen (mei likernôch twa miljoen ôfsûnderlike stikken glês) binne ek it grutte westlike raam (Great West window), in roasfinster en de 16.3 meter hege Fiif Susters. De ramen bestrike in grut tiidrek fan hûnderten jierren. Yn de beide wrâldoarlogen binne sse foar de feiligens útboud en letter werom set.

Oargel

Doksaal en oargel De brân fan 1829 ferneatige it oargel en it hjoeddeiske oargel giet werom op de doedestiidske nijbou fan Elliot en Hill út 1832. It oargel waard yn 1859 mei behâld fan it front en de grutste pipen op 'e nij boud troch William Hill & Sons. Yn 1903 boude J.W. Walker & Sons achter itselde front in nij ynstrumint mei behâld fan ferskate registers.

Yn 1918 wurke Harrison & Harrison oan it oargel en waard de Tuba Mirabilis tafoege en de Great chorus revisearre. Yn 1931 waarden in nije spyltafel boud, de traktueren elektro-pneumatysk oanlein en fjouwer nije registers tafoege. Yn de jierren 1960-1961 waard it oargel troch J.W. Walker & Sons (Londen) nochris reogeanisearre en oant 78 registers útwreide. Itselde oargelbedriuw makke it ynstrumint yn 1982 skjin.

De brân fan 1984 brocht skea oan it oargel, mar it wie te reparearjen, De skea ferhastige lykwols de tiid foar in grutte restaurasasje, dy't yn 1991 útein sette en twa jier letter troch Principal Pipe Organs út York foltôge waar û.l.f. syn stifter Geoffrey Coffin. Tsjintwurdich hat it oargel 84 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk. De [pipen binne oan de bûtenkant beskildere.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: :en:York Minster

Kategory:York York Minster Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út 1472


Listed in the following categories:
Post a comment
Tips & Hints
Arrange By:
Keith Pitt
10 March 2015
Amazing on the inside. If you're an atheist and don't want to be giving cash to the religion, the entrance fee goes to maintaining it as a historical site. The guided tours are fun and are worth it.
Ish Rai
13 August 2017
Beautiful church inside and out - definitely a must to see. Compared to all of the decorative churches from around Europe. Always a queue but it moves fast. Landmark scenic
Dominic Bull
21 July 2013
Undercroft refurb is well worth a visit and is included in general admission. Great views from the top of the tower (up 280+ steps) although it's an extra £5 on the standard admission price.
Chris Phillips
24 October 2014
One of the most beautiful gothic cathedrals in the world. The best way to appreciate it is to come to Mass or Choral Evensong - just ask the guides for times.
Pink 386
26 March 2023
Beautiful cathedral inside and out, made out of limestone. Second largest Gothic cathedral in Northern Europe apparently. Stain glass windows are breath taking. Also don't miss The Kings Screen
Viktor Menshikov
25 July 2015
Вход 10£. Вход и подъем на башню - 15£. Платный вход внутрь собора - это чересчур. Понятно в подземелье, понятно на башню, но просто 10£ за вход внутрь с человека...
Load more comments
foursquare.com

Hotels nearby

See all hotels See all
Judges Court

starting $212

Hilton York Hotel

starting $191

Park Inn by Radisson York

starting $0

PARK INN

starting $0

The Queens Hotel

starting $129

Centurion Square

starting $0

Recommended sights nearby

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
York Art Gallery

York Art Gallery in York, England is a public art gallery with a

Add to wishlist
I've been here
Visited
Mansion House, York

Mansion House in York, England is the home of the Lord Mayor of York,

Add to wishlist
I've been here
Visited
The Shambles

The Shambles (official name Shambles) is an old street in York,

Add to wishlist
I've been here
Visited
Anglian Tower

The Anglian Tower is the lower portion of a tower on the city walls of

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Mary's Abbey, York

The Abbey of St Mary in York, England, is a ruined Benedictine abbey

Add to wishlist
I've been here
Visited
Yorkshire Museum

The Yorkshire Museum is a museum in York, England. It is the home of

Add to wishlist
I've been here
Visited
Guildhall, York

York Guildhall is located behind the York's Mansion House and was

Add to wishlist
I've been here
Visited
York Museum Gardens

The York Museum Gardens are botanic gardens in the centre of York,

Similar tourist attractions

See all See all
Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Coventry

Katedraal fan Coventry

Add to wishlist
I've been here
Visited
St Paul's Cathedral, Melbourne

St Paul's Cathedral, Melbourne, is the metropolitical and cathedral

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Durham

Katedraal fan Durham

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Gloucester

Katedraal fan Gloucester

Add to wishlist
I've been here
Visited
Katedraal fan Liverpool

Katedraal fan Liverpool

See all similar places